Eastertsjerke (De Wylp)
De Eastertsjerke is de eardere grifformearde tsjerke en de hjoeddeiske tsjerke fan de PKN-gemeente fan De Wylp, Grinslân.
Eastertsjerke | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Easterwei 49 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1923 | |
offisjele webside | ||
Side fan de gemeente |
SkiednisBewurkje
Yn De Wylp ûntstie earst yn 1871 in ôfskieden gemeente. Foar dy tiid hearden de leden fan de gemeente by de kristlik-grifformearde gemeenten fan Haulerwyk en Mearum. De gemeente bestie mar njoggen jier en waard doe wer opheft. Dêrnei tsjerkten de measte Wylpsters yn Mearum, mar troch evangelisaasje woeks it tal grifformearden yn De Wylp stadichoan en op 16 oktober 1897 koe fanút Mearum op 'e nij in grifformearde gemeente ynstituearre wurde. It evangelisaasjelokaal oan de Easterwei waard letter te lyts en yn 1923 waard in nije tsjerke iepene, de hjoeddeiske Eastertsjerke. It tal gemeenteleden bleau yn de rin fan de tiid tanimmen, oant hast 700 leden healwei de jierren 1980. Dêrnei naam it ledetal stadichoan ôf.[1][2]
PKNBewurkje
Yn 2015 fusearre de grifformearde en herfoarme gemeente fan Sigerswâld en De Wylp ta de Protestanske gemeente De Wylp-Sigerswâld. Besletten waard om de eardere grifformearde Eastertsjerke oan te hâlden en de herfoarme tsjerke te ferkeapjen.[3]. Op snein 19 novimber 2017 waard der foar it lêst in tsjinst yn de eardere herfoarme tsjerke fierd.[4]
OargelBewurkje
It oargel fan de Eastertsjerke waard yn 1978 boud troch N.D. Slooff & Soan (Ouderkerk aan den IJssel).[5]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
boarnefernijing
|