Medina (Araabje)

(Trochferwiisd fan Medina (Arabië))

Medina (Arabysk: ‏al Madīnah al Munawwarah المدينة المنورة, 'de Ljochtsjende stêd') is in stêd yn Saûdy-Araabje, sa'n 320 km benoarden Mekka; it is de twads hillichste stêd fan de Islam. De Moskee fan de Profeet yn Medina is part fan de hadzj, de islamityske beafeart. Medina is ien fan de twa stêden dêr't Mohammed [1] de Koran fan Allah ûntfong. Mei de flecht fan Mohammed út Mekka yn 622 begjint de islamityske kalinder. Yn 632 stjert Mohammed yn Medina en soe beïerdige wêze yn de Moskee fan de Profeet dêre. De stêd is fanâlds sletten foar net-moslims.
Yn foar-islamityske tiden hjitte de stêd Yathrib.

Medina
المدينة
Moskee fan de Profeet
Moskee fan de Profeet
Bestjoer
Lân Saûdy-Araabje
Provinsje Hidjaz
Regio Al Madinah
Boargemaster Fahad Al-Belaihshi
Sifers
Ynwennertal 1.180.770 (2010)
Oerflak 589 km²
Befolkingsticht. 2000 / km²
Hichte 608 m
Oar
Stifting 6e iuw f.Kr.
Tiidsône UTC+3
Offisjele webside
Webstee
Plak fan Medina yn Saûdy-Araabje

'Medina' betsjut stêd yn it Arabysk. In protte Arabyske stêden hawwe hjoed de dei noch in, faak bemuorre, âld stedsdiel, dat de 'medina' neamd wurdt.

Medina hat twa universiteiten: de yn 1961 stichte Islamityske Universiteit Medina en de Taibah-Universiteit, dy't yn 2003–2004 stichte waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. صلى الله عليه و سلم; 'dat Gods segen en frede mei him wêze mei'