Johann Wolfgang von Goethe

(Trochferwiisd fan Goethe)

Johann Wolfgang von Goethe (JWG) (sprek út as: [ˈgøːtə]?) (Frankfurt am Main, 28 augustus 1749Weimar, 22 maart 1832) wie in Dútsk wittenskipper, toanielskriuwer, romanskriuwer, filosoof, dichter, natoerûndersiker en steatsman. Goethe wie de skriuwer fan ûnder mear Faust, Die Leiden des jungen Werthers, Zur Farbenlehre en it ferneamde gedicht Der Zauberlehrling. Yn 1782 waard hy yn de adelstân ferheft.

Goethe yn 1828
Goethe yn Itaalje, troch Tischbein

Jeugd (1749-1775)

bewurkje seksje

Goethe waard berne yn Frankfurt am Main as soan fan Johann Caspar Goethe en Catharina Elisabeth Textor. Syn heit wie in man fan kwizekwânsje en seach sels ta op it earste ûnderwiis fan syn soan. De jonge Goethe studearre rjochten oan de universiteiten fan Leipzig en Straatsburch. Yn 1772 krige hy wurk oan it Reichskammergericht yn Wetzlar, it heechste gerjochtshof fan it Dútske Ryk.

Goethe yn Weimar

bewurkje seksje

Nei in ûngelokkige leafdesrelaasje mei Charlotte Buff ferhuze Goethe op útnûging fan Karel August, hartoch fan Saksen-Weimar-Eisenach, yn 1775 nei Weimar dêr't hy de rest fan syn libben trochbrocht. Dêr hâlde hy him dwaande mei it ôfsluten fan syn autobiografyske proazawurk Aus meinem Leben, Dichtung und Wahrheit en syn masterwurk Faust 2 (1833). Dêrfoar kaam er noch yn steatstsjinst fan de hartoch en hy waard û.o. belêste mei in soad politike taken, it behear fan de finansjen en de wei- en mynbou, it kriichswêzen en letter it behear fan it hofteater.

Ferbliuw yn Itaalje (1786-1788)

bewurkje seksje
 
Goethe-Hûs, Frankfurt
 
Wenhûs fan Goethe yn Weimar

Yn 1786 gie Goethe temûk nei Itaalje om de druk fan de saken te ûntrinnen en faaks ek om syn ynlike relaasje mei hofdame Charlotte von Stein wat bekuolje te litten. Syn reis nei Itaalje kin sjoen wurde yn de tradysje fan keunstreizen (saneamde Grand Tours) yn dy tiid. Goethe liet yn him omgean om skilder te wurden, mar hy stapte letter dochs fan dat plan ôf. Syn observaasjes fan de Italjaanske kleurepracht waarden letter út ta syn kleurelear, dy't frijwat ôfwykt fan dy fan Isaac Newton. Ek kaam Goethe yn Itaalje op it spoar fan de oerplant. Hy ûntdekte dat dizze oerplant, dêr't alle plantesoarten fan ôflaat wurde kinne, net as organisme yn de natoer werom te finen wêze soe, mar dat it as geastlik model of konsept opfetten wurde moast.

Nei in pear moanne yn Rome tahâlden te hawwen, reizge Goethe troch nei Napels, dêr't hy de Fesuvius bestudearre, en Sisylje. Yn 1788 waard hy troch de hartoch weromroppen nei Weimar, omdat hy steun nedich hie by militêre oangelegenheden. Hy die mei oan de oarloggen tsjin Frankryk.

Lettere libben (1794-1832)

bewurkje seksje

De jierren nei 1794 wurden kenmerke troch in hechte freonskip mei Friedrich Schiller, dy't duorre oant de dea fan Schiller yn 1805. Se seagen elkoar as geastlike geliken, dêr't se de term "Homogenialität" ("homogenialiteit") foar betochten. Underwerp fan mienskiplike stúdzje wiene û.o. de foarfallen om de Frânske Revolúsje en de estetika yn de keunst. Ut dizze gearwurking ûntwikkele him in styl, dy't oantsjutten wurdt mei de term Weimarer Klassik.

Goethe hie in bulte bekende minsken as freon, ûnder mear de antropolooch Johann Blumenbach.

Neidat hy sûnder skea de plonderingen fan de soldaten fan Napoleons leger trochstien hie, troude Goethe yn 1806 mei Christiane Vulpius neidat hy lange tiid mei har gearwenne hie. Ut dizze relaasje binne fiif bern fuortkomd, wêrfan allinnich August von Goethe (1789-1830) langer libbe as inkele dagen.

