Ofsier fan justysje

algemien opspoaringsamtner dy't wurket foar it Iepenbier Ministearje
(Trochferwiisd fan Offisier fan justysje)

In ofsier fan justysje (soms ôfkoarte ta OfJ) is yn Nederlân in algemien opspoaringsamtner dy't wurket foar it Iepenbier Ministearje (IM). It Iepenbier Ministearje is de ynstânsje fan 'e oerheid dy't ferantwurdlik is foar it opspoaren en ferfolgjen foar de rjochtbank fan 'e dieders fan misdriuwen en oertrêdings. Nederlân telt goed 800 ûnderskate ofsieren fan justysje. Op it nivo fan it gerjochtshôf wurdt de funksje fan in ofsier fan justysje ferfolle troch in abbekaat-generaal, en by de Hege Ried troch in abbekaat-generaal of de prokureur-generaal.

De wichtichste taken fan in ofsier fan justysje binne:

Sawol de plysje as de ofsier fan justysje kinne twangmiddels tapasse. Foarbylden fan twangmiddels binne it steande hâlden, oanhâlden (arrestearjen), fûllearjen en fêsthâlden op it plysjeburo fan in fertochte. De ofsier fan justysje beslút oft hy of sy in saak oan 'e rjochter foarlizze wol of net; dat hjit it opportuniteitsbegjinsel. Dat hinget der ornaris fan ôf oft in ofsier fan justysje tinkt dat der genôch bewiismateriaal foarhâns is om 'e saak te winnen of net. As de ofsier fan justysje beslist om net oer te gean ta strafferfolging, kin immen dy't in streekrjocht belang by de saak hat, lykas it slachtoffer, in gerjochtlike proseduere (de saneamde artikel 12-proseduere) oanspanne om dochs strafferfolging ôf te twingen.

Nei't de ofsier fan justysje de strafeask útsprutsen hat en de rjochtsaak syn berin hân hat, kin de rjochter de stafeask fan 'e ofsier fan justysje folgje, mar hy of sy kin der ek fan ôfwike en in lichtere of in swierdere straf oplizze. Nei ôfrin fan 'e rjochtsaak is de ofsier fan justysje dejinge dy't derop tasjen moat dat it fûnis fan 'e rjochter útfierd wurdt. Sa stjoert hy of sy bygelyks de plysje derefteroan as lju dy't ta in finzenisstraf feroardiele binne, har net frijwillich melde om har straf út te sitten.

Yn de rjochtsitting

bewurkje seksje

Yn 'e rjochtbank draacht de ofsier fan justysje yn syn rol fan iepenbier oanklager in swarte toga mei in wite bef. As de hy of sy yn 'e rjochtseal it wurd fiert, giet hy of sy altyd stean. De rjochter, dy't rjocht foar de fertochte oer sit, bliuwt altyd sitten. Om dy reden wurde leden fan it Iepenbier Ministearje wol de 'steande magistratuer' en rjochters de 'sittende magistratuer' neamd. Ut it eachpunt fan 'e fertochte wei besjoen, sit de ofsier fan justysje yn 'e rjochtseal altyd lofts njonken de rjochter(s). De tafel fan 'e ofsier stiet lykwols altyd los fan 'e tafel fan 'e rjochter(s). De romte dy't dêr altyd tusken holden wurdt, moat de skieding fan 'e útfierende en de rjochterlike macht symbolisearje.

Under de rjochtsitting fertelt de ofsier fan justysje wêrfoar't de fertochte terjocht stiet. Dêrnei befreget de rjochter de fertochte oer de saak. Ek de ofsier fan justysje kriget de gelegenheid om fragen te stellen, en datselde jildt foar de abbekaat fan 'e fertochte. It kin wêze dat der dan noch tsjûgen heard wurde troch rjochter, ofsier fan justysje en abbekaat, mar yn Nederlân fynt dat faak al yn it foarûndersyk plak. Dan hâldt de ofsier fan justysje syn rekwisitoar, in betooch wêryn't er de rjochter(s) fertelt wat er fan 'e saak fynt en teffens de strafeask neamt en ûnderbout. Dêrby kin it om in jildboete of taakstraf gean, mar ek om finzenisstraf. Njonken straffen kinne ek maatregels foardere wurde, lykas ûntsizzing fan it rydfoech (bgl. by riden ûnder ynfloed) of TBS (in lange psychologyske behanneling yn in sletten ynrjochting).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.