Suo jure
Suo jure (útspr.: ['suo: 'ʒu:re], likernôch: "sûo zjoere") is in Latynske útdrukking dy't letterlik "yn syn/har eigen rjocht" betsjut. Dizze útdrukking wurdt ornaris brûkt yn 'e kontekst fan aadlike titels, wêrby't froulju yn it ferline yn 'e regel de titel fan harren man dielden. Dus as de greve fan Hollân troude mei de dochter fan 'e greve fan Flaanderen, om mar in foarbyld te jaan, dan krige de breid by it houlik as gemalinne fan 'e greve fan Hollân de titel 'grevinne fan Hollân'. Dat woe lykwols net sizze dat se dan ek lykfol hokker regearingsfoech hie, want dat wie net sa. Mar soms, as der gjin manlike erfgenamten wiene, folge in dochter har heit op en hie dan wol regearingsfoech. Om dat ferskil oan te jaan, wurdt dan suo jure tafoege, of ek wol it eigenskipswurd 'regearjend'. Dus om in foarbyld te jaan: Jakoba fan Beieren wie regearjend grevinne fan Hollân of grevinne fan Hollân suo jure.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |