Karst de Jong (Nijehaske, 30 maaie 1866 - It Hearrenfean, 14 desimber 1945) wie sosjalistysk wethâlder op It Hearrenfean en Frysk Steatelid.

Al jonge fielde er him oalutsen ta de opkommende arbeidersbeweging. Der gie in grutte ynfloed fan him út yn de pleatslike ôfdielingen fan it Bûn foar algemien kies- en stimrjocht, It Soasjalistysk Bûn en de Democratische Kiesvereniging 'Rjocht troch See'. Doe't de SDAP yn 1902 oprjochte waard op It Hearrenfean wie De Jong har earste foarsitter. Hy bleau dat oant 1926 (útsein in pear koarte tuskenskoftkes). Yn 1897 waard hy riedslid fan de destiidske gemeente Skoatterlân, yn 1902 folge syn beneaming ta wethâlder. Hy wie de earste sosjaal-demokratyske wethâlder yn Nederlân.

Neist syn besliste politike oertsjûging wie De Jong in praktysk man. Yn 1907 waard hy keazen ta lid fan Provisjale Steaten fan Fryslân. Yn 1919 waard hy beneamd ta lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân, wêrtroch't in ein kaam oan syn lidmaatskip fan de gemeenteried en syn wethâlderskip.

As deputearre behearde hy de portefúlje 'Tasicht op de gemeentebestjoeren' wylst hy dêrneist sitting hie yn ferskate troch it provinsjebestjoer ynstelde kommisjes. Troch in slepende sykte lei hy yn 1930 syn funksje dan Deputearre del. Wol bleau hy earst noch lid fan Provinsjale Steaten, mar syn lichaamlike tastân behindere him stadichoan mear noch oan it provinsjaal bestjoer mei te wurkjen. Nei in langduorjend lijen ferstoar Karst de Jong yn 1945 yn it ferpleechhûs "Huzinge Johanna" oan de Hearrewâl op It Hearrenfean.

Nei him is yn 1959 de K.de Jongwei neamd dy't fan de Atalantastrjitte oant de Jan Mankesleane en de Alma Tademawei op It Hearrenfean rint.