Bomstersyl
Bomstersyl is in militêre fersterking by Nijesyl út 1500 oan de Lauwers yn de opstân tsjin Albrecht fan Saksen. Yn de ûngetiid moast in diel fan de besetting nei hûs ta en Albrecht fersloech de rest en ferneatige de stelling.
De "Bom" is de beneaming fan in leech stik lân dat troch wetter ynsluten is. Yn 1562 waard de taak fan it Bomstersyl oernomd troch it Nije Syl by it buorskip Okswert. Tsjintwurdich is dat de gemeente Súdhorn yn Grinslân.