Ouderkerk oan de Isel

(Trochferwiisd fan Ouderkerk aan den IJssel)

Ouderkerk oan de Isel (Nederlânsk en offisjeel: Ouderkerk aan den IJssel) is in doarp yn de Krimpenerwaard oan de Hollânske Isel. It hat sa'n 5700 ynwenners, ynklusyf de Lageweg).

Sicht op Ouderkerk oan de Isel

It doarp foarmet sûnt 1 jannewaris 1985 (nei in gemeentlike weryndieling) mei Gouderak, Lageweg en it buorskip IJssellaan de gemeente Ouderkerk. Foar dy tiid wie it ek in gemeente wêrûnder (neist it doarp Ouderkerk oan de Isel sels) ek Lageweg en IJssellaan foelen. Yn sommige stikken wurdt ek de buert Oudeland noch apart fermelden. Ouderkerk oan de Isel is de grutste fan dizze plakken. Ek it gemeentehûs fan de gemeente Ouderkerk stiet yn Ouderkerk oan de Isel.

Untsteansskiednis

bewurkje seksje

De âldste offisjele fermelding fan it doarp komt út 1263, doe't it noch Oudekerke neamd waard. Mar it is wierskynlik dat der al earder in doarp west hat dat oant de tolfte iuw de namme IJsele hân hat. Der binne yn elts gefal 12e-iuwske fûneminten fûn fan in dowestiennen tsjerkje.

Der binne wol in oantal Romeinske munten fûn út de earste fjouwer iuwen fan ús jiertelling, mar dy wize nei alle gedachten net op bewenning dy't makke. De fjoerplakken fan healwei de tsiende iuw meitsje bewenning al wol oannimliker. En der bestiet in fermoeden dat hjir al yn de 10e iuw in tsjerkje stien hat. Dit soe bysûnder wêze, omdat yn it earste millennium fan ús jiertelling de Krimpenerwaard noch moeras wie op wat donken nei.

Ekonomy (earder en no)

bewurkje seksje

De feehâlderij hat altyd de grutste sektor west, benammen kij en yn mindere mate bargen. Dochs stiet Ouderkerk oan de Isel benammen bekend as skippersdoarp. Dit hat ek grutte ynfloed hân op de yndustry yn it doarp dat foar in grut part rjochte wie op de binnenfeart: werven, seilmakkerijen, touslaggerijen ensfh. Dizze yndustry is sa goed as ferdwûn, mar ek no is der noch de ôfdieling Ouderkerk oan de Isel en omkriten (de Iselfleat) fan skippersferiening Schuttevaer de grutste ôfdieling nei Rotterdam mei mear as twahûndert leden, iselmannen sa't se dêr neamd wurde.

Net allinnich ferfier oer wetter, mar ek oer lân is fertsjintwurdige yn Ouderkerk oan de Isel mei in pear (ynternasjonale) transportûndernimmings. Fierders sitte der ferskate bedriuwen lâns de Iseldyk, wêrfan Houthandel Heuvelman, in gruthannel en ymporteur fan hout, mei namme neamd wurde kin. Net allinnich troch de grutte of de leeftyd (oprjochte yn 1876), mar benammen troch de yn it each springende grutte, giele, houten loadsen lâns de dyk. Mar sûnt de jierren santich doe't der in soad nije huzen boud waarden is in grut part fan de befolking forins en wurket yn benammen Rotterdam of Gouda.

Yn it ferline wienen der seis stienovens, dêr't de bakstiennen bakt waarden fan de Isel-klaai. Der binne yn it doarp en omkriten noch in soad gebouwen te finen dy't oplutsen binne út dizze gielige stientsjes. De 33 meter hege wettertoer (1910) oan de grins mei Krimpen aan den IJssel is faaks net it moaiste (der is ek in soad beton yn brûkt), mar wol ien fan de meast promininte foarbylden hjirfan. Mei it ferdwinen fan dizze stienfabriken binne de Iselstientsjes djoerder wurden.

Der wienen ek in soad mûnen yn Ouderkerk dy't yn de rin fan de 20e iuw allegear ferdwûn binne. De lêste, de houtseachmole Hermina, droech in soad by oan it doarpsbyld en is begjin jierren fyftich noch yngreven restaurearre. Mar op 30 oktober 1958 brekt der brân út troch koartsluting yn de elektryske seagerij dy't der ûnder siet en trije kertier letter is de mole finaal ôfbaarnd. Lâns de Berkenwoudse Boezem en de Molenvliet (de namme seit genôch) dy't bûten it doarp fan de Isel rjochting de Loet rinne, binne noch op twa plakken oerbliuwsels te finen fan moles. Hjir hat trouwens ien fan de earste stoommasines fan Nederlân stien (1804) om in stoomgemaal oan te driuwen. Dizze waard sa'n tsien jier letter al wer ôfbrutsen, omdat én de masine én de ferfeaning dêr't er foar ynsetten waard ôffoelen

It âlde tsjerkegebou en syn histoarje

bewurkje seksje

It doarp krige syn namme troch in midsiuwske tsjerke yn de buorren, de âldste tsjerke fan Súd-Hollân mei dy fan Sassenheim. Dizze tsjerke is boud op de 14e-iuwske fûneminten fan in eardere tsjerke dy't tusken 1425 - 1428, by de Hoekse en Kabbeljauske twisten, ferwoaste waard. Der is in krústsjerke fan makke, wêrmei't de tsjerke frijwat fergrutte waard en letter, begjin 16e iuw, binne der ekstra yngongen komd oan it dwersskip.

