Minsken oan in Grins

(Trochferwiisd fan Mennesker ved en Grænse)

Minsken oan in Grins, yn it oarspronklike Deensk: Mennesker ved en Grænse, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e Deenske skriuwer, toanielskriuwer, harkspulskriuwer, senarioskriuwer en sjoernalist Johannes Allen (1916-1973). It waard foar it earst publisearre yn 1953, en datselde jiers waard it te Kopenhagen foar it earst opfierd troch it Deenske Keninklik Teäter (Det Kongelige Teater).

Minsken oan in Grins
algemiene gegevens
oarspr. titel Mennesker ved en Grænse
auteur Johannes Allen
taal Deensk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
1e opfiering 1953, Kopenhagen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Minsken oan in Grins
publikaasje 1958
oersetter Halbe Sikkes Doele

Fryske oersetting

bewurkje seksje

De Fryske oersetting, fan 'e hân fan Halbe Sikkes Doele (1911-1967), ferskynde yn 1958, ûnder de titel Minsken oan in Grins. Dy fertaling wurdt neamd yn it Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, fan Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, mar is net werom te finen yn it digitaal argyf fan Tresoar. Wol wurde dêr twa sekundêre boarnen oer de oersetting jûn: in besprek troch Boucke Visser (1890-1972) yn Frysk en Frij, op 25 novimber 1960, en in skôging troch Arthur Pierre S. Vandamme (1920-2000) yn 'e Ljouwerter Krante fan 15 oktober 1960. Dat liket te suggerearjen dat Doele syn fertaling yn it neijier fan 1960 yn Fryslân op 'e planken brocht is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Allen, Johannes, Minsken oan in Grins (oers. Halbe Sikkes Doele), 1958.

sekundêre boarnen: