Mienebêst Ingelân
It Mienebêst Ingelân (Ingelsk: Commonwealth of England), ûnoffisjeel gauris de Ingelske Republyk of de Republyk Ingelân neamd, wie in steat yn Jeropa dy't bestie fan 1649 oant 1653. It omfieme it eardere Keninkryk Ingelân en fan 1652 ôf ek it eardere Keninkryk Ierlân. It Mienebêst Ingelân ûntstie oan 'e ein fan 'e Twadde Ingelske Boargeroarloch nei de berjochting en eksekúsje fan kening Karel I fan Ingelân, doe't it saneamde Rompparlemint in wet oannaam wêryn't Ingelân útroppen waard ta in mienebêst. Yn 1653, doe't Oliver Cromwell it Rompparlemint tsjin 'e wil fan 'e parlemintsleden yn ûntbûn, hold it Mienebêst op te bestean, en gie it oer yn it Protektoraat.
Mienebêst Ingelân Commonwealth of England | |
---|---|
1649 – 1653 | |
flagge | wapen |
Latyn: Pax Quæritur Bello ("Frede Siket Men mei Oarloch") | |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | Londen |
offisjele taal | Ingelsk |
steatsfoarm | republyk |
ûntstien út | ● Keninkryk Ingelân ● Keninkryk Ierlân |
opgien yn | it Protektoraat |
no diel fan | Feriene Keninkryk |
sifers | |
ynwennertal | ±7,5 miljoen (1653) |
befolkingstichtens | 3,1 / km² (1653) |
oerflak | 235.400 km² (1653) |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Ingelsk pûn, Iersk pûn |
Geografy
bewurkje seksjeIt Mienebêst Ingelân bestie út it eardere Keninkryk Ingelân, dat sels opmakke wie út Ingelân, Wales en Man. Fan 1652 ôf hearde ek it eardere Keninkryk Ierlân ta it Mienebêst, dat it hiele eilân Ierlân besloech. Yn totaal kaam it Mienebêst dêrmei út op in oerflak fan goed 235.400 km².
Skiednis
bewurkje seksjeIt saneamde Rompparlemint fan it Keninkryk Ingelân kaam ein 1648 ta wêzen troch de Suvering fan Pride, wêrby't alle leden fan it eardere Lange Parlemint dy't it net iens wiene mei de lieders fan it revolúsjonêre Nije Modelleger, nei hûs ta stjoerd waarden. Sadwaande hie it Rompparlemint minder as twahûndert leden, wat minder as de helte wie fan it tal leden fan it Lange Parlemint. De measte leden fan it Rompparlemint hearden ta de legere adel (gentry), dy't fanwegen religieuze en/of politike opfettings wol fan 'e monargy ôf woene, mar dy't fierders yn prinsipe konservatyf wiene en alhiel gjin belang hiene by it trochfieren fan fierdere herfoarmings, lykas op it mêd fan grûnbesit.
Koart foar en nei de eksekúsje fan kening Karel I fan Ingelân op 30 jannewaris 1649 naam it Rompparlemint in stikmannich wetten oan dy't de basis leine foar de oprjochting fan in republyk. Yn 'e op 19 maaie fan dat jier yngeande Act Declaring and Constituting the People of England to be a Commonwealth and Free-State waard ferklearre dat it folk fan Ingelân en alle gebieten dy't dêrby hearden fan doe ôf ûnder it bewâld fan in mienebêst stie, dat feitliks in republyk wie. Troch de ôfskaffing fan 'e monargy, it Hegerhûs en de Kroanried fan Ingelân (Privy Council) hie it Rompparlemint ûnbeheinde macht ta it nimmen fan sokke beslissings. De Ried fan Steat naam it meastepart fan 'e funksjes fan 'e monargy oer. De leden fan dat lichem, wêrfan't de measten sels ek parlemintsleden wiene, waarden útkard troch it Rompparlemint. Mar it parlemint koe neat sûnder de stipe fan it Nije Modelleger, dêr't it in tige ûnnoflike bân mei hie.
De earste twa jier fan it Mienebêst bestie der in oanhâldende driging fan ynvaazjes út it Keninkryk Skotlân en/of it Keninkryk Ierlân wei. Under de Trêde Ingelske Boargeroarloch waard yn 1651 Skotlân fierhinne oerweldige en ûnder it bewâld fan in Ingelske gûverneur pleatst, en yn 1652 ferovere it leger ûnder lieding fan Oliver Cromwell ek hiele Ierlân foar it Mienebêst. Sadwaande wie tsjin 1653 it gefaar fan útlânske ynfallen wykt. Boppedat wie it nije regear doe erkend troch bûtenlânske grutmachten, lykas it Keninkryk Frankryk en it Keninkryk Spanje.
Underwilens broeiden der in protte ynterne konflikten yn Ingelân. Guon leden fan it Rompparlemint woene in iepentlike republyk hawwe, sûnder it betinksel 'mienebêst' om sa'n steatsfoarm efter te ferskûljen, wylst oaren krekt in beheinde foarm fan 'e monargy weromhawwe woene. It meastepart fan 'e tradisjonele bestjoersklasse, de hege adel, beskôge it hiele Rompparlemint as in yllegaal regear besteande út in soadsje keningsmoardners en omheechfallen parvenu's. Mar hja wiene har ek bewust fan it feit dat it Rompparlemint alles wie dat it ûntstean fan in militêre diktatuer tsjinkearde.
