Rintsje Piters Sybesma

Rintsje Piter Sybesma (Tsjerkgaast, 22 jannewaris 1894 - It Hearrenfean, 5 febrewaris 1975) wie in Fryske dichter en proazaskriuwer dy't publisearre ûnder de skriuwersnamme R.P. Sybesma.

Rintsje Piters Sybesma
skriuwer
In jonge Rintsje Sybesma
In jonge Rintsje Sybesma
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym R.P. Sybesma
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 22 jannewaris 1894
stoarn 5 febrewaris 1975
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurk
taal Frysk, Dútsk
sjenre Poëzy, ferhalen
perioade NSB
NSNAP
Nederlandsche SS
Lânwacht

Nei de middelbare skoalle yn Snits en de lânbouskoalle yn Ljouwert studearre Sybesma diergenêskunde yn Utert. Dêrnei waard er bistedokter op It Hearrenfean (Nijehaske). Tegearre mei Douwe Kalma wie hy aktyf yn de Jongfryske Beweging, dêr't hy de wichtichste dichter wie. Hy skreau ek ympresjonistysk proaza. Tegearre mei J.H.Brouwer redigearre er yn de jierren 1926-1929 it tydskrift De Holder.

Yn 1933 rjochte Sybesma tegearre mei J.M. van der Goot it Frysk Fassisten Front op. Dizze politike beweging gie yn 1934 wierskynlik op yn de NSB. Yn maart fan 1933 melde hy him al oan as lid fan de Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging fan Mussert. Yn 1940 waard hy lid fan de NSNAP. Hy sleat him letter oan by de Nederlânske SS en yn 1944 waard hy lid fan de Lânwacht.

Yn de Twadde Wrâldkriich keas Sybesma de ideologyske kant fan de Dútske besetter en syn Nederlânske hânlangers. Daliks nei de maaiedagen fan 1940 skreau hy inkele Fryske fersen dy't ûnder de titel Der Zehnte Mai bondele en oersetten waarden troch Willy Krogmann, wurkjend op de "Hauptabteilung für Volksaufklärung uns Propaganda". Yn 1941 ferskynden se by "Verlag Grenze und Ausland" yn Berlyn. Ut de gedichten spruts de gedrevenheid fan de nasjonaalsosjalist mei syn bewûndering foar de Dútske militêre supremasy en dy't hope dat nei 'de tsiende maaie' de lang-ferwachte nije tiid oanbrutsen wie.

Yn it Dútske Weimar, de stêd fan Schiller en Goethe, organisearre Hitlers propagandaminister Joseph Goebbels sûnt 1938 dichtersgearkomsten, tagelyk mei de Dútske boekewike. Elk jier waarden ferskate dichters útnoadige om yn Weimar te sprekken oer in troch it propagandaministearje betochte leus. Yn 1941 keaze se foar it motto 'Die Dichtung im kommenden Europa'. Foar it earst wienen der gasten út fjirtjin Jeropeeske lan­nen, mei oansprekkende nammen as Felix Timmermans, Robert Brasillach en Pierre Drieu La Rochelle. Ut Nederlân mochten Henri Bruning en Sybesma dielnimme. It 'Dichtertreffen' waard ynliede troch Goebbels:

Sa't it boek in teken fan 'e tiid is, sa is ek de tiid yn it boek ta útdrukking komd. Dat hat yn de Dútske skiednis noait dúdliker bliken dien as hjoed. Wannear't wy it treflike wurk fan de Führer, Mein Kampf hjirta rekkenje meie, en it is net tefolle sein, wannear't wy beweare, dat it boeken west binne, dy't de geastlike trochbraak nei ús tiid beoardere ha.

In jier letter (1942) folge de dichtbondel De swetten útlein , útjûn troch J. Kamminga út Dokkum. Ut de ynhâld blykt dat Sybesma in nije faze yn syn radikalisearring yngien wie, want no waard ek yn lyryske wurden it heil fan de SS besongen.

Yn 1942 krige Sybesma de Harmen Sytstra-priis, in troch it nasjonaalsosjalistyske Departemint fan Folksfoarljochting en Keunsten ynstelde literêre priis dy't bedoeld wie om de Fryske letteren te earjen.

Nei syn dea is yn 1979 Boerke Thae útjûn, dêr't it earste part yn 1929 fan yn De Holder ferskynd wie, en it twadde en tredde part yn 1931 en 1932 yn Frisia.

Nei de oarloch moast Sybesma him ferantwurdzje foar in tribunaal. Hy krige twa jier finzenisstraf en in boete fan 10.000 gûne. Yn april 1947 kaam er frij en gie er wer oan 'e gong as bistedokter. Literêr wurk hat er dêrnei net mear publisearre en mei de Fryske Beweging hat er him nea wer bemuoid.

Yn 1926, it jier dat er bistedokter waard, boaske er oan Richtsje Hepkema (1892-1989) mei wa't er fiif bern krige. De âldste soan, Sybe (1924-1986), soe letter in ferneamd dichter wurde. Trije oare soannen waarden bistedokter.[1].

  • 1927 - Ta de moarn. Sonnetten.
  • 1931 - Om it hiem. Ferhalen.
  • 1932 - It anker. Ferhalen.
  • 1941 - Der Zehnte Mai. Gedichten.
  • 1942 - De swetten útlein. Gedichten.
  • 1979 - Boerke Thae. Novelle.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. It hert fan Fryslân bleatlein troch Doeke Sijens. Fryslân. Historisch tijdschrift. sept/okt 2015, s.4-6