Tolhûs
In tolhûs is in gebou dêr't tol betelle waard.
It koe gean om in soarte fan ynfierjild (dan wurdt ek wol sprutsen fan aksynshûs) of om tol foar wei- of wetterferbiningen (byg. tolwegen of tolbrêgen). Yn it lêste gefal wie it tolhûs ek meast de tsjinstwenning fan de tolgarder as tolpachter. Tollen waarden faak ferpachte. De tolpachter betelle in beskaat bedrach it jier oan de lânhear (letter de oerheid) foar it foech tol te heffen en it rjocht fan bewenning fan it tolhûs. Yn it Nederlân fan nei de midsiuwen waard tollen faak ferpachte troch de Steaten fan it goa of de stêd, letter troch de ryksoerheid, de provinsje of de gemeente fan. Yn de 19e en 20e iuw waarden de measte fan sokke tollen yn Nederlân opheft.
Eardere tolhuzen yn Fryslân
bewurkje seksje-
Iisherberch Huylckenstein (tolhûs) mei tolbrêge oer de Frjentsjerter Feart, op it krúswetter fan de Boalserter Feart mei de Frjentsjerterfeart te Easterlittens. Huylckenstein waard boud om 1509 hinne en yn 1932 sloopt
-
Tolhûs Hoptille yn 1936
-
It Tolhek, tusken Tsjalhuzum en Ysbrechtum
-
It Tolhûs oan de Koningin Julianaweg hoeke Burgemeester Falkenaweg en Tolhuisweg op It Hearrenfean, om 1930 hinne.
-
Earder tolhûs oan de Sweachsterwei ûnder Lippenhuzen