Jurjentje Aukes Rauwerda

Jurjentje Rauwerda

Jurjentje Aukes Rauwerda, Jurjentje Weinthal, (Oentsjerk, 14 desimber 1812 - Amsterdam, 3 oktober 1877) wie in Nederlânsk bordeelhâldster en madam. Yn de 19e iuw hie sy in lúks bordeel yn Amsterdam mei de namme Maison Weinthal.

Jurjentje Aukes Rauwerda
persoanlike bysûnderheden
oare namme Jurjentje Weinthal
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 14 desimber 1812
berteplak Oentsjerk
stoarn 3 oktober 1877
stjerplak Amsterdam
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt bordeelhâldster
reden
  bekendheid
Maison Weinthal yn Amsterdam

Libben en wurk

bewurkje seksje

Jurjentje wie in dochter fan timmerman Auke Klases Rauwerda en Blijke Jurjens. Hoe't en wanear't sy yn de prostitúsje bedarre is net bekend. Yn 1843 jout se as berop 'naaister' op. Se troude op 2 novimber 1843 yn Ljouwert mei Benjamin Salomon Weinthal (Emden, 1802 - Amsterdam, 1855) by wa't sy ien bern krige, Bernard (Ljouwert, 1845 – 1860), mar earder hie sy ek al fjouwer bern, dêr't twa fan jong stoarn wienen. Rillegau sette it pear har nei wenjen yn Grins.

Yn 1848 ferfear de húshâlding nei Amsterdam. Dêr kochten se in tal pânen op de Pijpenmarkt en rillegau koe it bordeel dêryn iepene wurde. It wie in lúksieus bordeel[1], it grutste fan Amsterdam (oan de Nieuwezijds Voorburgwal 229, op rinôfstân fan de Dam).

Jurjentje neamt harsels 'tapster', Benjamin jout keapman as berop op. Yn 1853 ferhuzet Benjamin nei de Franschelaan yn de Plantage. Jurjentje en de bern bliuwe op de Pijpenmarkt wenjen. Op dat stuit hie it bordeel 15 famkes út Nederlân, Dútslân en Frankryk. Benjamin stoar yn 1855.

Jurjentje har dochter Jacoba Rauwerda hat har mem as madam opfolge en it bordeel yn it wurk holden. Ek ûnder in folgjende eigner blau de namme Weinthal. Nei it stranger wurden yn 1897 fan de pleatslike plysjeferoardering, waarden huizen van ontucht ferbean en waard de namme wizige yn Hotel Weinthal en gienen de saken gewoon troch; lang om let waard it bordeel yn de simmer fan 1902 sletten.

  • An Huitzing, Betaalde liefde. Prostituées in Nederland 1850-1900 (Bergen 1983).
  • Martin Bossenbroek en Jan Kompagnie, Het mysterie van de verdwenen bordelen (Amsterdam 1998).
  • Annemarie de Wildt, De bewogen geschiedenis van Maison Weinthal, Ons Amsterdam 54 (2002) 94-97.
  • Annemarie de Wildt en Paul Arnoldussen, Liefde te koop. Vier eeuwen prostitutie in Amsterdam (Amsterdam 2002).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Lid ûndersykskommisje A. Voûte yn 1897: Het bordeel bevat een wintertuin, een groote salon en verschillende kleinere met een reeks min of meer weelderig gemeubileerde ‘werkkamers’, een badkamer en ‘bazaar’ (slaapzaal). Het huis is den ganschen nacht open en wordt ook zoowel ’s morgens en ’s middags vrij druk bezocht: er komen ook veel vreemdelingen.