Jan Wybenga
Jan Wybenga, (Warten, 17 septimber 1917 - Grins 28 juny 1994) wie in learaar en Frysk skriuwer.
Hy wie in soan fan Albert Jans Wybenga. Wie haadûnderwizer yn Sint-Anne en Wommels, ûnderwizer oan de Mulo yn Frjentsjer, sûnt 1956 en 1957 learaar oan de Rykskweekskoalle yn Grins en Ljouwert.
Redakteur fan De Tsjerne (1953-1955). Skreau ferhalen, kritiken, gedichten (Amoeben, 1954). Syn wurk heart foar in part ta de 'eksperimintele' rjochting. Yntrodusearre hjerst 1952 eksperimintele poëzij yn De Tsjerne mei Hurrel; boartlike sketskes yn Alternatyf. Krige yn 1965 de Gysbert Japicxpriis foar poëzij foar syn twadde bondel Barakkekamp en yn 1977 de Gysbert Japicxpriis foar Lyts Frysk deadeboek.
Wurk
bewurkje seksje- Amoeben (1954)
- Barakkekamp (1962)
- Kj3 (1973)
- Lyts Frysk deadeboek (1974)
- Moai waar en lange dagen (1981)
- Easterstreek (1982)
- De foksejacht (1989)
- Fergetten fersen (1990)
- Grien en koaningsblau (1993)
- It hûs en oar neilitten wurk (1998)
Oersetting:
- 1987 : Carmina Nonnulla. C. Valerii Catulli. Oersetting mei Sybe Sybesma nei it wurk fan Catullus (2de pr. 2000)
Literatuer
bewurkje seksje- 1968 : Jo Smit. De Fryske literatuer 1945-1967. De Tsjerne 1968/4 (essay)
- 1971 : Tiny Mulder. Hwer hast it wei? (fraachpetear)
- 1972 : Tekst en Utliz (Steven H.P. de Jong)
- 1992 : Jan Wybenga-nûmer Hjir, 1992, nû. 4-5