Fuortset Grifformearde tsjerke (Fryske Peallen)
De Grifformearde Tsjerke is de tsjerke fan de fuortsette Grifformearde tsjerke fan Fryske Peallen. De gemeente naam yn 2004 it beslút net mei te gean nei de Protestanske Tsjerke yn Nederlân en slette har oan by it nije tsjerkegenoatskip fan de fuortsette Grifformearde Tsjerken yn Nederlân.
fuortsette Grifformearde Tsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Opsterlân | |
plak | Fryske Peallen | |
koördinaten | 53° 06' N 6° 12' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | fuortsette Grifformearde Tsjerken | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1928 | |
Webside | ||
fGT Fryske Peallen | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe gemeente waard yn 1927 oprjochte en hat de woartels yn de Grifformearde Tsjerke fan Oerterp.
Op 3 maaie 1943 waard de gemeente slim rekke troch de stânrjochtlike eksekúsje fan 13 gemeenteleden en trije ûnderdûkers troch de Dútsers by Trimunt fanwegen de Molkstaking. Yn 1946 ferliet in diel fan de leden de tsjerke om harren oan te sluten by de Frijmakking. Ek emigrearre likernôch in fyftichtal leden nei de Feriene Steaten en Kanada.
Nettsjinsteande dat koe de tsjerke oan it ein fan de jierren 1940 en it begjin fan de jierren 1950 ferboud wurde. Der waard in nije konsistoarje boud; de âlde waard by de tsjerke lutsen en der fûn in útwreiding plak mei in dwerskip oan beide siden. Achter de tsjerke waard letter noch it tsjerklik mienskipssintrum "Iepen Doar" boud.
Yn 1997 waard de tsjerke renovearre. Sawol de flier en it plafond waarden fernijd en fan de yn 1998 ôfbrutsen Noardertsjerke út Drachten waarden de banken oernommen.[1]
De tsjerke fierde yn 2003 it 75-jierrich jubileum.[2]. Nei't in mearderheid fan de gemeenteleden tsjin it opgean yn de PKN stimde, hat de gemeente him yn 2004 oansletten by it ferbân fan de fuortsette Grifformearde Tsjerken.
Oargel
bewurkje seksjeIt hjoeddeiske oargel waard boud nei't it âlde oargel nei in renovaasje al rillegau op 'e nij klachten joech. Tanksij in legaat fan frou A. Bekkema koe it nije ynstrumint yn 2010 boud wurde. Oargelbouwer wie de firma Reil út Heerde.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |