Ypk fan der Fear (Sondel, 15 febrewaris 1908 - Feanwâlden, 3 juny 1983) wie in Frysk skriuwster.

Ypk fan der Fear
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Ella Wassenaar,
Frou X,
Gelke Meintsje,
Beitske Bûterblom
echte namme Lipkje Post-Beuckens
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 15 febrewaris 1908
berteplak Sondel
stoarn 3 juny 1983
stjerplak Feanwâlden
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre Romans,
Gedichten
prizen Rely Jorritsmapriis 4x (1955, 1966-1968),
Gysbert Japicxpriis (1979)

Ypk fan der Fear wie in skriuwersnamme fan Lipkje Post-Beuckens, dy't ek skreau ûnder de namme Ella Wassenaar en fierder hat se har, benammen by har publikaasjes yn kranten en tydskriften, ek noch ferskûle efter `Frou X', `Gelke Meintsje' en `Beitske Bûterblom'. Se skreau ferskate Fryske boeken, en krige yn 1979 foar har histoaryske romans de Gysbert Japicxpriis. Nei har oplieding oan de kweekskoalle stie hja lange jierren foar de klasse. As proazaskriuwster publisearre hja it meast ûnder de skûlnamme Ypk fan der Fear, de famkesnamme fan har mem.

Yn al har wurk spylje froulju de haadrol en opfallend faak binne dat útsûnderlike figueren, soms miswoeksen en ferhûddûke, soms mei in ropping en besieling dy't mystike foarmen oannimt. Ypk fan der Fear skrille der net foar tebek om te rikken nei de sterkste ekstaze en de djipste fertwiveling. De kritisy priizgen de skriuwster om har moedich taasten nei wat gruts, hja hiene wurdearring foar har dryste konsepten, mar moasten wolris konstatearje, dat har macht oer taal en styl en har kompositoarysk fermogen net earlik foldwaande wiene om folslein slagge boeken ôf te leverjen. Dêrby hat hja ek wolris motiven en tema's oan wurk fan oaren ûntliend.

In tekoart oan behearsking, miskien in faai punt by har proaza, hat har as dichteresse fersen yn 'e pinne jûn fan in foar har tiid ûnbekende direktens en hertstochtlikens. As Ella Wassenaer brocht hja trije dichtbondels út. De eksperimintele dichters dy't yn Fryslân yn de jierren fyftich nei foaren kamen, beskôgen Ella Wassenaer as ien fan har en har earste bondel Reade runen is yn 1959 dan ek ferskynd as spesjaal nûmer fan it eksperimintele literêre tydskrift Quatrebras. Yn lêste bondel, dy't folle gewoaner is wat de foarmjouwing oanbelanget, publisearre Ella Wassenaer opfallend iepenhertige fersen, dêr't in sterke passy út sprekt.

Proaza
  • 1943 : Utskot
  • 1949 : Ta him dyn bigearte (2de pr. 1957; 3de pr. 1981; 4de pr. 1999)
  • 1952 : Ik en menhear
  • 1953 : De breugeman komt (2de pr. 1981)
  • 1959 : De deade by de libbene
  • 1961 : Ek in minske
  • 1966 : Eilân fan de silligen (2de pr. 1981)
  • 1968 : De man mei it famke
  • 1970 : Ien lyk minder
  • 1974 : Us Atsje
  • 1978 : De dei is jong
  • 1981 : Eros yn de stikels (ferhalen)
  • 1984 : In fatsoenlik famke
  • 1988 : In earme swalker yn 'e wrâld
Poëzy
  • 1959 : Reade runen (2de pr. 1974)
  • 1978 : Yn runen ritst
  • 1981 : Fernijd fiergesicht
Ferskaat
  • 1947 : Land en volk van gaast en klif
  • 1948 : Puppe en poppe (berneboek, 2de pr. 1981)
  • 1949 : Veenklooster
  • 1953 : De schilder Martin van Waning
  • 1954 : It wurdt skielk wer simmer (oersetting fan Keerlke fan Wilhelmine Siefkes)
  • 1974 : Us Atsje
  • 1980 : Land en mens van gaast en klif
Oersettings
  • 1956 : De bruidegom komt (De breugeman komt, oersetting Aize de Visser)
  • 1960 : Tot hem uw begeerte (Ta him dyn bigearte, oersetting Aize de Visser)
Prizen
  • 1973 : Freark Dam, Tekst en Utlis
  • 1993 : Jelma Knol, `út syn aerd wei froulik', de Fryske dichteressen en it misferstân, s. 38-51
  • 1998 : Hanneke Hoekstra, The Orthodoxy of the Heart. Faith, Fryslân and Feminism in the Novels of Ypk fan der Fear
  • 1999 : Ph.H. Breuker yn Ta him dyn begearte (út de rige Fryske klassiken) in artikel oer skriuwer, boek en útjeften.
  • 1999 : Lipkje Post-Beuckens, Ypk fan der Fear, Ella Wassenaer. (Teksten fan it sympoasium hâlden op 24 april 1999 yn de Menniste tsjerke yn Feanwâlden.) Byskriften nûmer 25.

Keppeling om utens

bewurkje seksje