Sûnt 1794 hat hy syn libben benammen wijd oan de literatuer en it ôfnimmen fan audiïnsjes yn syn hûs te Weimar. Yn de lêste jierren fan syn libben tekene syn sekretaris Johann Peter Eckermann petearen mei Goethe op yn it ferneamd wurden boek Gespräche mit Goethe in den letzten Jahren seines Lebens. Nei in libben fan bûtengewoane produktiviteit ferstoar hy op de leeftyd fan 82 jier yn Weimar.

Wichtichste wurken

bewurkje seksje
 
Die Leiden des jungen Werthers

De wichtichste wurken dy't Goethe makke foardat er nei Weimar gie, wienen syn trageedzje Götz von Berlichingen (1773) (dit wurk hat him syn bekendheid brocht) en syn Die Leiden des jungen Werthers, in roman dy't tige populêr waard yn de 'Sturm und Drang'-perioade. Yn syn jierren yn Weimar, eardat er Schiller moete, begûn hy mei it skriuwen fan Wilhelm Meister. Hy skreau de toanielstikken Iphigenie, Egmont, Torquato Tasso, en syn Reineke Fuchs. By de perioade fan syn freonskip mei Schiller hearre de fuortsetting fan Wilhelm Meister, de moaie idylle Hermann en Dorothea en Romeinske Elegyen. Yn de lêste perioade, nei de dea fan Schiller yn 1805 heare Faust, Die Wahlverwandschaften, syn autobiografy Dichtung und Wahrheit, ssyn Italjaanske Reis, in soad wittenskiplik wurk, sirka 16000 brieven en in rige ferhannelingen oer Dútske keunst.

Neidat syn lêste pakesizzer stoarn wie, waarden syn boeken eigendom fan de gruthartoginne fan Saksen-Weimar-Eisenach, Sophie. Hja rjochte it Goethe-Schiller-Archiv op.

Yn it ramt fan syn besykjen om de minen yn it Türinger Wâld nij libben yn te blazen, waard Goethe syn ynteresse yn en ûndersyk nei geology en mineralogy en de natuerwittenskippen yn it algemien (it mineraal goethiet is nei him neamd) grutter. By de bestudearring fan minsklike skedels ûntdekte hy it tuskenkaaksbien, in by de minsk fergroeid stik bonke dat earder allinnich by bisten oantroffen wie. Mei dizze ûntdekking ynspirearre hy letter ûnder oare Charles Darwin. Dochs leit de fertsjinste fan Goethe foar de natuerwittenskippen net sasear by de ûndersiken dy't hy dien hat, mar mear by de metoade dy't er by de ûndersiken brûkte.

West-östlicher Diwan

bewurkje seksje

Koart foar syn reis nei Frankfurt am Main yn 1814, dêr't hy geheimried Johann Jakob Willemer en dy syn folle jongere frou Marianne besocht, waard him in yn it Dútsk oersette samling Perzyske gedichten - Der Diwan des Mohammed Schemseddin Hafis - tastjoerd. Dizze samling (Farsy: diwan, ديوان) gedichten fan de soefy-dichter Hafiz (± 1320 yn Shiraz - ± 1390) boeide him daliks en ynspirearre him ta it skriuwen fan syn West-östlicher Diwan, dêr't Erschaffen und Beleben fan 21 juny 1814 it earste gedicht fan wie. It iepeningsgedicht draacht de titel Hegire en bringt de emigraasje fan Mohammed fan Mekka nei Medina (hidjra) yn it ûnthâld. Goethe syn leafde foar Marianne hat in soad gedichten fan de Divan ynspirearre en hy hat sels inkele gedichten fan har hân opnomd, sûnder lykwols har namme te fermelden.

In yn Goethe-biografyen faak ûnderbeljochte aspekt is Goethe syn belangstelling foar easterske religys, dy't it meast dúdlik ta utering komme yn de West-östlicher Diwan.

Al yn 1772 begûn Goethe oan in toanielstik ûnder de titel Mahomet as replyk op François-Marie Arouet (better bekend as Voltaire) Le fanatisme ou Mahomet le Prophète, dêr't lykwols mar fragminten bekend fan binne. It bekendste fragmint is it gedicht Mahomets Gesang. Yn 1799 makke Goethe in bekommintariearre oersetting fan Voltaires drama.

De Eastenrykske komponist Franz Schubert bewûnderde Goethe tige en sette in grut oantal gedichten fan Goethe, û.o. Gretchen am Spinnrade en Erlkönig, op muzyk, mar ûnderfûn fan Goethe ûnferskillichheid.

