Elim (Sigerswâld)
Elim is in tsjerkegebou fan de kristlik-grifformearde gemeente fan Sigerswâld-De Wylp.
Elim | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Opsterlân | |
plak | Sigerswâld | |
adres | Taeijewyk 1A | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1970 | |
offisjele webside | ||
Side kristlik-grifformearde gemeente |
Gemeente
bewurkje seksjeDe kristlik-grifformearde gemeente fan Sigerswâld-De Wylp is yn 1960 stifte. Doe gyng ûnder lieding fan D.J. Klein-Onstenk, dy't letter dûmny waard en as finzenisdûmny bekendheid krige, de herfoarme evangelisaasje oer nei it tsjerkegenoatskip fan de Kristlik-Grifformearden. By de oprjochting yn 1960 telde it tal leden 110, tsjintwurdich (2018) is dat tal mear as ferdûbele. De gemeente fierde yn 2010 it fyftich-jierrich jubileum.[1]
Gebou
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn 1970 boud. Yn 2015 fûn in ferbouwing en modernisearring plak.[2]
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel achter it neogoatyske front is âlder as it gebou sels. It waard om 1895 hinne boud foar it Sint-Antoniusgesticht yn Amsterdam. It ferhûze dêrnei nei ferskate plakken yn Den Haach om lang om let yn 1960 telâne te kommen yn Sigerswâld. De gemeente makket hjoeddedei (2018) gebrûk fan in Monarke elektroanysk oargel.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|