George I fan Grut-Brittanje

George I Loadewyk (Dútsk: Georg Ludwig, Ingelsk: George Louis) (Hannover, 28 maaie 1660 - Osnabrück, 11 juny 1727) wie fan 23 jannewaris 1698 ôf karfoarst fan it Karfoarstendom Breunswyk-Lüneburg (Hannover) yn it Hillige Roomske Ryk. Op 1 augustus 1714 waard er ek kening fan Grut-Brittanje en Ierlân.

George I fan Grut-Brittanje
Crown linear.svg aadlik persoan en/of hearsker
George I Loadewyk
George I Loadewyk
nasjonaliteit Flag of Hanover (1692).svg Hannoveraansk
Flag of Great Britain (1707–1800).svg Britsk
bertedatum 28 maaie 1660
berteplak Hannover, Karfoarstendom Hannover, Hillige Roomske Ryk
stjerdatum 11 juny 1727 (67 jier)
stjerplak Osnabrück, Prinsbisdom Osnabrück, Hillige Roomske Ryk
dynasty Hûs Hannover
karfoarst fan Hannover
regear 23 jannewaris 1698 - 11 juny 1727
foargonger Ernst August
opfolger George II
hartoch fan Saksen-Lauenburg
regear 1705 - 11 juny 1727
foargonger George Willem
opfolger George II
kening fan Grut-Brittanje en Ierlân
regear 1 augustus 1714 - 11 juny 1727
foargonger Anna
opfolger George II

George waard berne yn Hannover, de doetiidske residinsje fan de hartoggen fan it Hartochdom Breunswyk-Lüneburg yn it hjoeddeistige Nedersaksen yn Dútslân, as soan fan Ernst August en Sofia fan Hannover. George erve alle titels en gebieten fan syn heit en syn omkes. In rige Jeropeeske oarloggen late ta de útwreiding fan syn Dútske gebieten, en yn 1708 waard er bekrêftige ta karfoarst fan Hannover. Nei it ferstjerren fan syn mem, en fan syn efternicht Anne, keninginne fan Grut-Brittanje en Ierlân, yn 1714 kaam George, as earste monarch fan it Hûs Hannover op de Britske troan. Om't de Act of Settlement fan 1701 it ferbea dat katoliken de Britske troan bemachtigje koene, wie George it tichtst besibbe protestantske famyljelid. As andert dêrop besochten de Jakobiten George ôf te setten en him te ferfangen mei Jakobus Frâns Edwert Stuart, de katolike healbroer fan Anne.

Under de hearskippij fan George, naam de macht fan de Britske monargy ôf en sette de oergong nei it regearjen troch in kabinet útein. Oan de ein fan syn hearskippij kaam de wiere macht yn hannen fan Robert Walpole, dy't winliken de earste Britske de facto minister-presidint waard. George ferstoar oan in oerhaal yn in reis nei Hannover, dêr't er ek begroeven waard.

LibbensrinBewurkje

 
George I yn 1714, doe't er op de Britske troan kaam

George Loadewyk waard berne op 28 maaie 1660 yn Hannover as âldste bern fan Ernst August fan Breunswyk-Lüneburg en Sofia fan de Palts, in pakesizzer fan kening Jakobus I fan Ingelân troch har mem Elizabeth Stuart. George hie fiif jongere bruorren: Freark August (1661-1691), Maksimiliaan Willem (1666-1727), Karel Filips (1669-1690), Kristiaan (1671-1703) en Ernst August (1674-1728). George hie ek in jongere suster: Sofia Charlotte (1668-1705), dy't kening Freark I yn Prusen boaske.

Fan 1698 ôf bestjoerde er it Karfoarstendom Breunswyk-Lüneburg, en nei it ferstjerren fan syn omke en skoanheit Georg Willem fan Breunswyk-Lüneburg yn 1705 erve er it Hartochdom Breunswyk-Lüneburg. Nei it ferstjerren fan syn mem. dy't neffens de Act of Settlement oanwiisd waard as Britske troanopfolchster, giene har rjochten oer op George. Op 31 oktober 1714 waard er ta kening fan Grut-Brittanje en Ierlân kroane as opfolger fan keninginne Anne. Hy wie de tichtst besibbe protestantske famyljelid fan har. Hy krige lykwols te krijen mei tsjinstân fan de Jakobiten ûnder lieding fan Jakobus Frâns Edwert Stuart, de soan fan kening Jakobus II. Harren opstân wie om 'e nocht.

George learde net goed Ingelsk, dochs koe it wol skriuwe en ferstean. Hy ferparte syn tiid tusken Ingelân en syn gebiet yn Hannoverlân. Yn Ingelân waard er te Dútsk en boppedat net al te snoad fûn. Op it Jeropeeske fêstelân hie er in bettere namme. Wylst de kening yn Hannoverlân in absolute monarch wie, stie er goedkarrend foar de Ferljochting oer.

Yn 1721 waard Sir Robert Walpole minister-presidint en wurdt beskôge as de earste Britske minister-presidint. Dy wie doe noch in troch de kening beneamde minister dy't troch de mearderheid yn it Legerhûs, it parlemint, late.

George ferstoar yn 1727 op Slot Osnabrück doe't er ûnderweis nei Hannover wie en in oerhaal krige. Hy waard begroeven yn it Leineschloss yn Hannover. Nei de Twadde Wrâldkriich waard er fannijs begroeven yn it mausoleum yn de tûnen fan Herreshausen. Syn soan folge him op as George II

Houlik en bernBewurkje

Op 18 novimber 1682 boaske er syn nicht Sofia Dorotea, dochter fan George Willem fan Breunswyk-Lüneburg. Dat houlik waard foarnommen om reden fan it befêstigjen fan in goed jierliks ynkommen en de oansteande feriening fan Hannover mei Celle.

George hold der lykwols in stikmannich frijsters op nei. Mei ien fan harren, Melusine von der Schulenburg, dy't er hartoginne fan Kendall makke, hie er trije ûnwettige bern. Doe't syn frou op har bart in ferhâlding oangie mei de Sweedske greve Philip Christoph von Köningsmarck, ferballe George har fan de rêst fan har libben nei Ahlden. It houlik waard yn 1694 ûntbûn, net om reden fan harren ûndôgenens, mar om reden dat Sofia George efterlitten hie.

George hie mei Sofia twa bern:

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch Notes, References, Sources en Further Reading op dizze side.