Roomsk-Katolike Tsjerke

(Trochferwiisd fan Roomsk-katoliken)

De Roomsk-Katolike Tsjerke, meastal de Roomske Tsjerke, oprjochte yn 'e rin fan 'e 1e iuw, is de grutste leauwensrjochting yn it Kristendom. De Hillige Sit, dat wol sizze de Paus, it steatsekretariaat, de pauslike kongregaasjes en de pauslike rieden, is it haad fan de steatsrjochtlike takke fan Fatikaanstêd. Neffens it Roomske leauwen is de Paus, dy't sit hat yn Fatikaanstêd, de plakferfanger fan Jezus Kristus op ierde en syn útspraken wurde as ûnfeilber beskôge.

De Sint Pitertsjerke is it middelpunt fan Fatikaanstêd.

As ynstitút en organisaasje is de Roomske Tsjerke unyk. It is de âldste organisaasje fan 'e wrâld dy't sûnder ûnderbrekkings funksjonearre hat, sûnt de 1e iuw, en is it iennichste ynstitút fan it Romeinske Ryk dat likernôch sûnder feroarings fuortbestiet oant de tsjintwurdige tiid. It argyf en de biblioteek fan it Fatikaan binne allyksa de âldste yn 'e wrâld.

De Roomske Tsjerke hat as ynstitút sûnt de 3e iuw in wichtige rol spile yn de skiednis fan Jeropa en yn dy fan de rest fan de wrâld. Benammen yn de Midsiuwen en de iuwen fuort dêrnei hawwe der út namme fan de Roomske Tsjerke en de paus in soad oarloggen west, wêrûnder de Krústochten. Misjonarissen út de rike lannen fan it westen waarden nei earme koloanjes stjoerd om dêr te preekjen en om de pleatslike bewenners ta it Roomske leauwen te bekearen.

Yn 'e hiele wrâld binne mear as 900 miljoen oanhingers fan it Roomske leauwen. Likernôch de helte dêrfan wennet yn de Tredde Wrâld. Dêrby is der likernôch ien pryster op alle 1.400 Roomsken.

De organisaasje fan de Tsjerke is it resultaat fan in iuwenlange evolúsje: De tsjerke ken in strakke organisaasjestruktuer, mei fertikale en horizontale assen, in tsjerke organisearre yn krúsfoarm.

  • Fertikaal: fan paus oant leauwige leek; en
  • Horizontaal: op ferskate hichten bestiet in oantal - al as net - formele ynstellingen njonken inoar.

De Tsjerke ken har eigen rjochtbanken dy't basearre binne op it kanonike rjocht. De Tsjerke is gjin demokrasy en der is ek gjin skieding tusken de wetjouwende, útfierende en kontrolearjende macht. Alle macht is konsintrearre yn it amt fan de paus.

Der moat ûnderskied makke wurde tusken de paus as polityk steatshaad fan it Fatikaan, dat net folle om it liif hat, en as religieus lieder wêr't de paus wrâldwiid tige ynfloedryk is.

Fan paus oant leauwige (Fertikale struktuer)

bewurkje seksje

De paus regeart allinnich, hoewol't syn macht ynformeel beheind wurdt. Dat docht er troch dekreten en rjochtlinen. De grutte linen en prinsipes wurde werjûn in ensykliken, apostolyske ekshortaasjes en in protte oare dokuminten. Dizze wurde yn it Latyn publisearre en krije in namme dy't begjinne mei de earste wurden dêrfan. Sa hândelt de ensyklyk "Rerum Novarum" ('oer nije saken') de spesjale lear fan de Tsjerke en de ensyklyk "Humanae Vitae" ('oer it minsklik libben') de hâlding fan de Tsjerke mei antykonsepsje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: