Nederlânske SS

(Trochferwiisd fan Nederlandsche SS)

De Nederlânske SS (Nederlandsche SS) waard op 11 septimber 1940 oprjochte. Op 1 novimber 1942 feroare de namme fan de organisaasje yn Germaansche SS in Nederland.

Findel fan de Nederlânske SS.

Anton Mussert, lieder fan de NSB waard op 9 juny 1940 op de hichte brocht fan Hitler syn befel om Nederlanners foar de difyzje 'Wiking' fan de Waffen-SS te winnen. De Nederlânske frijwilligers soene harren eigen Standarte 'Westland' krije. Mussert fielde der net folle foar en rôp syn leden op om gjin tsjinst te nimmen by de SS, mar it gie wol troch. Yn it earstoan bleau Mussert wegerjen, mar hy moast konsesjes dwaan om syn eigen posysje te behâlden. De Dútsers hienen dochs al harren nocht fan de healslachtige Mussert en drigen Meinoud Rost van Tonningen nei foaren te skowen, ta skea fan Mussert. Mussert gie dêrom yn septimber 1940 akkoard mei de oprjochting fan de Nederlânske SS, as fariant fan de Algemeine SS. Sadwaande waard op 11 septimber 1940 de Nederlânske SS formeel as ûnderôfdieling (ôfdieling XI) fan de NSB oprjochte. As 'Voorman' waard Henk Feldmeijer beneamd, dy't him yn de praktyk net folle troch Mussert en syn NSB sizze liet. Feldmeijer socht ynstee mear en mear oansluting by de Dútske Allgemeine (politike) SS. Yn 'e maitiid fan 1941 waard in opliedingsskoalle foar de Nederlandsche SS iepene op de bûtenpleats Avegoor te Ellecom.

Om't de Nederlânske SS in elitekorps hearde te wêzen, koe net eltsenien samar lid wurde. Der waard in kar makke op grûn fan ras, libbenshâlding, persoanlikheid en lichaamlike kondysje. Om lid te wurden moast de gadingmakker tenearsten oan de neifolgjende betingsten foldwaan:

  1. Aryske komôf fan 1800 ôf (foar ofsieren: 1750), dy't bewiisd wurde moast. De kandidaat moast op earewurd ferklearje dat him neat fan net-aryske foarâlden bekend wie.
  2. Gjin ûnearvolle strafrjochtlike fûnnissen yn de c.v..
  3. Minstens 1.72m. lang wêze.
  4. Oanwiisber lichaamlik sûn wêze.
  5. Leeftyd tusken 18-30 jier. Utsein goede nasjonaalsosjalisten fan foar 9 maaie 1940.
  6. Belofte fan hearrigens sûnder betingst oan alle mearderen.

Dan folge der foar de takomstige SS-Maat (de leechste rang, in oersetting fan 'SS-Mann') noch in rige keuringen en ûndersikingen op fysyk en genealogysk mêd. Wie alles ynoarder, dan waard de kandidaat offisjeel SS-man.

Organisaasje en belang

bewurkje seksje
 
Nederlân yn fiif Standaarden ferparte

De Nederlânske SS wie ferdield yn fiif territoriale standerten:

  1. Standaard I (Fryslân, Grinslân en Drinte) haadkertier yn Grins
  2. Standaard II (Oerisel en Gelderân) haadkertier yn Arnhim
  3. Standaard III (Noard-Hollân en Utert) haadkertier yn Amsterdam
  4. Standaard IV (Súd-Hollân en Seelân) haadkertier yn De Haach
  5. Standaard V (Noard-Brabân en Limburch) haadkertier yn Eindhoven.

Fierders wie der noch in plysje-standaard op himsels. De ferskillende standaarten wienen wer ûnderferdield yn groepen (4 man), troepen (40 man + lieder), stormen (123 man + kommandant + plakferfanger) en 3 stormbannen (500 man + stormbanstaf). Dizze yndieling bestie lykwols allinne op papier. Yn de praktyk bestienen de standerten út in tal stormen, dy't boppedat minder man telden at de bedoeling wie. Trochstrings telden de standerten mar 130 man. In wichtige reden hjirfoar wie dat der algeduerich in soad trochstreamden nei de Waffen-SS.

Dat in ferlingstik fan Himmlers SS yn Nederlân wichtich achte waard hie fjouwer redenen. Yn it foarste plak winske de SS, as gefolch fan Himmler syn ekspânsjedriuw, yn de ferovere lannen in wichtich plak yn te nimmen. Twads fûn de SS de oprjochting fan de Nederlânske SS wichtich foar it winnen fan frijwilligers foar de Waffen-SS. De Nederlânske SS koe net allinne sels as reservoir tsjinje, mar hie ek in wichtige taak by it lizzen fan in basis wêrút wei yn de takomst leden wûn wurde koene. Treds moast de Nederlânske SS Mussert yn de winslike grut-Germaanske rjochting fiere. As lêste hie de oprjochting fan de Nederlânske SS in wichtige propagandistyske wearde.

Op 1 novimber 1942 waard de namme wizige yn Germaansche   in Nederland. Dy nammeferoaring lei de klam op it feit dat net it Nederlânske aspekt foarop stie, mar it Germaanske, lês: Grut-Dútske. De Germaanske SS hie sa'n 7000 leden en se wie yn 't foarste plak in politike formaasje en teffens in reservoir foar de Waffen-SS. De Nederlânske SS'ers wiene yn swart unifoarm klaaid, dat ôflaat wie fan de Dútske SS. Ein 1944 bestie de Germaanske SS yn Nederlân inkeld noch op papier út reden fan it foar de Dútsers kearend tij fan de kriichsomstannichheden.

  • Wat is, wat wil de Nederlandse SS. , Amsterdam, Storm, ± 1941.
  • Veld, N. K. (ed.): De SS en Nederland. Documenten uit SS-Archieven, 1935-1945. De Haach, Nijhoff, 1976, ISBN 90-247-1671-3.

Keppeling om utens

bewurkje seksje