Terwispel
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Opsterlân | ||||
Ynwennertal (2015) | 1.025 | ||||
Webstee | terwispel.net |
Terwispel is in doarp yn de gemeente Opsterlân, noardwest fan De Gordyk. It doarp hat likernôch 1000 ynwenners.
SkiednisBewurkje
Terwispel heart by de âldere delsettings fan de gemeente en hat fan oarsprong in agrarysk karakter. It wurdt nei 1315 wol as Wispolia, Westpalia en Wyspola skreaun. De namme soe komme fan it marke de Wide Wispel yn in sydstreamke fan it Alddjip. It doarp ûntwikkele him op it krúspunt fan de wei "De Streek" en it wetter De Nije Feart. Dy Nije Feart waard om 1852 hinne groeven as ûnderdiel fan de turfrûte. Trochdat de feart it doarp yn twaen spjalte waard de brêge oer de Nije Feart ek wol Spaltenbrêge neamd.
By de feanterij yn 1863 binne by it Alddjip wol 161 sulveren muntsjes fûn dy't dêr nei 750 bedarre binne. Ien fan de sydstreamkes fan it Alddjip ûntsprong tusken Terwispel en Koartsweagen. Troch de feanterij binne yn de 19e iuw ek Feanebuert, Kolderfean en De Tynje ûntstien. De Tynje is letter los komd en waard nei 1900 in eigen doarp.
MienskipBewurkje
In grut part fan it ferieningslibben spilet him ôf yn 'Us Doarpshûs', sa komt ek de feriening fan Pleatslik Belang dêr Oan de Smidte gear. Dat multyfunksjoneel sintrum waard yn 1987 mei in soad selswurksumheid boud. Ien kear yn de twa jier is der in doarpsfeest mei ferskate aktiviteiten. In wichtich ûnderdiel dêrfan is de buertkamp. Wispelweagen is de doarpskrante. De basisskoalle fan Terwispel is It Ambyld en 't Pikehokje it pjutteboartersplak.
FerieningsBewurkje
- Sizze en Dwaan - toaniel
- De Hiskefiskers - shantykoar
- Sportferiening Wispolia
- Fuotbalferiening Wispolia
- gymnastykferiening Wispolia
- tennisferiening Wispolia
BuertferieningsBewurkje
|
|
BefolkingBewurkje
Berne yn TerwispelBewurkje
- Karst Leemburg (1889–1958), reedrider en winner fan de âlvestêdetocht 1929
- Dirk van der Duim (1908–1990), reedrider en winner fan de âlvestêdetocht 1940
- Johanneke Liemburg (19 juli 1952), boargemaster fan Littenseradiel
- Henk Hofstra (1952), keunstskilder en grafysk ûntwerper.
- Atte Jongstra (13 augustus 1956), skriuwer, essayist en resensint
Iepenbier FerfierBewurkje
- Line 10 Qbuzz: It Hearrenfean – De Knipe – Langsweagen – De Gordyk – Lippenhuzen – Terwispel – Beetstersweach – Olterterp – Drachten – Nyegea – Sumar – Burgum – Hurdegaryp – Tytsjerk - Ljouwert vv.
- Line 13: Stienwyk - Eesfean - Nijensleek - Frederiksoard - Willemsoard - Noardwâlde - Sânhuzen - Aldeberkeap - Aldhoarne - Jobbegea Skuorregea - Lippenhuzen - De Gerdyk - Terwispel - Drachten - Nijtap - Rottefalle - Surhústerfean - De Harkema - Droegeham - Koatstertille - Jistrum - Noardburgum - Quatrebras - Hurdegaryp - Tytsjerk - Ljouwert
StrjittenBewurkje
't Feantsje, Alde Dyk, Alde Hiemen, Bûtewei, De Dûker, De Streek, De Fûnken, De Wâlden, Griene Dyk, Harnemûne, Hellingwâl, Klidze Rjocht, Koaibosk, Kolderfean, Mûnesleat, Mouwewei, Rykswei A7, Seagerij, Skarlannen, Skeanpaad, Smidte, Spaltenbrêge, Tolhúsleane, Visserwei.
Sjoch ekBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Haadplak: Beetstersweach | |
Doarpen en útbuorrens: Bakkefean • Fryske Peallen • De Gordyk • De Himrik • Jonkerslân • Langsweagen • Lippenhuzen • Lúkswâld • Nij Beets • Oerterp • Olterterp • Sigerswâld • Terwispel • De Tynje • Wynjewâld | |
Buorskippen: Ald Beets • Allardseach (foar in part) • It Foarwurk • Foksebuorren • De Hanebuert • Hanebuorren • Heidehuzen • Himrikerferlaat • Koartsweagen • Lyts Grins • Moskou (foar in part) • Nije Feart • Oerterp oan de Feart • Petersburch • Selmien • Sparjeburd • De Ulesprong • Weinterpferlaat • De Wyngaarden |