Yn de tsjerke is in prealgrêf te finen dat yn opdracht fan Loadewyk fan Nassau boud is. Sels leit hy net yn dit grêf, mar wol syn frou Isabelle, grevinne fan Hornes, syn soan Hindrik fan Nassau-Ouwerkerk en noch mear as tritich oaren út dizze basterttûke fan de Nassau's.

It tsjerkegebou heart tsjintwurdich ta oan de PKN, mar de klokketoer dy't by de tsjerke heart is sûnt 1798 fan de gemeente. Dit is noch in gefolch fan de skieding fan tsjerke en steat dy't fuortkaam út de herfoarmingen fan de Bataafske Republyk. De gemeente hat de toer yn 2001 útwreide mei in 24-klokkich klokkespul.

Roomske tsjerke

bewurkje seksje

By tsjerkegebouwen dy't âlder binne as de Reformaasje, sprekt foar himsels dat se ea ta de katolike tsjerke hearden. Yn dy tiid hie Ouderkerk in sintrumfunksje foar de omkriten (dêr is no neat mear fan oer) en hie de Sint Vincentius-parochytsjerke (sa't dy doe hiet) 'dochters' yn de omlizzende plakken, oant de oare kant fan de rivier yn Nieuwerkerk en Capelle. De tsjerke hearde doe by it Bisdom Utert.

Herfoarme tsjerke

bewurkje seksje

Yn it âlde tsjerkegebou preket yn 1579 foar it earst in herfoarme predikant. De herfoarme gemeente is letter ûnderdiel woarn fan it Grifformearde Bûn. Yn it ferline kamen ek de Nederlânsk Herfoarmen út it fierderop oan de Iseldyk lizzende Krimpen aan den IJssel yn dizze tsjerke. Dy hienen doe wol harren eigen yngong, ien yngong foar de Ouderkerkers en in oare yngong foar de Krimpenaren. Yn 1861 krigen se haren eigen tsjerkegebou, wêrtroch't it tsjerkjen yn Ouderkerk troch de Krimpenaren dien wie. De herfoarme gemeente yn Ouderkerk is nei it ûntstean fan de PKN opsplitst yn twa dielen, wêrfan ien diel fan de tsjerkegongers fierder gien is as Wersteld Herfoarme tsjerke. Trochdat dizze Wersteld Herfoarmden troch de splitsing sûnder tsjerkegebou binne komd te sitten is der net allinnich in religieuze mar ek in politike ferdieldheid yn de gemeente Ouderkerk ûntstien wêrby't de bou fan in nije tsjerke en de bestimmingsplannen ynsetten binne foar konflikten tusken gemeenteriedsleden en it kolleezje fan B&W. As foarlopige oplossing brûke de Wersteld Herfoarmden no it tsjerkegebou fan de Griformearde Gemeenten yn Krimpen aan den IJssel.

Grifformearde tsjerke

bewurkje seksje

Neist dizze tsjerken is der ek in fan oarsprong grifformearde tsjerke. Dizze siet sûnt 1910 yn in tsjerkegebou (boud yn 1909) krekt bûten de kom oan de Iseldyk. Doe't der yn de jierren 70 wer restauraasjewurk nedich wie is der foar keazen in nij gebou te betrekken. It tsjerkegebou is doe ferkocht oan in partikulier dy't it gebou restaurearre hat en ta wenhûs omboud hat. It lytse tuorke is doe sloopt fanwege de boukundige steat, de foargevel is doe oanpast.

Wettersneden

bewurkje seksje
 
Monumint "Dûbeltsje op syn kant" by Nieuwerkerk, as oantinken oan de wettersneed fan 1953. Dit monumint stiet op it plak dêr't Arie Evergroen it gat tichte mei syn skip.

Hoewol't Floaris V al yn 1287 in hânfêst stjoert nei Ouderkerk oer it ûnderhâld fan de diken, wuordt de Krimpenerwaard en dêrmei ek Ouderkerk meardere kearen troffen troch wettersneed. De twadde Sint Elisabetsfloed fan 1421 levert in dyktrochbrek op tusken Lekkerkerk en Krimpen aan de Lek, wêrtroch't de hiele waard blank komt te stean. In adekwate en duorsume oanpak lit troch de Hoekse en Kabbeljauske twisten even op him wachtsje. Mar foar de ein fan dit desennium (nei de Soen fan Delft) pakke Philips fan Boergonje en Jacoba fan Beieren troch en wurdt Aelbrecht fan Naaldwijk (wêrnei't yn Ouderkerk in strjitte neamd is) de earste dykgreve fan it earste heechhiemraadskip, it Hoogheemraadschap van de Krimpenerwaard.

