Sietse Westra
Sietse Westra (folút: Sietse Jacob Westra; Terwispel,[1] 13 febrewaris 1927 – Assen, 17 febrewaris 1997)[2] wie de oprjochter fan Sportclub Cambuur.
Doe't Fuotbalferiening Ljouwert weromgie nei de amateurs yn 1964, rjochte Sietse Westra sportclub Cambuur op om proffuotbal foar de stêd Ljouwert te behâlden. Westra wie manager fan Cambuur yn de jierren 1964 oant en mei 1969. Op 19 juny 1964 wie de Stichting SC Cambuur in feit mei doe noch in jierlikse gemeentlike subsydzje fan 110.000,-- gûne, dat yn 1992 stoppe. Omdat it Cambuurstadion hast op it plak stie fan it kastiel fan de aadlike famylje Van Cammingha, en it feit dat it kastiel eartiids 'Cambuur' hjitte, de wyk ek sa hjitte, waard in fernijd famyljewapen fan de Van Cammingha's it wapen fan Cambuur. De club soe yn har begjinjier útkomme yn de lanlike twadde difyzje, krektas it al besteande Fuotbalferiening It Hearrenfean
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |