Samira El Idrissi

Samira El Idrissi (Drachten, 14 desimber 1992)[1] is in studinte, fjochtsportster en model fan mingd Frysk-Marokkaansk komôf. Hja waard yn 2015 wrâldkampioene taekwondo by de froulju.

Samira El Idrissi
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Samira El Idrissi
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 14 desimber 1992
berteplak Drachten (Fryslân)
etnisiteit Frysk
Marokkaansk-Arabysk
sportive ynformaasje
sport taekwondo
wichtige prestaasjes
WK: 2x goud
EK: 2x goud
WK: 1x brûns

Libben en karriêre

bewurkje seksje

El Idrissi waard yn 1992 berne yn Drachten, as de dochter fan in Fryske mem en in Marokkaanske heit. Hja hat altyd tige sportyf west, en siet as bern op fuotbal, follybal en tennis, wylst se ek as majorette aktyf wie. Mei alve jier keas se lykwols foar de fan oarsprong Koreaanske fjochtsport taekwondo. Se beoefenet de saneamde "hurde" fariant fan dy sport, dêr't gjin maskers by droegen wurde (oars as de "sêfte" fariant, dy't in Olympyske status hat).

Oarspronklik wie El Idrissi oansletten by de Drachtster sportskoalle Art of Defense, mar fanwegen in brekme oan begelieding hat hja har no by Kassem Gym jûn. Hoewol't dy sportskoalle alhiel yn Alfen oan de Ryn stiet, kriget hja dêr goede begelieding fan 'e eigners, de bruorren Khalid en Habib Kassem. Yn in fraachpetear foar de Ljouwerter Krante, mids july 2015, sei El Idrissi dêroer: "Sy binne Marokkaansk. Ik ek. Wy begripe inoar." Har yn sportfermiddens wat ûngewoane sponsor, Slachterij Rypma út Gytsjerk, is El Idrissi oan kommen om't de eigner fan dat bedriuw famylje fan har mem is.

Yn 2013 wûn El Idrissi in brûnzen medalje op it wrâldkampioenskip taekwondo yn it Ingelske Coventry. Yn 2015 folge goud (op twa ûnderdielen) op it wrâldkampioenskip yn it Italjaanske Rimini.[2] Dêrnjonken hat se ek twaris it earste plak behelle op it Jeropeesk kampioenskip en yn eigen lân ferskate medaljes wûn.

Njonken har sportkarriêre is El Idrissi ek aktyf as fotomodel en as mannekên. By fotoshoots of moadeshows moat hja geregeldwei mei make-up har blauwe plakken kamûflearje. Fierders studearret El Idrissi European Studies, wêrfoar't se staazje rûn hat yn it Jeropeesk Parlemint. Earder studearre se in healjier businesskommunikaasje yn it Frânske Cannes. Yn 'e simmer fan 2015 ferhuze hja fan Drachten nei Amsterdam, dêr't hja oant febrewaris 2016 dwaande wie mei har ôfstudearstaazje.

Yn it neijier fan 2016 rjocht El Idrissi de stifting LaForsa op, wêrmei't se jonge, kwetsbere famkes yn 'e leeftyd fan 12 oant 17 jier helpt om sterker te wurden en mear selsfertrouwen te krijen. Dat docht se troch de famkes taekwondo te learen, mar ek troch it fieren fan petearen en it troch harren by har modellewurk (bgl. it rinnen fan moadeshows) te belûken. El Idrissi begûn mei dit wurk yn Amsterdam, mar yn febrewaris 2018 sette se yn gearwurking mei de organisaasje Maatschappelijke Ondersteuning Smallingerland (MOS), de GGD en de gemeente Smellingerlân in soartgelikens projekt op yn har berteplak Drachten.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Profyl fan Samira el Idrissi op SportgalaSmallingerland.nl
  2. Samira El Idrissi uit Drachten wint meervoudig goud op open WK taekwondo in Italië
  3. Laan, Ton van der, Stevig in je schoenen dankzij Samira, yn: de Ljouwerter Krante, 22 febrewaris 2018, s. 3.

  • Lolkema, Renze, Studente, model en vechtmachine, yn: de Ljouwerter Krante, 15 july 2015.