Salomon Levy
Salomon Levy (Hessen, om 1750 - Ljouwert, 17 maart 1798) wie in slachter en keapman dy't oan 'e ein fan 18e iuw tahâlden hat yn de omkriten fan Kollumersweach en De Westereen. Levy is bekend wurden fanwege syn feroardieling ta de dea foar syn oandiel yn it Kollumer Oproer.
Komôf
bewurkje seksjeSa't syn namme al oanjout wie Salomon Levy fan joadsk komôf. Hy waard om 1750 hinne berne yn de Dútske steat Hessen. Wêrom't Levy krekt yn de omkriten fan Kollum bedarre, is net bekend. Wol is it sa dat yn dy tiid in soad keaplju út de Dútske steat Hessen alle jierren mei harren negoasje nei Nederlân tôgen, oer de saneamde Hessewegen. Ek Levy kaam sa, fia de omkriten fan Paderborn en Múnster, nei Grinslân, nei IJmetil.
Grinslân
bewurkje seksjeYn IJmetil hat er yn 1787 nei alle gedachten koart wenne by Izaäk Abrahams, dy't ek joadsk wie en him dêr festige hie. Yn de 18e iuw wiene der tal fan beheinings foar joaden. Se wiene net frij om har te fêstigjen en waarden mar yn in pear beroppen talitten. Slachter en keapman wiene yn Grinslân de iennige beroppen dy't oan joaden tastien wiene. Abrahams hat ek grif ien fan dy beroppen hân. Levy krige tastimming om him te fêstigjen yn Nijesyl by Gryptsjerk. Hy waard dêr yndie slachter en keapman, en hy huze dêr mei de net-joadske Fokje Theunis (1759, Boerum). Tegearre krigen se yn 1788 in soantsje, Theunis. Nei in jier of 3 as 4 ferfear it húshâlden nei de Westereen, nei sizzen fan Levy om't er tocht dat er dêr in better bestean as slachter en keapman hawwe soe.
Earne yn de earmoedige omkriten fan De Westereen en Kollumersweach moat er ek wenne hawwe mei de likernôch like âlde Fokje Theunes (njonken Theunis krigen se noch twa famkes, Ytsje en Aaltsje.)
It wie yn de Wâlden eartiids gjin fetpot en Levy hie muoite om syn kostje by inoar te skarreljen. Hy soe foar lytse fergripen fjouwer kear foar it gerjocht ferskine. Mooglik spile lykwols ek syn joadsk komôf mei by de beskuldigings. Yn alle gefallen waard er mar ien kear feroardiele, ta in jier tichthûs foar it oanbieden fan stellen guod.
Kollumer oproer
bewurkje seksjeSyn belutsenens by it Kollumer Oproer fan 3 en 4 febrewaris 1797 soe him lykwols needlottich wurde. De direkte oanlieding fan dat opskuor wie de arrestaasje fan in drinkebroer, Abele Reitses dy't yn in herberch lûd ferkundige dat alles stikken better wie doe't de prins der noch wie en Fryslân noch in autonoom gewest. Salomon Levy soe oanfierder west hawwe fan in ploech rebellen dy't Reitses yn Kollum ûntset hawwe. Boppedat soe hy de bekende patriot Abel Keuning drige hawwe "oan repen te snijen". Keuning waard letter by Dokkum yndied molestearre.
Begjin 1797 waard Jan Binnes foar syn oandiel yn it Kollumer Oproer yn Ljouwert ta de deastraf feroardiele. Salomon Levy dûkte ûnder mar waard in jier letter dochs oppakt. Hy hat altyd ûntkend dat hy de lieder fan it oproer wie en sei dat er sels twongen wie om mei te dwaan. De tsjûgen bestimpele er as ûnbetrouber en leageneftich. Lykwols waard er foar syn oanpart yn it oproer ta de dea wiisd. Op 17 maart 1798 kaam Levy yn Ljouwert oan syn ein.
Ferskaat
bewurkje seksjeYn 2009 is it iepenloftstik ‘Levy’, skreaun troch Gerrit Hoekstra, yn Burgum opfierd. Yn De Westereen is in strjitte nei Salomon Levy ferneamd.
Literatuer
bewurkje seksje- Salomon Levy en syn skaei, 1950, De Haan en Kloosterman, útjûn troch de Fryske Akademy
- In fin mear as in bears, (roman) 1995, Rink van der Velde
- van Klinken, drs. G.J, mr. J.H. de Vey Mestdagh, De Joodse Gemeenschap In het Groninger Westerkwartier, Peize en Roden. Utjouwer: Stichting Vrienden van het Rijksarchief in Groningen, 1985