Johannes Allen (Kopenhagen, 16 maaie 1916Hellerup, 14 desimber 1973), wie in Deensk skriuwer, toanielskriuwer, harkspulskriuwer, senarioskriuwer en sjoernalist. Hy waard bekend mei in hiele rige populêre romans, mar makke letter ek namme as taleverder fan toanielstikken oan it Deenske Keninklik Teäter en fan senario's oan 'e Deenske filmyndustry. Fierders wurke er foar de Deenske radio en tillefyzje. Nei syn dea waard de Allen-pris nei him ferneamd.

Johannes Allen
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johannes Allen
nasjonaliteit Deensk
berne 16 maaie 1916
berteplak Kopenhagen (Denemark)
stoarn 14 desimber 1973
stjerplak Hellerup (Denemark)
etnisiteit Deensk
wurk
taal Deensk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen,
toaniel, harkspullen, senario's
perioade midden 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Det Bor i Os Alle
Ung Leg
Nu
Harlekins Tryllestav
Mennesker ved en Grænse
prizen Møllers Humoristlegat 1944
Emma Bærentzens Legat 1945
jierren aktyf 19411973
offisjele webside
n.f.t.

Johannes Allen waard yn 1916 berne yn 'e Deenske haadstêd Kopenhagen, as de soan fan Poul Allen, in fabrykseigner, en dy syn oarehelte, de húsfrou Karen Sofie Schleisner. Nei't er yn 1935 syn middelbere-skoaloplieding oan it Østersøgades Gymnasium ôfrûne hie, gied er as metaalsmid yn 'e lear yn syn heite metaalwarefabryk, mar joech nei ferrin fan in healjier it hânwurk deroan om't it him net lei. Dêrnei siet er in jier, oardel yn itselde fabryk op kantoar, oant er hommels ôfsette en nei Parys ta teach, dêr't er korrespondint foar ferskate Deenske kranten wie ûnder de Wrâldtentoanstelling fan 1937. Yn 1939 reizge Allen in healjier as omswalker troch de Feriene Steaten en yn 1940 waard er dêr oannommen as sjoernalist en korrespondint foar de Deenske krante B.T. Dy funksje hold er oant 1945, en dêrnei wied er oant 1949 korrespondint foar de krante Politiken. Fan 1954 ôf wied er ien fan 'e einredakteurs fan it Deenske radioprogramma Filmforum.

As skriuwer debutearre Allen yn 1941 mei de ferhalebondel Vild Hvede ("Wyld Weet"). Dêrnei skreau er in hiele rige populêre romans, wêrûnder Det Bor i Os Alle ("It Wennet yn Elts fan Us"), it ferfilme Ung Leg ("Jong Spul"), en Nu ("No"). Syn lêste roman wie Manden med Krykkerne ("De Man mei de Krukken"), út 1973. Ek as toanielskriuwer bliek er gâns wat mânsk te wêzen. Foar it Deenske Keninklik Teäter (Det Kongelige Teater) skreau er û.m. stikken as Harlekins Tryllestav ("De Tsjoendersstêf fan 'e Hofnar") en Mennesker ved en Grænse (Minsken oan in Grins). Fierders skreau Allen ek harkspullen foar de radio en senario's foar in stikmannich films. De lêste jierren foar syn dea wurke er by de Deenske tillefyzje.

Allen wûn mei syn skriuwwurk ferskate literatuerprizen, lykas de Møllers Humoristlegat (1944) en de Emma Bærentzens Legat (1945). Sûnt 12 desimber 1941 wied er troud mei Thea Annelise Lützen-Nielsen (1912). Hy stoar op 14 desimber 1973 yn it Deenske Hellerup, doe't er noch mar 57 jier âld wie. Nei syn dea waard de Allen-pris, in literatuerpriis foar toanielskriuwers dy't útrikt wurdt troch it Danske Dramatikeres Forbund ("Bûn fan Deenske Toanielskriuwers") foar it Lise og Johannes Allens Fond ("Lise en Johannes Allen Fûns"), nei him ferneamd.

Wurk (in kar)

bewurkje seksje
  • 1941 - Vild Hvede ("Wyld Weet"; ferhalebondel)
  • 1941 - Det Bor i Os Alle ("It Wennet yn Elts fan Us"; roman)
  • 1946 - En Letbenet Dame ("In Lichtskonkich Frommes"; novelle)
  • 1947 - My Name Is Petersen (filmsenario)
  • 1950 - Cafe Paradis ("Kafee Paradys"; filmsenario)
  • 1951 - Harlekins Tryllestav ("De Tsjoendersstêf fan 'e Hofnar"; toanielstik)
  • 1951 - Nålen ("De Nulle"; filmsenario)
  • 1952 - Vejrhanen ("De Waarhoanne"; filmsenario)
  • 1953 - Farlig Ungdom ("Gefaarlike Jonkheid"; filmsenario)
  • 1953 - Mennesker ved en Grænse (toanielstik)
  • 1954 - Pas på Bruden ("Tink om 'e Breid"; harkspul)
  • 1956 - Ung Leg ("Jong Spul"; roman)
  • 1957 - Natlogi Betalt ("Natlogi Betellet"; filmsenario)
  • 1958 - Guld og Grønne Skove ("Goud mei Griene Wâlden"; filmsenario)
  • 1960 - Pigen i Søgelyset ("It Famke yn it Sykljocht"; filmsenario)
  • 1960 - Gymnasiepigen ("Gymnasiumfammen"; filmsenario)
  • 1962 - Rikki og Mændene ("Rikki en de Manlju"; filmsenario)
  • 1967 - Nu ("No"; roman)
  • 1967 - En Venlig Hilsen til Gudrun ("In Freonlike Groetnis oan Gudrun"; harkspul)
  • 1973 - Manden med Krykkerne ("De Man mei de Krukken"; roman)

Keppelings om utens

bewurkje seksje