Albertus van Harinxma thoe Slooten (jurist)
Albertus baron van Harinxma thoe Slooten (Beetstersweach, 4 maaie 1872 – Amsterdam, 17 septimber 1940) wie in Frysk jurist.
Hy waard berne as soan fan Binnert Philip baron van Harinxma thoe Slooten dy't abbekaat en kantonrjochter wie foardat hy yn 1871 lid waard fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân en fan 1878 oant 1909 Kommissaris fan de Kening(inne) fan Fryslân wie. Syn âldere broer Pieter gie harren heit efternei en waard yn 1909 Kommissaris fan de Keninginne fan Fryslân; Sels hie hy in 37-jierrige karriêre by it Iepenbier Ministearje (IM) yn Nederlân.
Nei syn stúdzje oan de Ryksuniversiteit Leien waard hy yn 1902 beneamd ta amtner by it Iepenbier ministearje yn Ljouwert. Sân jier letter krige hy syn beneaming ta substitút-offisier fan justysje; earst yn Winschoten en in jier letter yn Amsterdam. Yn 1921 folge syn beneaming ta advokaat-generaal by it gerjochtshof yn Amsterdam. Doe't S.J.M. van Geuns, de prokureur-generaal fan dat gerjochtshof, yn 1934 op 70-jierrige leeftyd mei pensjoen gie, folge Van Harinxma thoe Slooten him yn augustus fan dat jier op.
Yn 1935 krige er fan de Gestapo it fersyk om nei Nederlân flechte Dútske kommunisten dy't net nei Dútslân werom stjoerd wurde koenen, net langer frij te litten omdat se harren dan yn oare lannen festigje soene kinne. Hjirop skriuwde hy in brief oan de minister van justysje wêrnei't yn maart fan dat jier Fort Honswijk by Culemborg as konsintraasjekamp ynrjochte waard en koart dêrnei yn gebrûk nommen waard.
Desimber 1939 gie hy mei pensjoen wêrnei't hy noch gjin jier letter yn de âldens fan 68 jier ferstoar.
Boarnen
bewurkje seksje- Het Vaderland - 29 desimber 1939, 18 septimber 1940
- Nazi's ynfiltrearden al sterk foar maaie '40 (Reformatoarysk Deiblêd - 18 desimber 1997)
- Genealogyske ynformaasje oer mr. A. van Harinxma Thoe Slooten