Prikkedaam
Prikkedaam is de wei tusken Hoarnstersweach en Twitel. Earder wie dit de Prikkewei mei dêryn de Takkebrêge (no betonbrêge) oer De Tsjonger. Yn de omkriten fan de Prikkedaam binne yn it ferline tal fan archeologyske fynsten dien fan de Tsjongerkultuer. By Jobbegea Skuorregea en Berltsum is ek in Prikkereed.
Sirkwy
bewurkje seksjeDe Prikkedaam is ek in off-road motorreessirkwy besuden Makkingea. It leit by de krusing fan de binnendiken tusken Makkingea en Aldeberkeap en tusken Nijeberkeap en Hoarnstersweach. It sirkwy hat in lingte fan likernôch 1480 meter. Fêste berider fan de baan is de Motorklup Eaststellingwerf.
De lêste jierren kleie hieltyd mear minsken dy't yn de omkriten fan de baan wenje oer it lúd dat by wedstriden en trenings makke wurdt. Al in oantal kearen hat in wedstriid net troch gean kind, ek is der in lûdswâl makke tsjin de oerlêst.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|