Ferklearring fan Arbroath
De Ferklearring fan Arbroath (Ingelsk: Declaration of Arbroath) is in Skotske ûnôfhinklikheidsferklearring dy't datearret fan 1320, ûnder de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen, doe't it Keninkryk Skotlân dwaande wie syn selsstannigens werom te winnen nei in fearnsiuw fan oerhearsking troch Ingelân. It is in ferneamd dokumint, om't it de ierst oerlevere ûnôfhinklikheidsferklearring fan 'e wrâld is, en sadwaande is it ek bûten de Britske Eilannen fan grutte betsjutting.
De Ferklearring fan Arbroath is skreaun yn it Latyn en steld as in brief, datearre op 6 april 1320 en rjochte oan paus Jehannes XXII, as ûnderdiel fan in diplomatike kampanje om pauslike goedkarring en befêstiging te krijen foar it bestean fan Skotlân as in ûnôfhinklike, soevereine steat. Teffens wurdt yn 'e ferklearring it rjocht fan Skotlân ûnderboud om (as selsstannige steat) gebrûk te meitsjen fan militêr geweld as it ûnrjochtlik oanfallen of ûnderdrukt wurdt (sa't it gefal wie yn 'e perioade fan 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen).
Oer it algemien wurdt oannommen dat de Ferklearring fan Arbroath skreaun is yn 'e Abdij fan Arbroath, deunby de stêd Arbroath, troch Bernard fan Kilwinning, de abt fan dat kleaster, dy't doedestiden teffens kânselier fan Skotlân wie. De ferklearring is besegele troch 51 foaroansteande eallju en grutgrûnbesitters, en it is de iennichste dy't bewarre bleaun is fan in trijetal byinoarhearrende brieven oer itselde ûnderwerp oan 'e paus. De oare beide wiene in brief fan Robert I, de kening fan Skotlân, en ien fan fjouwer Skotske biskoppen. Nei't men oannimme mei wie de ynhâld fan 'e trije brieven fierhinne gelikens. De meast ferneamde passaazje út 'e Ferklearring fan Arbroath is dizze:
[...] want, salang't ek mar hûndert fan ús yn 't libben bliuwe, sille wy ús nea ûnder lykfol hokker betingst ûnder Ingelske hearskippij deljaan. Wiswier, it is gjin gloarje, noch rykdom, noch eare dêr't wy foar stride, mar foar frijheid – foar dat allinnich, dat gjin oprjocht man opjout of it moat wêze tagelyk mei it libben sels.
De Ferklearring fan Arbroath moat sjoen wurde yn it bredere ramt fan 'e drege relaasje dy't doedestiden bestie tusken it pausdom en Skotlân. De paus wie de Skotske saak net botte tagedien fanwegen de moard troch Robert I op syn rivaal Jan III Comyn, hear fan Badenoch, yn 1306, wêrfoar't er troch Jehannes XXII syn foargonger Klemins V ekskommunisearre wie. Uteinlik die de diplomatike kampanje fan 'e Skotten lykwols fertuten, en loek Jehannes yn 1328 de ekskommunikaasje fan 'e Skotske kening yn. Fan gefolgen moast doe ek Ingelân him tsjin heuch en meuch yn by in selsstannich Skotlân dellizze. Yn maaie 1328 tekene kening Edwert III fan Ingelân einlings en te'n lêsten it Ferdrach fan Edinburch-Northampton, wêryn't Skotlân erkend waard as in ûnôfhinklik lân mei Robert I as kening.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |