Alex Salmond (folút: Alexander Elliot Anderson Salmond; Linlithgow (Skotlân), 31 desimber 1954) is in Skotsk politikus, dy't fan 2007 oant 2014 de fjirde premier fan Skotlân wie. Fan 1990 oant 2000 en fan 2004 oant 2014 wied er dêrnjonken de lieder fan 'e Skotske nasjonalistyske partij SNP, dy't dernei stribbet om fan Skotlân in ûnôfhinklik lân te meitsjen. Yn 2014 stie Salmond oan it haad fan 'e ja-kampanje yn 'e oanrin nei it Skotske ûnôfhinklikheidsreferindum. Doe't de Skotske befolking yn mearderheid tsjinstimde, besleat Salmond om op te stappen as premier en partijlieder. Hy bleau lykwols in swiergewicht binnen de SNP, en by de Britske nasjonale ferkiezings fan 2015 waard er wer yn it Britske Legerhûs keazen. Uteinlik ferlear er syn sit by de Britske parlemintsferkiezings fan 2017.

Alex Salmond
politikus
echte namme Alexander Elliot Anderson
   Salmond
nasjonaliteit Britsk
bertedatum 31 desimber 1954
berteplak Linlithgow (Skotlân)
etnisiteit Skotsk
partij Skotske Nasjonale Partij
lid fan it Britske Legerhûs
amtsperioade 20152017
Premier fan Skotlân
amtsperioade 20072014
foargonger Jack McConnell
opfolger Nicola Sturgeon
lid fan it Skotske Parlemint
amtsperioade 19992001
20072016
lid fan it Britske Legerhûs
amtsperioade 19872010

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Salmond waard op âldjiersdei 1954 berne yn it Skotske Linlithgow, as de twadde fan fjouwer bern yn 'e húshâlding fan Robert Fyfe Findlay Salmond (1921) en dy syn frou Mary Stewart Milne (1922-2003), dy't allebeide amtners wiene. Salmond syn heit, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch by de Britske Keninklike Marine tsjinne hie, wie syn wurkpaad begûn as elektrisiên. De famylje hie yn Linlithgow woartels dy't weromgiene oant de achttjinde iuw. Salmond syn middelste nammen komme fan 'e famyljetradysje om 'e bern te ferneamen nei de pleatslike predikant fan 'e Tsjerke fan Skotlân, yn dit gefal dû. Gilbert Elliot Anderson, fan 'e St. Ninian's Craigmailen Parish-tsjerke.

 
Salmond ûnder in taspraak yn 2007.

Salmond gie fan 1966 oant 1972 nei de pleatslike Linlithgow Akademy, en studearre oanslutend oant 1973 oan it Kollege fan Kommersje yn 'e Skotske haadstêd Edinburgh. Dêrnei waard er talitten oan 'e prestizjeuze Universiteit fan St. Andrews, dêr't er in stúdzje ekonomy en Midsiuwske skiednis die. Under syn studintetiid hie Salmond sit yn it studinterie fan 'e universiteit, dêr't er as fise-foarsitter tsjinne. Hy studearre yn maaie 1978 cum laude ôf, en wurke dêrnei twa jier lang as ekonoom foar it departemint fan Lânbou en Fiskerij foar Skotlân. Fan 1980 oant 1987 stied er yn 'e tsjinst fan 'e Royal Bank of Scotland, dêr't er sûnt 1982 sizzenskip hie oer de ynvestearrings yn 'e oaljeyndustry.

Politike karriêre bewurkje seksje

Salmond waard foar it earst polityk aktyf doe't er him yn syn studintetiid yn 1973 by de Federaasje fan Studintenasjonalisten joech, de studinte-organisaasje fan 'e Skotske Nasjonale Partij (SNP). Dy stap wurdt gauris taskreaun oan 'e oantrún troch syn doetiidske faam Debbie Horton, in Ingelse út Londen, dy't siktaris wie fan 'e Labourklub oan 'e Universiteit fan St. Andrews, en dy't him nei in rûzje oer polityk tabiten hawwe soe: "No, ast der sa oer tinkst, rot dan mar op nei dy ferrekte SNP!" De oare deis folge Salmond har rie op en melde er him oan as partijlid. Mei't hy ien fan 'e mar twa partijleden wie dy't noch in dei letter de algemiene ledegearkomste fan 'e St. Andrews-ôfdieling fan 'e Federaasje fan Studintenasjonalisten bywenne, waard er dêr keazen ta foarsitter.