De leafde tusken Goethe en de 19-jierrige Ulrike dy't himsels ynspirearre ta de Marienbader Elegie (1823) waard troch Martin Walser as ûnderwerp nomd foar syn roman Ein liebender Mann [1].

Goethe hat in rsinsje skreaun yn de Frankfurter Gelehrten Anzeigen fan it (anonym) troch Belle van Zuylen skreaune boek Le Noble, anomym útjûn yn it Dútsk ûnder de titel Die züge des alten Adels, Lemgo, Meyer, 1772.

 
Titelside fan Goethes wurken, earste boek, útjefte 1827
  • 1766-1767 Annette-Lieder
  • 1768 Die Laune des Verliebten; (hardersspul; yn 1806 yn boekfoarm)
  • 1769 Neue Lieder
  • 1769 Die Mitschuldigen; (blijspul; yn 1787 yn boekfoarm)
  • 1771 Friederieke-Lieder
  • 1773 Götz von Berlichingen mit der eisernen Hand; (drama)
  • 1774 Neueröffnetes moralisch-politisches Puppenspiel
  • 1774 Ein Fastnachtsspiel vom Pater Bray
  • 1774 Jahrmarktsfest zu Plundersweilern
  • 1774 Götter, Helden und Wieland; (klucht)
  • 1774 Die Leiden des jungen Werthers; (roman yn brieven)
  • 1774 Clavigo; (treurspul)
  • 1775 Erwin und Elmire; (toanielspul mei sang)
  • 1775 In allen guten Stunden; (frijmitselders folksliet)
  • 1776 Wilhelm Meisters theatralische Sendung; („Urmeister“ roman; yn boekfoarm 1911)
  • 1776 Stella; (toanielspul foar ferealen)
  • 1778 Der Fischer
  • 1779 Iphigenie auf Tauris; (proaza; yn boekfoarm 1787)
  • 1780 Torquato Tasso; (drama; yn boekfoarm 1790)
  • 1786 Über den Zwischenkiefer der Menschen und der Tiere
  • 1787 Die Leiden des jungen Werthers. 2e ferzje; (roman yn brieven); (Ned. oersetting: 2002; Het lijden van de jonge Werther; troch: T. Cornips)
  • 1788 Egmont; (treurspul, 1775); (oer Lamoraal greve fan Egmont, prins fan Gaveren [1522-1568])
  • 1790 Venezianische Epigramme
  • 1790 Faust. Ein Fragment
  • 1790 Die Methamorphose der Planzen
  • 1791 Beiträge zur Optik
  • 1792 Gros-Cophta; (blijspul)
  • 1792-1793 Die Aufgeregten
  • 1793 Der Bürgergeneral; (blijspul)
  • 1795 Die Unterhaltungen deutscher Ausgewanderten; (raamfertellings; mei:
    • Bassompierres Geschichte von der schönen Krämerin;
    • Der Prokurator;
    • Ferdinands Schuld und Wandlung;
    • Die Sängerin Antonelli;
    • Das Märchen; (Ned. oersetting: 1997; 'Het sprookje van de groene slang en de schone Lelie')
  • 1796 Wilhelm Meisters Lehrjahre; (Ned. oersetting: 1982; Wilhelm Meisters leerjaren; troch: Pim Lukkenaer)
  • 1796 Die Geschichte von Mignons Eltern; (ferhaal út: Wilhelm Meisters Lehrjahre)
  • 1796 Xenien; (gedicht skreaun mei Friedrich Schiller)
  • 1797 Novelle
  • 1797 Propylaën
  • 1797 Achilleis
  • 1797 Faust. 1. Teil; (yn boekfoarm yn 1808); (Ned. oersetting: 1911; Faust deel Een; troch: C.S. Adama van Scheltema)
  • 1804 Die natürliche Tochter; (treurspul)
  • 1805 Epilog zur Schillers Glocke
  • 1807 Wilhelm Meisters Wanderjahre; (roman; yn boekfoarm yn 1821; útwreide ferzje 1829); (en mei de ferhalen:
    • Der Mann von funfzig Jahren;
    • Die pilgernde Törin;
    • Die gefährliche Wette;
    • Die neue Melusine;
    • Sankt Joseph der Zweite;
    • Wer ist der Verräter?;
    • Nicht zu weit; [1829])
  • 1808 Sonette
  • 1808 Pandora; (feestlik spul; yn boekfoarm yn 1817)
  • 1809 Die Wahlverwandtschaften; (tekstform); (Ned. oersetting: 1979; Natuurlijke verwantschap; troch: P. Lukkenaer)
  • 1810 Zur Farbenlehre; (Ned. oersetting: 2004; 'Kleurenleer')
  • 1816 Kunstschätze am Rhein, Main und Neckar
  • 1817 Italienische Reise; (Ned. oersetting: 2005; Italiaanse Reis; troch: Wilfred Oranje)
  • 1817 Die guten Weiber
  • 1823 Marienbader Elegie
  • 1832 Faust. 2. Teil; (Ned. oersetting: 1920; Faust deel Twee; troch: Nico van Suchtelen)
  • 1832 Nachgelassene Schriften

perioade 1816-1832 publikaasjes yn it tydskrift: 'Ueber Kunst und Altertum'

