Gysbert Japicxpriis
De Gysbert Japicxpriis is in yn 1947 troch de Deputearre Steaten fan Fryslân ynstelde literatuerpriis, neamd nei de dichter Gysbert Japiks. De earste winner fan de priis wie op 10 oktober 1947 de Fryske dichter Obe Postma.
Gysbert Japicxpriis | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Frysk | |
útrikt foar | literatuer | |
útrikt troch | provinsje Fryslân | |
frekwinsje | 1x yn de 2 jier | |
plak | Boalsert (Fryslân) | |
ynsteld | 1947 | |
1e útrikking | 1947 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Alde Gysbert Japicxpriis
bewurkje seksjeDe priis wie in stimulearingspriis, en waard takend foar it bêste oarspronklik Frysk wurk dat yn de perioade foarôfgeand oan de útrikking publisearre wie. Dy perioade waard twa jier, om't it iene jier proaza beoardiele waard, en it oare jier poëzy. Mei yngang fan 1954 waard yn it iene jier de Dr. Joast Halbertsmapriis útrikt en yn it oare de Gysbert Japicxpriis. De priis bestie út in oarkonde en in jildbedrach, oarspronklik 500 gûne, mar letter oprinnend ta 2000 gûne. Om't it in stimulearingspriis wie koe dy allinnich foar in spesifyk wurk útrikt wurde, net foar in oeuvre, al is dat al in pear kear bard. Yn 1984 is de priis yn dy foarm ôfskaft, en yn in nije foarm wer ynsteld.
Nije Gysbert Japicxpriis
bewurkje seksjeBy de nije Gysbert Japicxpriis wie der gjin ûnderskie yn sjênre. Proaza en poësy koenen eltse kear yn oanmerking komme, mar dat gou ek foar berneliteratuer en jongereinliteratuer. Dêrnjonken kin de priis no ek foar in oeuvre úrikt wurde. Fierders waard romte makke foar de Fedde Schurerpriis en de Dr. Obe Postmapriis, sadat de Gysbert Japicxpriis doe ien kear in de trije jier útrikt waard.
Yn 1986 waard it jildbedrach omheechbrocht nei 4000 gûne. Yn 1999 waard de regeling op 'en nij oanpast. Doe waard besletten om mei yngong fan 2001 in twajierliks skema te folgjen. De iene kear oanbelanget de priis no de poësy út de fjouwer foarôfgeande jierren, twa jier letter it proaza út de fjouwer foarôfgeande jierren, ensfh. It prizejild is sûnt 1999 in bedrach fan 5000 euro. Yn 2011 kaam dêr 5000 euro boppe-op, spesjaal ornearre foar in oersetting/oersettingen fan it bekroande wurk. Mei yngong fan 2013 waard it prizejild ferhege nei 10.000 euro; de 5000 foar in oersetting/oersettingen kaam dêr dan noch by.
Ofwikende takennings
bewurkje seksjeFoar de priis jildt it betingst dat dat "bêste oarspronklik Frysk wurk" de bekroaning ek wurdich wêze moat, mar de advyskommisje hat oant no ta mar ien kear gjin foardracht dien, yn 1977. Dochs is de priis dat jier takend. Oarsom hawwe Deputearre Steaten ien kear besletten it advys net te folgjen. Yn 1969 is de priis net útrikt, wylst it projekt Operaesje Fers nominearre wie. De priis is ek ien kear wegere. Yn 1959 hat Eeltsje Boates Folkertsma yndie sein syn wurk fan dy perioade de bekroaning net wurdich te finen, en hy hat dy doe net oannimme wollen.
Twa kear wûn
bewurkje seksjeTrije skriuwers hawwe twa kear de Gysbert Japicxpriis krigen: Anne Wadman, 1952 en 1989, Jan Wybenga, 1965 en 1977, en Trinus Riemersma, 1967 en 1995.
Utrikking
bewurkje seksjeDe priis wurdt útrikt yn de bertestêd fan Gysbert Japiks, Boalsert, op it stêdhûs. Allinnich Jan Dijkstra, yn 1951, en Rink van der Velde yn 1975 hawwe net oan de plechtige útrikking meidwaan wollen, en hawwe de priis letter op it Provinsjehûs ophelle.