Hoewol't de Tsjerke fan Ingelân bestean bleau, waard it episkopaat (de hierargyske gesachsstruktuer) ôfskaft (der wiene dus gjin biskoppen mear, mar allinne predikanten). Benammen op oanstean fan it leger waard it bestean fan in protte ûnôfhinklike tsjerken dulde, hoewol't eltsenien noch hieltyd belesting oan 'e Tsjerke fan Ingelân betelje moast. Fierders fierde it Rompparlemint lytse herfoarmings op it mêd fan it rjocht troch (alle gerjochtlike prosedueres moasten bgl. fan doe ôf oan yn it Ingelsk holden wurde ynstee fan yn it Anglo-Normandysk of it Latyn). In soad fan dy herfoarmings fan it Rompparlemint, dat út strange puriteinen bestie, hiene lykwols te krijen mei noarmen en wearden. Sa waarden teäters en skouboargen sletten (toanielspyljen soe amoreel wêze) en waard de tsjerkegong op snein strang ferplichte.
Op 20 april 1653 ûntbûn Cromwell mei help fan Thomas Harrison it Rompparlemint tsjin 'e wil fan 'e leden yn. Syn redens om dat te dwaan, binne noch altyd ûndúdlik. Skiedkundigen hawwe as teoryen op 't aljemint brocht dat Cromwell bang wie dat de leden fan it Rompparlemint harrensels ta in regear ûntwikkelje woene, en dat er bang wie dat it Rompparlemint ferkiezings tarette foar in nij parlemint, dat nei alle gedachten yn mearderheid tsjin it Mienebêst wêze soe. Hoe dan ek, it Rompparlemint hold op te bestean, hoewol't in protte leden dêrfan de ûntbining as ûnwettich beskôgen om't it ûntbinen fan it parlemint sûnder de ynstimming fan datselde parlemint op 11 maaie 1641 by wet ferbean wie.
Nei de opheffing fan it Rompparlemint wie der in koarte perioade wêryn't Cromwell en it leger de allinnichhearskippij hiene. Der wie op dat stuit net ien mear dy't it grûnwettich gesach hie om in ferkiezings út te skriuwen, mar Cromwell woe ek gjin militêre diktatuer ynstelle. Dêrom stalde er yn july 1653 in 'nominearre assimblee' gear, wêrfan't er ferwachte dat dy dwaan soe wat hy woe, om't it leger alle leden nominearre. Dat lichem waard bekend ûnder de spotnamme 'Barebone's Parlemint', nei ien fan 'e leden, de baptistyske keapman Praise-God Barebone, ien fan 'e earste gewoane boargers dy't ea yn in Ingelsk parlemint opnommen waarden. De algemiene opfetting wie dat dit parlemint út 'ynferieure' lju bestie, mar feitliks hearden 110 fan 'e 140 leden ta de legere adel, en ek fan 'e oare tritich hiene de measten goed ûnderrjocht genoaten.
De opfettings fan Barebone's Parlemint foarmen in ôfspegeling fan 'e opfettings fan 'e ofsieren dy't de nominaasjes dien hiene. Der wiene sa'n fjirtich radikalen mei in hurde kearn dy't ôfwoe fan eltse foarm fan monargy en steatsgodstsjinst, sa'n sechstich moderaten dy't de besteande steatsynrjochting ferbetterje woene, en sa'n fjirtich konservativen dy't op eltse feroaring tsjin wiene. Cromwell ferwachte dat Barebone's Parlemint sûnder syn yngripen in nije grûnwet foar it Mienebêst produsearje soe, mar de leden wiene hopeleas ferdield oer krekt de wichtichste striidpunten. Boppedat hiene mar 25 fan harren ea earder sit hân yn in parlemint en wiene der mank harren alhiel gjin juristen dy't slutende wetlike formulearrings opstelle koene.
Ein 1653 hellen de radikalen genôch moderaten oer om harren te stypjen by it fuortstimmen fan in wetsfoarstel wêryn't it bewarjen fan 'e status quo op it mêd fan 'e godstsjinst fêstlein wurde soe. Dêrop namen de konservativen en guon oare moderaten op 8 desimber op in tiid fan 'e dei dat der net in protte leden yn it parlemint oanwêzich wiene, in moasje oan wêrmei't se harren gesach weromjoegen oan Cromwell. Dy stjoerde dêrop it leger om 'e parlemintsleden dy't har net by dy list dellizze woene, derút te jeien, en op 16 desimber rôp er himsels út ta beskermhear (Lord Protector) en stifte dêrmei it Protektoraat.
Sjoch ek
bewurkje seksje- Ingelske Boargeroarloch
- Keninkryk Ingelân (oant 1649)
- Protektoraat (Britske Eilannen) (1653-1659)
- Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân (1659-1660)
- Restauraasje fan it Hûs Stuart
- Keninkryk Ingelân (fan 1660 ôf)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |