Friedrich Nietzsche
Friedrich Nietzsche (Röcken, 15 oktober 1844 - Weimar, 25 augustus 1900) is in ferneamd Dútsk filosoof en filolooch.
Friedrich Nietzsche, folút Friedrich Wilhelm Nietzsche, waard berne yn Röcken, súdwest fan Leipzig. Hy wie de soan fan Karl Ludwich Nietzsche, in dûmny, dy't op 30 july 1849 ferstoar doe't Friedrich noch mar fjouwer jier âld wie. Yn 1850 ferfear de húshâlding nei Naumburch.
Nietzsche studearre filology en rekke sa betroud mei de klassike literatuer. Yn 1869 waard er heechlearaar yn Basel.
De lêste tsien jierren fan syn libben waard er geastlik swakker. Der wurdt wol tocht dat er troch it gefjocht tusken syn tinzen sljochtsinnich wurden wie, mar eksperten hâlde it no meast op in fysyke oarsaak. Nei't er jierren siik west hie, ferstoar er 1900 yn Weimar.
Bibliografy
bewurkje seksje- 1872 - Die Geburt der Tragödie ("De berte fan de Trageedzje")
- 1872 - Ueber die Zukunft unserer Bildungsanstalten ("Oer de Takomst fan ús Underwiisynstellings")
- 1873-1876 - Unzeitgemässe Betrachtungen ("Uneigentiidske beskôgings")
- 1878-1880 - Menschliches, Allzumenschliches ("Minsklik, Al te Minsklik")
- 1881 - Morgenröthe ("Moarnsread")
- 1882 - Die fröhliche Wissenschaft ("De Fleurige Wittenskip")
- 1883-1885 - Also Sprach Zarathustra
- Fryske oersetting: Dat Sei Zarathustra (fert. Eric Hoekstra, 2007)
- 1886 - Jenseits von Gut und Böse
- Fryske oersetting: Oarekant Goed en Kwea (fert. Eric Hoekstra, 2007)
- 1887 - Zur Genealogie der Moral (Oer de Geneälogy fan de Moraal")
- 1888 - Der Fall Wagner ("It Gefal Wagner")
- 1889 - Götzen-Dämmerung ("Ungoadeskimer")
- 1889 - Der Antichrist ("De Antykrist")
- 1889 - Ecce Homo ("Sjoch de Minske")
- 1889 - Dionysos-Dithyramben
- 1889 - Nietzsche contra Wagner ("Nietzsche kontra Wagner")
Fryske oersettings
bewurkje seksjeYn 2007 hat dr. Eric Hoekstra de wurken Also sprach Zarathustra en Jenseits von Gut und Böse oerset yn it Frysk. Hjirfan kinne ek digitale ferzjes yn PDF-formaat delladen wurde op 'e webside fan Elektroanyske Letteren Fryslân (ELF).