In erfdochter wie foarhinne in aadlike dochter dy't har heite besittings urf. Dat moat yn 'e kontekst sjoen wurde fan 'e wizânsje om alle aadlike besittings oan 'e âldste soan te jaan, of soms ûnder de soannen te ferdielen. Froulike bern krigen dêrby meastal amper wat en soms hielendal neat. It bêste dêr't se nei útsjen koene, wie yn 'e regel in jierjild dêr't se fan libje koene. As der lykwols gjin soannen wiene, urf de (âldste) dochter alles. Foar in aadlik laach wie dat in ramp, om't it feitliks it útstjerren fan 'e namme betsjutte. Foar oare eallju wie it lykwols in bûtenkânske om fergees jins eigen lânerijen en titels út te wreidzjen. Erfdochters waarden dan ek beskôge as tige goede partijen, en de manlju dy't harren it hof makken, stiene by wize fan sprekken yn 'e rige. Sels hiene sokke froulju dêr lykwols net folle oan, want sadree't se troud wiene, ferfoelen alle besittings dy't se fan harren heit urven hiene oan harren man.

It bekendste gefal fan in rike erfdochter út 'e Nederlânske skiednis, wie Jehanna fan Polanen (1392-1445), de lêste telch út it geslach Duivenvoorde, dy't yn 1403 mei alve jier troude mei Ingelbrecht I fan Nassau-Dillenburch. Har besit omfieme û.m. de barony fan Breda en de hearlikheden fan Niervaart, Klundert, Geertruidenberch, Easterhout, Dongen, Hege en Lege Swaluwe, de Lek, Gageldonk, Hambroek, Kranendonk, Eindhoven, Herstal, Gaasbeek en Montfoart. Troch har houlik mei Ingelbrecht krige it Hûs Nassau foar it earst foet oan 'e grûn yn 'e Nederlannen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: