Caspar David Friedrich
Caspar David Friedrich (Greifswald, 5 septimber 1774 – Dresden, 7 maaie 1840) wie in Dútsk skilder en tekener út it tiidrek fan de romantyk. Yn 1798 ferfear er nei Dresden en dêr bleau er syn hiele libben. Hyn wie befreone mei dichter-skriuwer Goethe en skriuwer Novalis.
Friedrich en syn freon Philipp Otto Runge hawwe foar in fernijing yn de byldzjende keunst soarge, al wie dat net mei opset sin. Hy wie fasinearre troch it mistike en hie omtinken foar it riedsel fan it libben. Wêr't it lânskip earder fral in dekôr wie, joech hy it in siel en makke de natuer ta klankboerd fan minsklik fielen.
Biografy yn jiertallen
bewurkje seksje1774 Wurdt berne yn Greifswald by de Eastsee, as seisde soan fan in sjippesieder.
1787 Sakket troch it iis en wurdt rêden troch syn broer, dy't sadwaande sels ferdrinkt. It sil in libbenslang trauma wurde.
1794-1798 Stúdzje oan de Akademy fan Kopenhagen.
1798 Set him nei wenjen yn Dresden en fertsjinnet jild mei it skiderjen fan stedsgesichten.
1808 Stalt it "Tetchener Altar" út, in alterstik mei it lânskip sintraal ynstee fan it lijensferhaal. Dat jout in soad opskuor en der komt in grut debat op gong oer de romantyske keunst.
1810 Wurdt hieltiid ferneamder. Goethe besiket it atelier fan Friedrich, de kroanprins van Prusen keapet twa skilderijen.
1813 De Frânsken besette Dresden. Friedrich bringt patriottyske ferwizings yn syn skilderijen oan.
1818 Boasket oan Caroline Bommer. Sy krije trije bern. Gustav Adolf, de jongste, waard ferneamd nei de ferballe Sweedske kening Gustaaf IV Adolf fan Sweden
1821 It Russysk hof keapet ferskate skilderijen.
1824 Wurdt professor oan de Akademy fan Dresden. Swierrichheden mei de sûnens.
1835 Foar in part ferlamme nei in oerhaal.
1840 Stjert yn Dresden. Wurdt rillegau fergetten en earst begjin tweintichste iuw fannijs ûntdutsen.
Galery
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksje- Wurk fan Caspar David Friedrich - "Der Maler der Stille"
- It sjeny fan Caspar David Friedrich: German Art in the Hermitage Collection, The State Hermitage Museum
- Caspar David Friedrich en it Dútsk romantysk lânskip
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Caspar David Friedrich fan Wikimedia Commons. |