Plantsoentsjerke (De Wylp)

De Plantsoentsjerke yn De Wylp wie oant 2017 in tsjerkegebou fan de protestanske gemeente fan De Wylp-Sigerswâld. Sûnt de gearfoeging mei de grifformearden waard it oarspronklik herfoarme gebou oerstallich en dêrom oerdien oan it doarpshûs Op de Welle. It tsjerkegebou is fanwegen it oargel in ryksmonumint.

Plantsoentsjerke
bouwurk
De Wylp, Plantsoentsjerke.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Groningen.svg Grinslân
gemeente Westerkwartier vlag.svg Westerkertier
plak De Wilp wapen.svg De Wylp
adres Plantsoen 14
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke (sûnt 2017 oan de earetsjinst ûntskuord)
boujier 1868
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 460738
offisjele webside
Side fan de gemeente

SkiednisBewurkje

Doe't De Wylp healwei de 19e iuw ûntstie waard der yn 1868 ek in tsjerke boud foar de herfoarme gemeente.

 
Oargel

Yn 2015 fusearren de grifformearde en herfoarme gemeenten fan Sigerswâld en De Wylp ta de Protestanske gemeente De Wylp-Sigerswâld. Besletten waard om de eardere grifformearde Eastertsjerke oan te hâlden en de herfoarme tsjerke te ferkeapjen.[1]. Op snein 19 novimber 2017 waard der foar it lêst in tsjinst fierd.[2]

It eastlik oanbuorjende doarpshûs hie te min romte en kocht dêrom de tsjerke fuortendaliks oan. In bysûndere preekstoel en it monumintale oargel bleaune ek nei de ferbou yn de tsjerke.[3]

BeskriuwingBewurkje

De sealtsjerke hat oan wjerskanten fiif rûnbôgefinsters dy't ôfwiksele wurde troch lisenen. Yn de foargevel is in lyts roasfinster ynbrocht. It houten tuorketuorke hat in wylp as wynwizer.

OargelBewurkje

It oargel waard yn 1807 boud troch Johann Michaël Gerstenhauer út Monnickendam foar de mennistetsjerke oan de Peperstrjitte yn Hoarn. It Amsterdamske oargelbedriuw H. Knipscheer & Zn ferhûze it ynstrumint letter yn de 19e iuw nei de nije mennistetsjerke oan De Ramen (Hoarn) en wreide it út mei in posityf. Willem Hardorff út Ljouwert boude lang om let it oargel wer yn 1871 yn de nije herfoarme tsjerke fan De Wylp op. Dêrby waard it posityf wer ferwidere. It ienmanualige ynstrumint besit acht registers.[4][5]

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: