Haadmenu iepenje

Atte Jongstra (Terwispel, 13 augustus 1956) is in Nederlânsk skriuwer en essayist, en dêrneist resensint foar NRC Handelsblad en Ljouwerter Krante. Hy publisearre gedichten ûnder it pseudonym Arno Breekveld.

Atte Jongstra
Livro preto.svg skriuwer
Jongstra yn 2017
Jongstra yn 2017
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Arno Breekveld, Arno II von Brechelhain
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 13 augustus 1956
berteplak Terwispel
etnisiteit flagge fan Fryslân FRysk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Roman, poëzy, essay
bekendste
  wurk(en)
De psychologie van de zwavel (1989)
Familieportret (1996)
De avonturen van Henry II Fix (2007)
Klinkende ikken (2008)
prizen Geertjan Lubberhuizenpriis, Max Pam Award, Constantijn Huygens-priis 2016

Jongstra studearre Nederlânsk oan de Universiteit fan Amsterdam. Yn 1985 debutearre hy mei De Multatulianen. Yn 1990 krige hy de Geertjan Lubberhuizenpriis foar De psychologie van de zwavel, yn 1996 de Jan Greshoffpriis foar Familieportret.

Syn lêste boek, De avonturen van Henri II Fix, skreau Jongstra nei oanlieding fan de oanskaf op in feiling fan in trijetal kisten fol manuskripten en oare dokuminten fan dizze 18e iuwske libbenskeunstner en ensyklopedist út Swol.

Atte Jongstra is aktyf binnen it Collège de 'Pataphysique, hjir ûnderskieden mei de Bâtafysyske Oarder fan it Swangrêd en skepper en behearder fan de Bâtafysyske Byldbank.

Op it slûseilân by Tsjonger Slûs II by Jobbegea stiet in objekt fan him. It is der delsetten yn 1999. It is in taalmonumint dat de grins markearret tusken it Stellingwerfsk en it Frysk.

Op 29 jannewaris 2009 ûntfong Jongstra de Max Pam Award, foar syn boek Klinkende ikken en yn 2016 de Constantijn Huygens-priis foar syn heule oeuvre.

BibliografyBewurkje

  • De multatulianen (dokumintêre, 1985)
  • De psychologie van de zwavel (ferhalen, 1989)
  • Groente (roman, 1991)
  • Cicerone (ferhalen,1992)
  • De hortus (ûnder pseudonym Arno Breekveld, gedichten 1992)
  • Het huis M. (roman, 1993)
  • Zeppelin (pseudonym Arno Breekveld, gedichten, 1994)
  • Dichten over dichten (o.a.m. Arjan Peters, karlêzing, 1994)
  • Familieportret (essay, 1996)
  • De hele santenkraam. Nieuw christelijk lexicon (1997)
  • Disgenoten (roman, 1997)
  • Hudigers hooglied (roman, 1999)
  • De tak van Salzburg (essay, 2003)
  • De tegenhanger (roman, 2003)
  • Naar vogels grijpen. Notities (mei Gijs Dragt, 2005)
  • Zwart uit de wondermond (as Arno Breekveld, gedichten, 2006)
  • De avonturen van Henry II Fix (roman, 2007)
  • Klinkende ikken (autobiografy, 2008)
  • De heldeninspecteur (roman, 2010)
  • Kristalman. Multatuli-oefeningen (essay, 2012)
  • Djipte! (boekegeskink foar de Moanne fan it Fryske Boek 2013)
  • Diepte! (roman, 2013)
  • Worst (roman, 2014)
  • De Aardappelcentrale. Een monumentenman op oorlogspad (roman, 2019)

Keppeling om utensBewurkje