 
Salmond by in besyk oan Spanje, yn 2011.

Yn 't earstoan hold Salmond him op 'e uterste lofterfleugel fan 'e SNP op, en wied er in foaroansteand lid fan 'e 79-Groep, in sosjalistyske republikeinske organisaasje binnen it ramt fan 'e SNP. Syn partijlidmaatskip waard sels noch in hoartsje opskoarre doe't de 79-Groep út 'e partij setten waard. Dat duorre lykwols mar in moanne, en yn 1985 krige er binnen de SNP it foech oer publisiteitssaken. Yn 1987 stelde er him by de Britske nasjonale ferkiezings kandidaat foar it kiesdistrikt Banff en Buchan, dêr't er it sittende Konservative parlemintslid, Albert McQuarrie, fersloech. Hy soe dat distrikt dêrnei 23 jier lang yn it Britske Legerhûs fertsjintwurdigje, oant 2010.

Doe't Gordon Wilson yn 1990 ôftrede as lieder fan 'e SNP, besleat Salmond om him foar dy post ferkiesber te stellen. Syn iennichste tsjinkandidate wie Margaret Ewing, dy't lykwols mar 146 fan 'e 632 stimmen krige. By de Britske parlemintsferkiezings fan 1992 hope de SNP op in elektorale trochbraak, mar hoewol't der oansjenlik mear minsken op 'e partij stimden, gie dat hegere stimmerstal ferlern trochdat de oanhing oer tefolle kiesdistrikten ferspraat wie, sadat de reële winst beheind bleau. By de ferkiezings fan 1997 waarden àl twa sitten wûn, sadat de SNP yn it Legerhûs fan fjouwer nei seis sitten gie, mar de wiere oerwinner fan dy ferkiezings wie de Labourpartij.

 
Salmond (rj.) yn 2008 mei Ian Paisley (m.) en Martin McGuinness (l.), de premier en fise-premier fan Noard-Ierlân.

Nei de ferkiezings sette de Labourpartij ûnder Tony Blair yn op selsbestjoer foar Skotlân, dêr't in referindum oer komme moast. Hoewol't de SNP eins op folsleine ûnôfhinklikheid ta woe, besleat Salmond om it stribjen fan Labour te stypjen as in earste stap op 'e wei nei in selsstannich Skotlân. Syn gearwurking mei Donald Dewar, de lieder fan 'e Skotske Labourpartij, en Jim Wallace, de lieder fan 'e Skotske Liberaal-Demokraten, yn 'e kampanje foarôfgeande oan it referindum oer selsbestjoer kaam him op fûleindige krityk fan 'e hardliners yn 'e eigen partij te stean. Salmond syn earste perioade as lieder fan 'e SNP waard lykwols karakterisearre troch in ferskowing yn it tinken fan 'e nasjonalisten fan ien "grutte sprong foarút" yn 'e rjochting fan ûnôfhinklikens, nei in mear stapke-foar-stapke-oanpak om it Skotske folk mei te krijen.

Doe't de Skotske befolking ienris foar selsbestjoer stimd hie, wûn Salmond by de earste Skotske regionale ferkiezings yn 1999 in sit yn it nije Skotske Parlemint, dêr't er it kiesdistrikt Banff en Buchan fertsjintwurdige. Salmond toande him warber tsjin 'e bombardeminten op Joegoslaavje troch de NATO ûnder de Kosovo-oarloch fan 1999, en letter ek tsjin 'e ynfal yn Irak ûnder it mom fan 'e syktocht nei massaferneatigingswapens. Fanwegen deiliskip yn 'e eigen rigen besleat er lykwols yn 2000 ôf te treden as partijlieder fan 'e SNP, wêrby't er opfolge waard troch John Swinney. Yn 2001 joech er boppedat syn sit yn it Skotske Parlemint op om him ta te lizzen op it liederskip fan 'e SNP-fraksje yn it Legerhûs.

