Weimar
Weimar is in Dútske stêd yn de dielstaat Tueringen. De stêd hat 64.481 ynwenners (2006) en is in universitêr, toeristysk en yndustrieel sintrum. Weimar is in stedsdistrikt (kreisfreie Stadt).
Weimar | ||
It Goethe-Schillermonumint | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Tueringen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 65.479 (2010) | |
Oerflak | 84.26 km² | |
Befolkingsticht. | 7777 / km² | |
Hichte | 208 m | |
Oar | ||
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
http://www.weimar.de |
Ut de skiednis
bewurkje seksjeWeimar waard foar it earst neamd yn 899 en wie tusken 946 en 1346 sintrum fan it greefskip Weimar respektyflik Weimar-Orlamünde. De stêd krige yn 1410 stedsrjochten.
Weimar kaam yn de 14e iuw oan it Hûs Wettin. Hartoch Jehan Freark de Grutmoedige makke it ta residinsje fan it hartchdom Saksen-Weimar, dat letter Saksen-Weimar-Eisenach wie, wat it oant 1920 bliuwe soe.
Under it bewâld fan gruthartoch Karel August (1775-1828) wie de stêd it yntellektuele thús fan de rûnte om de Dútske skriuwer Johann Wolfgang von Goethe hinne (Weimarer Klassik).
Nei de Earste Wrâldkriich, yn 1919, kaam de grûndwetgjouwende Nasjonale Gearkomst yn Weimar by elkoar. De Weimarrepublyk (1918 -1933) is nei dy gearkomst neamd. Yn 1920 waard Weimar de haadstêd fan de dielsteat Tueringen.
Yn 1937 bouden de Nazys it konsintraasjekamp Buchenwald op mar acht kilometer fan Weimar's sintrum. De Alliearde troepen berikten de stêd yn april 1945. De ynwenners fan Weimar waarden doe twong om yn it kamp te sjen wat ûnder har noas bard wie.
Yn 1999 wie Weimar Kulturele haadstêd fan Europa. De histoaryske binnenstêd fan Weimar is troch UNESCO ta wrâlderfgoed ferklearre. ûnder oaren de Anna Amalia-bibleteek, dy't yn 2004 foar in part ôfbaarnde, beheart dêrby. Fierders steanne inkelde foarbylden fan Bauhaus-arsjitektuer, dy't dêr ûntstien is, op de list.
Stedsbyld
bewurkje seksje-
Slot
-
Riedhûs
-
Wenning fan Goethe
-
Stasjonsplein fan Weimar
Stedsdistrikten
bewurkje seksje- Ehringsdorf
- Gaberndorf
- Gelmeroda
- Holzdorf
- Legefeld
- Niedergrunstedt
- Oberweimar
- Possendorf
- Schöndorf
- Süßenborn
- Taubach
- Tiefurt
- Tröbsdorf
Persoanen ferbûn mei Weimar
bewurkje seksjeJosef Albers - Anna Amalia fan Brunswyk - Augusta fan Saksen-Weimar-Eisenach - Carl Philipp Emanuel Bach - Johann Sebastian Bach - Adolf Bartels - Gerhard Baumgärtel - Ludwig Bechstein - Fritz Bennewitz - Sibylle Berg - Bernhard fan Saksen-Weimar - Hector Berlioz - Friedrich Justin Bertuch - Arnold Böcklin - Adolf Brütt - Lothar-Günther Buchheim - Clemens Wenzeslaus Coudray - Lucas Cranach der Ältere - Lucas Cranach der Jüngere - Adolf von Donndorf - Carl Eberwein - Johann Peter Eckermann - Gottlieb Elster - Otto Erler - Paul Ernst - Ernst August I van Saksen-Weimar-Eisenach - Johannes Daniel Falk - Lyonel Feininger - Elisabeth Förster-Nietzsche - Caspar David Friedrich - Ernst Christian August von Gersdorff - Luise von Göchhausen - August von Goethe - Christiane von Goethe - Johann Wolfgang von Goethe - Hans Gerhard Gräf - Walter Gropius - Julius Grosse - Gertrud Grunow - Alfred Götze - Georg Haar - Ernst Hardt - Friedrich Hebbel - Jutta Hecker - Johann Gottfried Herder - Wolfgang Hohlbein - Christoph Wilhelm Hufeland - Johann Nepomuk Hummel - Franz Huth - Johannes Itten - Christian Joseph Jagemann - Wassily Kandinsky - Karel Alexander fan Saksen-Weimar-Eisenach & Sophie fan de Nederlannen - Karel August van Saksen-Weimar-Eisenach - Harry Graf Kessler - Wulf Kirsten - Paul Klee - Karl Ludwig von Knebel - August von Kotzebue - Franz Liszt - Fritz Mackensen - Gerhard Marcks - Georg Mardersteig - Paul Michaelis - Georg Muche - László Moholy-Nagy - Georg Muche - Friedrich von Müller - Johann Karl August Musäus - Friedrich Nietzsche - Lorenz Oken - Hans Olde - Arnold Rudolf Paulssen - Hans Constantin Paulssen - Jean Paul - Maria Paulowna fan Ruslân - Carl Leonhard Reinhold - Friedrich Schiller - Baldur von Schirach - Carl von Schirach - Oskar Schlemmer - Arthur Schopenhauer - Konrad Samuel Schurzfleisch - Charlotte von Stein - Richard Strauss - Harry Thürk - Henry Van de Velde - Karel Verlat - Christian August Vulpius - Ernst Wachler - Richard Wagner - Julius Wahle - Richard Wetz - Christoph Martin Wieland - Ernst von Wildenbruch - Bernhard von Zech- Carl Zeiss
Partnerstêden
bewurkje seksjeLiteratuer
bewurkje seksje- Annette Seemann: Weimar - ein Reisebegleiter, Insel Verlag, ISBN 3-458-34766-6
- Alberto Schwarz: Weimar, E.A. Seemann, Leipzig 1993, ISBN 3-363-00582-2
- Peter Merseburger: Mythos Weimar - Zwischen Geist und Macht, dtv, ISBN 3-423-30787-0
- Merian - Weimar, Jahreszeiten Verlag, ISBN 3-7742-9901-3
- Angela Pfotenhauer , Elmar Lixenfeld: Weimar – Welterbe, Monumente-Edition. Monumente-Publikation der Deutschen Stiftung Denkmalschutz, Bonn 2006, ISBN 3-936942-65-X oder ISBN 3-936942-66-8
- Heinrich Pleticha (Hrsg.): Das klassische Weimar - Texte und Zeugnisse, Lizenzausgabe für Komet Verlag, vom Deutschen Taschenbuch Verlag, Keulen 1983, ISBN 3-89836-517-4
- Justus H. Ulbricht: Klassikerstadt und Nationalsozialismus, Kultur und Politik in Weimar 1933 bis 1945, Weimar 2000, ISBN 3-931743-55-1
- Jens Schley: Nachbar Buchenwald. Die Stadt Weimar und ihr Konzentrationslager 1937-1945, Keulen, Weimar, Wenen (Böhlau) 1999, ISBN 3-412-15298-6
- Andrea Dietrich, Jörg Sauerbier: Weimar. Ansichten und Einblicke, Militzke Verlag, Leipzig 1996, ISBN 3-86189-082-8
- Gitta Günther, Wolfram Huschke, Walter Steiner (Hg.): Weimar. Lexikon zur Stadtgeschichte, Weimar 1998, ISBN 3-7400-0807-5