Keninkryk Hannover

(Trochferwiisd fan Hannover (keninkryk))

It Keninkryk Hannover wie in lân dat tusken 1814 en 1866 bestien hat. It is in fuortsetting fan it Karfoarstedom Braunschweig-Lüneburg. Oant 1837 waard Hannover yn in personiele uny mei it Feriene Keninkryk regearre en wie lidsteat fan it Dútske Bûn. It lân ûntstie by it Kongres fan Wenen yn 1814. Yn 1866 waard Hannover nei de Prusysk-Eastenrykske Kriich troch Prusen anneksearre en waard in provinsje binnen Prusen. It greeflike Eastfryslân en it Lân Woersten wienen ûnderdiel fan it Keninkryk Hannover.

Kaart fan it Keninkryk Hannover.

Steatshaden fan Hannover

bewurkje seksje
Namme Ofbyld Regearingsperioade Libben Frou
George III
Earder Karfoarst fan Hannover
  1814-1820 1738-1820 Sophia Charlotte fan Mecklenburg-Strelitz
George IV
Prins fan Wales
  1820-1830 1762-1830 1e: Maria Fitzherbert (1785-1796)
2e: Caroline fan Brunswyk (1796-1821)
Willem
Eigentlike regearingsnamme wie Willem IV
Hartoch fan Clarence en Saint Andrews
  1830-1837 1765-1837 Adelheid fan Saksen-Meiningen.
Ernst August
Hartoch fan Cumberland en Teviotdale
  1837-1851 1771-1851 Frederika fan Mecklenburg-Strelitz.
George V
Hartoch fan Cumberland en Teviotdale
  1851-1866 1819-1878 Marie fan Saksen-Altenburg.