De wettersneed fan 1916 wie benammen om de Sudersee, mar ek yn de Súd-Hollânske rivieren kaam it wetter tige heech. De Krimpenerwaard is it ienige plak yn Súd-Hollân dêr't it wetter oer de krún fan de dyk kaam. Dit hat de reden west om de diken op te heegjen. Oan de heechlizzende Doarpsstrjitte yn de buorren is dat noch goed te sjen troch de trepkes fan de foardoar nei it nije strjittenivo.

By de wettersneed fan 1953 waard de Krimpenerwaard ek troffen. De dyk bruts oer in lingte fan fjirtich meter troch neist de earder neamde grifformearde tsjerke krekt bûten it doarp. By de oerbliuwsels fan ien fan de moles oan de Molenvliet is nog te sjen hoe heeh it wetter yn de Krimpenerwaard stien hat. Ferneamd is ek it ferhaal fan de manmoedige Ouderkerkse skipper Arie Evergroen dy't syn skip ‘De Twee Gebroeders’ yn it gat yn de dyk by Nieuwerkerk farde om it dêrmei te tichtsjen. Hjirmei hat er foarkomd dat in grut diel fan Súd-Hollân (ynklusyf Rotterdam en De Haach) oerstreamd wêze soe.

Toerisme en rekreaasje

bewurkje seksje

De Hollandse IJssel, dêr't it doarp oan leit, is in rivier mei in soad willefeart. En de Krimpenerwaard, de waard dêr't it doarp yn leit, foarmet in wichtich ûnderdiel fan it Griene Hert. It doarp leit oan it Griene Hertpaad en de by it doarp hearrende polders lizze oan it Ouwerloperpaad. Dêrneist telt it doarp in oantal ryksmonuminten.

Dochs is der net folle toerisme te finen yn it doarp. Der binne net folle oernachtingsmooglikheden. De horeka is benamme rjochte op de eigen bewenners mei twa kroegen, twa snackbars, in ôfhelsinees en in pizzeria.

De Ouderkerkers sels geane foar harren rekreaasje it doarp út, de Krimpenerwaard yn, rjochting de Loet en de Loetbosk. Fierders binne der sportfasiliteiten yn benammen it multifunksjonele sintrum De Drie Maenen (neamd nei it wapen fan de gemeente Ouderkerk oan de Isel). Hjir binne dan ek ferskate sportferienings aktyf. It gemeentlike swimbad wie te ferliesjaand en hat yn de jierren '90 romte meitsje moatten foar in nijbouwyk. Neist sport binne by De Drie Maenen ek kulturele aktiviteiten.

Berikberheid

bewurkje seksje

It doarp is berikber oer de Iseldyk út de rjochting Gouda (lâns Gouderak en Lageweg) en út de rjochting Krimpen aan den IJssel en fia de Kerkweg fanôf de Provinsjale wei (N210) en de Loet. Omdat dizze lêste as grutste tagong nei it doarp it ferkear (der sitte in pear transportûndernimmingen yn it doarp) net mear oankoe, is der parallel in nije wei oanlein, de Zijdeweg (N475). Ek rint der troch de polder in Tiendwei (net foar trochgeand ferkear) dy't, mei de lêste nijbouprojekten, grinzet oan de beboude kom fan Ouderkerk oan de Isel.

Der rydt in busline (fan Connexxion) oer de Iseldyk (dus fanút Krimpen aan den IJssel rjochting Lageweg en Gouda en wer werom) en yn de spits in ekstra bustsjinst foar in snelle ferbining mei metrostasjon Capelsebrug. Benammen yn it wykein en jûns binne de bustiden beperkter woarn en is der op in stuit keazen om foar de sneinen de skilbus yn te fieren.

Ek is it doarp berikber fia de Hollandse IJssel, wêr't it oanlissteigers hat foar de binnenfeart en in fuotfear rjochting Groot Hitland (gemeente Nieuwerkerk aan den IJssel). Dit fuotfear, sa blykt út stikken, wie der al sûnt begjin 17e iuw. Oant healwei de 20e iuw waarden persoanen oersetten mei in roeiboot en dêrnei binne der motorisearre pontsjes komd.

  • Doe't ea de tsjerkeklok levere waard, blykten der skuorren yn te sitten, mar der stie noch in klok mei in oare bestimming. De Ouderkerkers soenen doe gau "Ouderkerk" fan de skuorde klok ôfhelle hawwe en de goede klok nomd hawwe, wat se de bynamme Klokkedief oplevere. Letter soe yn de Twadde Wrâldoarloch de Ouderkerkse klok meinomd wurde troch de Dútske besetters (foar de wapenyndustry).
  • Downing Street 10, de amtswente fan de Britske premier hat de namme 'Overkirk House' (ferbastering fan Ouwerkerk). Dit pân waard ea bewenne troch Hindrik fan Nassau-Ouwerkerk.

Keppeling om utens

bewurkje seksje