Sint-Petrustsjerke (Oerterp)

De Sint-Petrustsjerke yn Oerterp is in oarspronklik yn de 13e iuw boude tsjerke.

Sint-Petrustsjerke
Sint-Petrustsjerke
Sint-Petrustsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente boder Opsterlân
plak Oerterp
adres Selmien-East
koördinaten 53° 05' N 6° 09' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Petrus
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31866
Webside
PKN It Keningsfjild
Kaart
Sint-Petrustsjerke (Fryslân)
Sint-Petrustsjerke
 
De eardere pastorij

De tsjerke leit bewesten Oerterp en waard tusken 1200 en 1250 as roomske tsjerke boud troch de sistersjinzers dy't út kleaster Mariëngaarde by Hallum wei dy't op ferskate plakken yn Fryslân úthôven en tsjerken bouden. Oarspronklik wie de tsjerke oan Sint-Piter wijd.

Ek de ûnlidde tsjerketoer komt út de 13e iuw. De toer fan de tsjerke hat ûnbidige muorren fan 1,60 meter dik ûnder oant 70 sintimeter boppe.

Nei de reformaasje yn 1580 waard it in protestantsk tsjerke gebou. Likernôch yn 'e selde tiid waarden galmgaten yn 'e toer ynbrocht. Doe't yn 'e 18e iuw de toer it gewicht fan de klokken net mear ferneare koe, binne dy út de toer helle en yn in klokkestoel hongen.[1]

Oarspronklik wie de tsjerke hielendal boud fan kleastermoppen. Grutte dielen fan de tsjerke, lykas de noard- en eastmuorre binne om 1800 hinne fernijd. Oan de súdkant is it midsiuwske karakter fan de tsjerke noch ôf te lêzen. De preekstoel, mei útsûndering fan it klankboerd, komt út de 17e iuw.[2] Tsjerke en toer binne erkend as ryksmonumint.

De eardere (reade) pastorij stiet foar de tsjerke oer en waard yn 1787 boud en as sadanich oant 1970 brûkt. It hûs njonken de tsjerke hat eartiids it kostershûs west.

 
Oargel

Neist de tsjerke stiet op it tsjerkhôf in houten klokkestoel. De orizjinele klokken binne troch de Dútsers yn de Twadde Wrâldoarloch weirôve. Yn 1948 waarden se ferfongen. De nije klokken koenen oantúgd wurde nei in finansjele ynsamling ûnder de befolking. De pleatslike útfeartferiening waard de eigener fan de klokkestoel. Yn 1982 wie der in restauraasje. Sûnt 2008 is de klokkestoel yn it besit fan de gemeente Opsterlân.[3] Beide klokken hawwe in râneskrift. Op efterelkoarre de grutte en lytse klok:

  • Ik bounzje drôf, ik bounzje bliid – GOD jowt alles op SYN tiid.
  • Al moast ús folk yn d’oarloch hast ferbliede, foar frije Friezen meie wy wer liede.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Berend L. Hoeksma, Ureterp, van heden tot verleden, side 21
  2. Karstkarel, Peter Alle middeleeuwse kerken: Van Harlingen tot Wilhelmshaven Utjouwerij Noordboek, Ljouwert/Grins, 2007, ISBN 978 9033005589
  3. Gemeente Opsterlân 29 oktober 2008: Gemeente Opsterlân wurdt nije eigener klokkestoel Oerterp
  4. Uitvaartvereniging Ureterp De Laatste Eer: De Klokkenstoel