Goaitzen Burgy (Terwispel, 31 maaie 1886Hilfertsom, 29 augustus 1944) wie in Frysk skriuwer.

Libben bewurkje seksje

Goaitzen kaam as jongfeintsje by heit yn de saak dy timmerman-oannimmer wie. Hie folge op De Gerdyk de jûns-tekenskoalle. Burgy hat sels ek in koarte tiid oannimmer west. Nei wat koartere ferbliuwen op oare plakken yn Fryslân, en in besite fan in jier oan Kanada, festige er him yn 1920 as kafeehâlder en winkelman yn Hoarnstersweach. Hy fielde him thús yn dy kontreien en hie in skerp each foar de earmoedige omstannichheden fan de bewenners dêr. Burgy hat as frijsinnich-ûnôfhinklik riedslid fan 1923 ôf diel útmakke fan de gemeente Skoatterlân. Neidat de gemeente yn 1934 opnaam waard yn de nije gemeente It Hearrenfean, gie Burgy út de ried. Goaitzen Burgy wenne de lêste jierren fan syn libben yn Hilfertsom, dêr’t er yn 1944 ferstoarn is.

Dichter bewurkje seksje

Skriuwe die Goaitzen Burgy al op jonge leeftyd, op syn sechttjinde publisearre er syn earste fersen yn it tydskrift Sljucht en Rjucht fan Waling Dykstra. Foar syn trouwen, yn 1908, wie er al as toanielspiler en skriuwer aktyf yn it Terwispeler selskip ‘Sizze en dwaan’. Ynspiraasje as skriuwer krige er benammen neidat er him yn Hoarnstersweach nei wenjen set hie. De ûnminsklike tastannen by de earme befolking op ’e heide dêr, rekken him djip. Hy hie grutte bewûndering foar dy minsken, dêr’t er fan sei: ‘Gjin ien op ’e heide lijt honger, salang de oare noch in byt iten oer hat’.

Burgy wie in flot dichter, syn fersen litte har maklik lêze. Se ûntstige net it nivo fan de folksdichtkeunst, dêr’t er lykwols ek net nei stribbe. Syn sketsen, fersen en ferhalen waarden publisearre yn ferskeidene kranten en tydskriften, lykas Sljucht en Rjucht, It Heitelân en Fen Fryske Groun.

Skriuwer bewurkje seksje

Nei 1925 ûntwikkele er him as skriuwer fan toaniel en iepenloftspul. Syn earste iepenloftspul, ‘Kliuwende dregens’ waard yn july 1927 opfierd yn Hoarnstersweach. Haadfigueren wiene ‘Jong Fryslân’ en ‘Wâldman’. Sy joegen tegearre oan wêr’t it hinne moast mei de ûntwikkeling fan de streek: ‘It lânoanmeitsjen is de stoarmram, dy’t de skiedsmuorre twisken earmoed en wolfeart, twisken stilstean en foarútgong, tsjin de groun keilt’. It stik liet de krêft en de wil sjen fan de befolking om har te befrijen út de earmoede.

Burgy joech syn miening oer allerhande saken as skriuwer fan ynstjoerde stikken dy’t fan 1925 ôf ferskynden yn it De Hepkema (Nieuwsblad voor Friesland). Njonken de ynstjoerde stikken skreau er skôgings, gedichten en ferhalen, dy’t yn dy krante pleatst waarden. Yn 1932 pleatste de krante yn njoggen ôfleveringen it ferhaal: ‘Fen it hege sân. De Leechstra’s'. 'Teltsje út it boerelibben’, fan de hân fan Burgy. Hy woe mei syn skriuwerij benammen it Frysk lêzen fan de jongerein stimulearje.

De histoaryske roman, 'Herman de streuper: histoarysk forhael út it jier 1672', dy’t yn boekfoarm útkaam yn 1938, hie dêrfoar ek al yn ôfleveringen stien yn De Jongs Nieuwsblad, dat ferskynde yn Boalsert en omkriten. It wie de bewurking fan syn iepenloftspul ‘Yn dagen fan striid’ dat yn 1933 op It Hearrenfean opfierd is. Yn 1943 ferskynde syn jongesboek 'Yn en om de Koaibosk', it ferhaal spilet him ôf yn de omkriten fan Terwispel. Fan de stifting ‘Us Frysk Berneboek’ krige er in priis foar dat boek.

It bekendst is Goaitzen Burgy lykwols wurden mei syn roman 'Biritsen fjûr : forhael út ’e Fryske Wâlden', dat ferskynde yn 1942. Mei Wimer, de haadpersoan út it boek, woe Burgy de figuer fan de selsbewuste eigen boer stal jaan. Sa as er dat sels yn in lêzing ris nei foaren brocht: ‘In wilskrêftige keardel, sûn en geef, en dy’t de dingen fan it libben, goede en tsjoede, earlik belibbet. (...) In keardel, dêr’t djip op ’e boaiem fan syn grut hert in lyts, mar fûl fjoer yn smeult. Bedutsen fan de jiske fan syn izeren wil: Berutsen fjoer!’. It boek kaam yn ’e oarloch út en wie al nei in pear wike útferkocht. It hat meiinoar fiif printingen belibbe. Yn 1944 ferskynde it boek ek yn in Hollânske oersetting, ûnder de titel, Smeulend vuur.

Ta gelegenheid fan in jubileum fan pleatslik belang Ketlik-Mildaam hawwe Evert de Jong en Yme de Jong in bewurking foar iepenloftspul makke fan de roman Herman de Streuper. It stik is ûnder de titel ‘Dagen fan striid’ yn 2004 opfierd yn Ketlik.

Wurk bewurkje seksje

Proaza bewurkje seksje

  • 1938 : Herman de streuper : histoarysk forhael út it jier 1672
  • 1942 : Biritsen fjûr : forhael út ’e Fryske Wâlden (2e en 3e printinge 1943, 4e 1949, 5e 1976)
  • 1943 : Yn en om de koaibosk (jongesboek) (2e printinge 1976)
  • 1944 : Smeulend vuur (oersetting Biritsen fjûr, 2e printinge 1950, 3e 1976)
  • 1950 : Tusken Boarn en Tsjonger (Sammelbondel mei neilitten wurk)
  • 1976 : Tusken Boarn en Tsjonger (werprintinge, besoarge fan S. J. van der Molen)

Toaniel (in seleksje) bewurkje seksje

  • 1927 : Kliuwende dregens (iepenloftspul)
  • 1930 : Sybren scil bihang plakke : blijspil yn ien bidriuw
  • 1931 : Sake de Wâldboer : oarspronklik toanielstik (mei sang) yn fjouwer bidriuwen
  • 1933 : Yn dagen fan striid (iepenloftspul) (hat Burgy letter bewurke ta de roman Herman de streuper)
  • 1943 : Pension ‘It Reaklif’ (2e printinge 1964)
  • 1949 : In tizeboel (2e printinge 1962, 3e 1976)

Keppeling om utens bewurkje seksje