 
Staasjeportret fan it earste Kabinet-Salmond (2007-2011), mei foaroan premier Alex Salmond en fise-premier Nicola Sturgeon.

It bloed kroep lykwols wêr't it net gean koe, en yn 2004, nei it ôftreden fan Swinney, besleat Salmond him dochs fannijs ferkiesber te stellen foar it partijliederskip fan 'e SNP. Hy behelle in oertsjûgjende oerwinning, mei 75% fan 'e stimmen. Om't er lykwols op dat stuit gjin sit hie yn it Skotske Parlemint, liet er de earste trije jier in grut part fan it partijliederskip oer oan syn pleatsferfangster, Nicola Sturgeon. By de de ferkiezings fan 2007 waard Salmond wer yn it regionale parlemint keazen, dêr't er oant 2011 it kiesdistrikt Gordon, en neitiid it kiesdistrikt Aberdeenshire-East fertsjintwurdige.

By de ferkiezings fan 2007 behelle de SNP sa'n grutte oerwinning dat de partij neitiid mei stipe fan 'e Skotske Griene Partij in minderheidsregear foarmje koe. Dêrby waard Salmond premier en Sturgeon fise-premier. Hoewol't syn politike tsjinstanners, út 'e Konservative Partij, de Labourpartij en de Liberaal-Demokraten, allegear foarseine dat er Skotlân nei de ôfgrûn ta liede soe, wiene de Skotten bêst te sprekken oer Salmond syn regear. By de Skotske ferkiezings fan 2011 wûn de SNP op 'e nij, en diskear wisten de nasjonalisten safolle sitten yn 'e hannen te krijen dat se in mearderheidsregear foarmje koene, dat yn 2012 ynstallearre waard, op 'e nij mei Salmond en Sturgeon as premier en fise-premier.

Nei de ferkiezingsoerwinning fan 2011 fielden de nasjonalisten har sa sterk dat se it einlings oandoarsten en kundigje in referindum oer ûnôfhinklikheid oan. Nei in drege kampanje, dy't fan 'e kant fan it nee-kamp mank gien wie mei bangmakkerij en yntimidaasje, die by it Skotske ûnôfhinklikheidsreferindum fan 19 septimber 2014 lykwols bliken dat de mearderheid fan 'e Skotske kiezers der de foarkar oan joech om by it Feriene Keninkryk te bliuwen. Dat wie in swiere klap foar de SNP, en Salmond besleat om 'e ferantwurdlikheid op him te nimmen en it fjild te romjen. Sadwaande waard er op 14 novimber 2014 as partijlieder opfolge troch Sturgeon, dy't op 19 novimber teffens keazen waard as premier fan Skotlân.

 
Staasjeportret fan it twadde Kabinet-Salmond (2011-2014), mei sittend foaroan premier Alex Salmond en fise-premier Nicola Sturgeon.

Salmond behold lykwols syn sit yn it Skotske Parlemint oant de Skotske ferkiezings fan 2016, en yn desimber fan 2014 makke er bekend dat er him ek wer ferkiesber stelde foar de lanlike Britske ferkiezings fan 7 maaie 2015. Tsjin dy tiid wie de SNP sterker as ea tefoaren, mei't de Skotske kiezers har bekocht fielden doe't de Britske politisy dy't Skotlân by it Feriene Keninkryk hâlde woene, harren ûnthjitten oer mear selsbestjoer en bettere foarsjennings nei ôfrin fan it ûnôfhinklikheidsreferindum net neikamen. Net allinnich wûn Salmond op 7 maaie mei oermacht it kiesdistrikt Gordon, mar boppedat behelle de SNP dy deis in meunsteroerwinning troch 56 fan 'e 59 Skotske sitten yn it Britske Legerhûs te winnen (wylst se dêrfan tefoaren mar 6 beset hiene). Neitiid smiet Salmond him yn it Legerhûs op as lieder en wurdfierder foar it SNP-flottylje, wêrby't er yn july 2015 sei dat in nij ûnôfhinklikheidsreferindum yn Skotlân mar in kwestje fan (net al tefolle) tiid is.

