Date Hendrik Keuning
Date Hendrik Keuning (Oerterp, 11 maart 1942) is in eardere Nederlânske politikus fan de PvdA.
Yn 1966 waard er wittenskiplik meiwurker ferbûn oan de ôfdieling tapaste wiskunde en technyske meganika fan de Ryksuniversiteit Grins. Ein 1970 promovearre hy op it proefskrift mei de titel On the theory of incomplete, piezoelectric bimorphs with experimental verification.
Hy hat dosearre oan de Lânbou Hegeskoalle yn Wageningen, mar wie ek aktyf yn de lokale polityk. Sa wie er gemeenteriedslid en wethâlder yn Ede. Yn oktober 1985 waard Keuning beneamd ta boargemaster fan de Drintske gemeente Borger. By de gemeentlike weryndieling yn Drinte op 1 jannewaris 1998 fusearre Borger mei de gemeente Odoorn ta de nije gemeente Borger-Odoorn wêrmei't syn funksje ferfoel. Begjin 2000 waard bekend dat er syn lidmaatskip fan de PvdA opsein hie om 't er neffens eigen sizzen neat murken hat fan de taseine help fan de PvdA oan neisoarch foar bûten spul rekke bestjoerders.