Der Zauberlehrling
Der Zauberlehrling, wat út it Dútsk oerset wurde kinne soe as De Tsjoenderslearling, is in ferneamd gedicht fan Johann Wolfgang von Goethe, dat er skreau yn 1797, mar dat pas yn 1827 publisearre waard, as ûnderdiel fan 'e bondel Ausgabe Letzter Hand. It is in ballade yn fjirjin kûpletten oer de learling fan in âlde tsjoender, dy't fan himsels mient dat er mear wit as dat eins it gefal is. It gedicht fertoant sokke grutte oerienkomsten mei it Gryksktalige koarte ramtferhaal Philopseudes ('Leagenminner'), fan 'e skriuwer Lusianus fan Samosta, út likernôch it jier 150, dat it wol dúdlik is dat Goethe him dêrop basearre hat.
Der Zauberlehrling | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Johann Wolfgang von Goethe | |
taal | Dútsk | |
foarm | gedicht | |
skreaun | 1797 | |
1e publikaasje | 1827 | |
bondel | Ausgabe Letzter Hand |
Ynhâld
bewurkje seksjeIt gedicht iepenet as de learling allinnich efterbliuwt yn 'e wurkpleats fan syn master om in stikmannich putsjes op te knappen, wylst de tsjoender sels earne hinne moat. As er de flier dweilje sil, hat de jonge syn nocht derfan om sels wetter by it ammerfol ophelje te moatten, dat hy betsjoent in biezem om it foar him te dwaan, dêrby tsjoenderij brûkend dy't er noch net alhiel foar it ferstân hat. Al rillegau stiet de hiele flier splis en hellet de biezem noch altyd mar mear wetter op, wylst it de learling dan begjint te daagjen dat er dat net tsjinkeare kin om't er net wit hoe't dat moat.
Hy kriget dan it lumineuze idee om 'e betsjoende biezem te ferneatigjen en slacht it ding midstwa mei in bile. Mar elts fan 'e beide einen wurdt in nije biezem en dan giet it wetterheljen twaris sa hurd. As alle hope ferlern liket, komt de âlde tsjoender wer thús, ferbrekt de tsjoen en rêdt it hiele spul. It gedicht einiget mei de útspraak fan 'e tsjoender dat sa'n machtige geast inkeld oproppen wurde mei troch de master sels.
Ynfloed
bewurkje seksjeDer Zauberlehrling is tige bekend yn 'e Dútsktalige lannen. Benammen de rigel wêryn't de learling de weromkearende tsjoender smeket om him te helpen mei it soadsje dat er derfan makke hat, is yn in wat ferbastere foarm ("Die Geister, die ich rief") in steande útdrukking wurden yn it moderne spraakgebrûk. Men omskriuwt der in sitewaasje mei wêrby't men de help ynroppen hat fan bûnsgenoaten dy't men sels net yn 'e macht hat, benammen yn 'e polityk.
Bûten de Dútsktalige lannen, en fral yn 'e Angelsaksyske wrâld, waard Der Zauberlehrling popularisearre troch in fragmint fan 'e bekroande Disney-film Fantasia, út 1940, wêryn't Mickey Mouse de learling spilet. Fantasia bliuwt hiel ticht by Goethe syn orizjineel, behalven dan dat de tsjoender lilk is as er weromkomt en syn wurkpleats ûnder wetter oantreft (in aspekt dat wol wer yn Philopseudes foarkomt).
Keppelings om utens
bewurkje seksje● (dú) De tekst fan Der Zauberlehrling op Wikisource
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |