Sybe Sybesma

Sybe Sybesma (Nijehaske, 5 novimber 1924 - Ljouwert, 9 maart 1986) wie in Frysk klassikus en dichter. Sybe Sybesma wie de âldste soan fan Rintsje Piters Sybesma.

Nei it gymnasium studearre Sybesma klassike talen oan de Universiteit fan Amsterdam. As learaar klassike talen stie er oan skoallen yn Snits, Oostburg (Seelân), Breda en Almelo. Sûnt 1948 is syn wurk rûnom ferskynd yn blêden.

Sybesma is yn de âldens fan 61 jier hommels ferstoarn oan in harsensfluesûntstekking.

WurkBewurkje

Under mear:

  • 1978: En marge - bondele gedichten
  • 1979: De vogel vuur - rymprint, yn 'e mande mei grafikus Joop Holterman
  • 1984: Op 'e râne - gedichten
  • Kwanskwiis / Kwansuis, in bondel kwatrinen, mei J.J.M. (Jacques) van Gent.
  • Oersettingen fan klassike en oare skriuwers[1]

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ljouwerter Krante, 4 novimber 1988