Protestantske tsjerke fan Boarnburgum
De Protestantske tsjerke fan Boarnburgum is in tsjerkegebou fan de Protestantske Gemeente Boarnburgum-Koartehimmen.
Protestantske tsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Smellingerlân | |
plak | Boarnburgum | |
adres | Westerbuorren 11 | |
koördinaten | 53° 4' N 6° 2' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | ûnbekend, mooglik Sint-Sebastianus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1871 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 33980 | |
Webside | ||
PKN Boarnburgum-Koartehimmen | ||
Kaart | ||
Gemeente
bewurkje seksjeDe PKN-gemeente bestiet út de eardere herfoarme gemeenten fan Boarnburgum en Koartehimmen. Ek de De Wylgen, Smelle Ie en De Feanhoop falle binnen de grinzen fan de tsjerklike gemeente. It is yn 2004 net slagge om mei de grifformearden te kommen ta ien protestantsk-kristlike gemeente fan it doarp. De folle gruttere grifformearde gemeente fan Boarnburgum hat him nei de fúzje fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke en Grifformearde Tsjerken yn Nederlân oansletten by it doe oprjochte ferbân fan de Fuortsette Grifformearde Tsjerken yn Nederlân.
Skiednis tsjerkegebou
bewurkje seksjeBoarnburgum ferlear de midsiuwske tsjerke fan dowestien nei't de sealtektoer op 5 desimber 1733 ynstoart wie. Op de âlde fûneminten waard yn 1734 in nije tsjerke boud. It tsjintwurdige gebou stamt út 1871 en is in sealtsjerke mei in trijesidich koer en in houten geveltoer.
Hokker patroanhillige de tsjerke foar reformaasje hie, is net mear bekend. Fanwegen it foarkommen fan de net sa wenstige namme Sebastiaan yn Boarnburgum kin dat neffens de histoarikus Otto Derk Jan Roemeling Sint-Sebastianus west ha.[1]
Ynrjochting
bewurkje seksjeDe preekstoel is 17e-iuwsk.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard yn 1925 boud troch de firma Bakker & Timmenga yn Ljouwert. By de bou fan it oargel binne ûnderdielen brûkt fan it 18e-iuwske Hinsz-ynstrumint fan Seisbierrum.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|