Digitaal Frouljusleksikon fan Nederlân
It Digitaal Frouljusleksikon fan Nederlân (Nederlânske ôfkoarting DVN) is in online Nederlânsk neislachwurk mei biografyen fan opmerklike Nederlânske froulju oant likernôch 1850. It is, wat froulju oanbelanget, in oanfolling op it Biografysk Wurdboek fan Nederlân en op deselde stâljûn. Beide binne projekten fan it Ynstitút foar Nederlânske Skiednis.
Yn it DVN wurde inkeld froulju opnommen dy 't ferstoarn binne. Ynhâldlik wurde twa opnamekritearia hantearre: prestaasje en / of reputaasje fan de frou yn kwestje.
It DVN is ûntwikkele ûnder lieding fan histoarika Els Kloek. Yn 2013 kaam út it projekt ek in boekpublikaasje fuort: 1001 vrouwen uit de Nederlandse geschiedenis. Nei de útjefte fan dit boek waard besletten om it Digitaal Frouljusleksikon fan Nederlân út te wreidzjen mei in projekt dat de klam leit op froulju út it resinte ferline, 'de lange 20ste iuw'. Yn 2023 waard it projekt ôfsletten, it neislachwurk bliuwt online beskikber.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|