By de Britske parlemintsferkiezings fan 2017, dy't troch de Konservative premier Theresa May betider útroppen waarden omreden fan 'e Brexitproblematyk, krige de SNP ûnferwachts in gefoelige tebeksetter, wêrby't de partij 21 sitten yn it Legerhûs ferlear. By dy ferkiezings waard Salmond as parlemintslid foar Gordon ferslein troch de Konservative kandidaat Colin Clark, sadat er foar it earst sûnt 1987 yn gjin inkeld parlemint noch in sit hie.

Karriêre as presintator bewurkje seksje

Begjin novimber 2017 kundige it Ingelsktalige Russyske tillefyzjenetwurk RT (foarhinne bekend as Russia Today) oan dat it in nij praatprogramma op 'e tillefyzje bringe soe mei Alex Salmond as presintator. De Skotske premier Nicola Sturgeon liet witte, doe't har dêr troch de media nei frege waard, dat se Salmond ôfret hawwe soe om mei RT yn see te gean, as har dêr nei frege wie (wat blykber net sa wie). It tillefyzjeprogramma kaam The Alex Salmond Show te hjitten, en de earste útstjoering fûn plak op 16 novimber 2017, mei as wichtichste gast de yn ballingskip libjende Katalaanske lieder Carles Puigdemont.

Beskuldigings fan seksuële misdragings bewurkje seksje

Yn augustus 2018 sei Salmond syn lidmaatskip fan 'e SNP op doe't er beskuldige waard fan sedemisdriuwen út 2013, doe't er premier fan Skotlân wie. Hy sei dêrby dat er mei syn die foarkomme woe dat de SNP om him yn twa kampen opspjalten waard, en spriek syn bedoeling út om op 'e nij lid te wurden sadree't er fan alle oanklachten frijsprutsen wie. Ein augustus fan datselde jier begûn Salmond in crowdfundingsaksje om 'e kosten te beteljen dy't er meitsje moast om 'e rjochter oardielje te litten oer it hâlden en dragen fan 'e Skotske oerheid yn syn saak. Nei twa dagen sleat er de aksje ôf, mei't er doe al £100.000 ynsammele hie, dûbel it bedrach dêr't er nei stribbe. De Skotske oerheid moast letter tajaan dat der flaters makke wiene by de ôfhanneling fan 'e saak, û.m. troch de beskuldigings ûndersykje te litten troch immen dy't sels by de foarfallen yn 2013 belutsen west hie. De oerheid moast Salmond £500.000 oan abbekatekosten fergoedzje.

Nettsjinsteande dat gie it ûndersyk nei de beskuldigings troch. Op 24 jannewaris 2019 waard Salmond arrestearre troch de plysje en oanklage foar fjirtjin misdriuwen, wêrûnder twa gefallen fan besykjen ta ferkrêfting en njoggen gefallen fan seksuële oantaasting. Salmond liet in ferklearring publisearje wêryn't er úthold ûnskuldich te wêzen en datselde liet er op 21 novimber 2019 formeel fêstlizze doe't er foarkomme moast. De rjochtsaak tsjin him sil, as alles nei ferwachting giet, begjinne op 9 maart 2020.

Priveelibben bewurkje seksje

Yn 1981 troude Salmond mei Moira French McGlashan, in hege amtneresse dy't santjin jier âlder wie as hy, en dy't syn eardere baas wie op it departemint fan Lânbou en Fiskerij foar Skotlân. Hja hawwe gjin bern, wenje yn it doarp Strichen, yn Aberdeenshire, en hâlde harren priveelibben safolle mooglik út 'e publisiteit. Salmond is in leafhawwer fan golf, hynstekoersen, fuotbal, lêzen en country & westernmuzyk. Yn 2000 hie Salmond foar de grap in lyts roltsje yn 'e Pakistaanske soapsearje The Castle, as in omwaarjende geast. Der wurdt grute dat er dêrfoar advys ynwûn by syn freon en SNP-stiper, de akteur Sean Connery.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.