Gedichten

  • 1774 Prometheus
  • 1774 Geistesgruß
  • 1782 Erlkönig
  • 1790 Römische Elegien; (gedichtebondel)
  • 1794 Reikene Fuchs; (bistenepos)
  • 1797 Der Zauberlehrling
  • 1797 Hermann und Dorothea; (idylle in hexameter)
  • 1815 Vom Sänger hat man viel erzählt; (frijmitseldersgedicht as tank oan de sjongers)
  • 1816 Wenn die Liebste zum Erwidern; (frijmitseldersgedicht foar it ferswijen)
  • 1819 West-Östlicher Diwan; (gedichtenbondel)
  • 1811-1833 Aus meinem Leben - Dichtung und Wahrheit; (autobiografysk)
  • 2002 De mooiste van Johann Wolfgang von Goethe; (Ned. oersetting troch: Paul Claes)

Oar wurk

  • 1776 Die Geschwister; (toanieldrama yn ien akte)
  • 1809 Die wunderlichen Nachbarskinder; (novelle)
  • 1811 Der neue Paris
  • 1814 Sankt-Rochus-Fest zu Bingen
  • 1821 Einleitung zu den Trauerreden; (treurrede foar frijmitselders by it ferstjerren fan de master fan de 'Stuhl Ridel', Cornelius Johann Rudolf Ridel [1759–1821])
  • 1822 Kampagne in Frankreich; (in berjocht)
  • 1830 Rede zum brüderlichen Andenken Wielands; (treurrede foar frijmitselders)
  • 1830 Dem würdigen Bruderfeste: „Fünfzig Jahre sind vorüber“; (poëtyske dankrede by syn 50-jierrich jubileum as frijmitselder)
  • 1816-1832 Über Kunst und Altertum; (skreaun mei Johann Heinrich Meyer, [1760-1832])
  • 1833 Maximen und Reflexionen; (postúm ferskynd)
  • 2005 Goethe - Schiller, briefwikseling / druk 1; (Ned. orsetting troch: A.J. Leemhuis)
  • Belagerung von Mainz
  • Claudine von Villa Bella; (toanielspul)
  • Proserpina; (Monodrama)
  • Satyros, oder Der vergötterte Waldteufel; (toanieldrama)

Oersettings

  • 1797 Das Leben des Benvenuto Cellini
  • 1802 Mahomet; (bewurke trageedzje fan Voltaire)

Literatuer, in lytse karút

bewurkje seksje
  • 1977 Johann Wolfgang Goethe, Sämtliche Werke, 18 banden, Artemis-Gedenkenausgabe dtv-Dündruck, Zürich, 1977, ISBN 3-7608-2527-3
  • 1994 Goethe - Leben und Werk; fan: Karl Otto Conrady
  • 2003 Goethe - sein Leben und seine Zeit; fan: Richard Friedenthal
  • 1992 Goethe: The Poet and the Age: Poetry of Desire; fan: Nicholas Boyle
  • 1998 Goethe-Lexikon; fan: Gero von Wilpert
  • 1998 Mein Leben ein einzig Abenteuer, Johann Wolfgang Goethe Biografie; fan: Klaus Seehafer, Aufbau Verlag, Berlin 1998, ISBN 3-351-02471-1
  • 1992 Schein Kritik Utopie. Zu Goethe und Hegel; fan: Renate Wieland
  • 2001 Katharina Mommsen: "Goethe und der Islam", Insel Verlag, Frankfurt am Main, 2001, ISBN 3-458-34350-4
  • 2003 Goethe und Anna Amalia – eine verbotene Liebe; fan: Ettore Ghibellino
  • 2002 Goethe zur Einführung; fan: Peter Matussek
  • 2005 Faust & levenskunst; fan: H.E.S. Woldring
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Johann Wolfgang von Goethe fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Martin Walser Ein liebender Mann, uitg. Rowohlt (2008). Resinsearre yn NRC Handelsblad 18 april 2008 troch Anneriek de Jong. Nederlânske oersetting: Een liefhebbende man, útjouwerij De Geus (2009)