Heawei
In Heawei of Miedewei liedt fan in doarp nei de byhearrende mieden en rint dêr dea. Soms hie de heawei neist it doel om der hea oer te ferfieren ek in wetterkearende funksje. De wei waard dêrom faak ophege mei seadden, sân en takkebosken. De heawegen krigen sadwaande ek nammen as Sânwei, Kneppelwei en Prikkewei (in prikke is in tinne tûke). At in heawei troch in furde gie waarden de ûndjippe plakken faak ferstevige mei balken of stiennen: waad, daam (bg. Prikkedaam) of tynje (bg. De Tynje. Heawegen, dy't notiids hast allegear ferhurde binne, binne algemien, útsein op plakken dêr't it heaferfier fan fanâlds oer wetter gie.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Wikiwurdboek-side - heawei
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|