Priiswinners
bewurkje seksje- 1947 - Obe Postma:
- It sil bistean (dichtbondel).
- 1948 - Nyckle Haisma:
- Simmer (novelle).
- 1949 - Fedde Schurer:
- Simson (bibelsk drama);
- syn berimings yn It boek fan 'e psalmen.
- 1950 - Ype Poortinga:
- Elbrich, part II (roman).
- 1951 - Sjoerd Spanninga:
- Spegelskrift (dichtbondel);
- Núnders (dichtbondel).
- 1952 - Anne Wadman:
- Kritysk konfoai (bondel mei essees).
- 1953 - Rixt:
- De gouden rider (dichtbondel).
- 1955 - Ulbe van Houten:
- De hillige histoarje (bibelferhalen);
- De sûnde fan Haitze Holwerda (roman, werprinting).
- 1957 - Douwe Tamminga:
- Balladen (dichtbondel).
- 1959 - Eeltsje Boates Folkertsma:
- Eachweiding (bondel mei essees). [Wegere]
- 1961 - Marten Sikkema:
- Hiele dichterlik oeuvre.
- 1963 - Jo Smit:
- Bisten en boargers (ferhalebondel).
- 1965 - Jan Wybenga:
- Barakkekamp (dichtbondel).
- 1967 - Trinus Riemersma:
- Fabryk (roman).
- 1969 - Foardracht: Operaesje Fers. (Net útrikt)
- 1971 - Paulus Akkerman:
- It roer út hannen (roman);
- Foar de lins (bondel kursyfkes);
- Dat sadwaende (bundel kursyfkes).
- 1973 - Daniël Daen:
- De âlde en de leave hear: as lead om âld izer (dichtbondel);
- Op libben en dea (dichtbondel);
- Mosken en goaden (dichtbondel).
- 1975 - Rink van der Velde:
- Hiele oeuvre.
- 1977 - Jan Wybenga:
- Lyts Frysk deadeboek (dichtbondel).
- 1979 - Ypk fan der Fear:
- har histoaryske romans.
- 1981 - Reinder Rienk van der Leest:
- Kunst en fleanwurk (dichtbondel).
- 1983 - Sjoerd van der Schaaf:
- De bijekening (roman).
- 1986 - Tiny Mulder:
- Hiele oeuvre;
- Oh in stêd, ah in lân (dichtbondel).
- 1989 - Anne Wadman:
- syn Fryske romans;
- In bolle yn 'e reak (roman);
- De frou yn 'e flesse (roman).
- 1992 - Steven H.P. de Jong:
- Syn literêr wurk;
- De Wuttelhaven del (roman).
- 1995 - Trinus Riemersma:
- De reade bwarre (roman).
- 1998 - Piter Boersma:
- It libben sels (roman) .
- 2001 - Tsjêbbe Hettinga:
- Fan oer see en fierder (dichtbondel).
- 2003 - Willem Tjerkstra:
- Ridder fan Snits (histoaryske romantrilogy oer Rienk Bockema).
- 2005 - Abe de Vries
- In waarm wek altyd. (2004) (dichtbondel)
- 2007 - Josse de Haan
- Foar de roman Piksjitten op Snyp, de essaybondel Kastanjes poffe én foar al syn krewearjen as essayist en as útjouwer foar de oare literatuer.
- 2009 - Anne Feddema
- Foar de dichtbondel Reidhintsje op’e Styx (2005)
- 2011 - Durk van der Ploeg
- Foar syn hiele oeuvre.
- 2013 - Jacobus Q. Smink
- Foar syn dichtbondel Sondelfal (2009)
- 2015 - Koos Tiemersma
- Foar syn roman Einum (2012)
- 2017 - Eppie Dam
- Foar de dichtbondel Fallend ljocht (2015)
- 2019 - Aggie van der Meer
- Foar har hiele oeuvre
- 2023 - Jetske Bilker
- Foar har roman Spegel en sonde