Halbe Sikkes Doele

Halbe Sikkes Doele (Balk, 20 novimber 1911Ljouwert, 4 oktober 1967) wie in Frysk beweger, ûnderwizer, sjoernalist, oersetter en bestjoerder.

Halbe Sikkes Doele
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 20 novimber 1911
berteplak Balk (Fryslân)
stoarn 4 oktober 1967
stjerplak Ljouwert (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt learaar, sjoernalist
aktyf as oersetter
bekendste
  wurk(en)
Bern fan Ien Heit
Minsken oan in Grins

Doele waard yn 1911 berne yn Balk as de soan fan Sikke Doele en Rinske Hofstra. Hy troude yn 1940 mei Gryt Bokma (1911-1996), mei wa't er twa soannen krige, wêrûnder de lettere Fryske skriuwer en dichter Sikke Doele (1942-2002). It gesin wenne ûnder de Twadde Wrâldoarloch earst in jier op It Hearrenfean, mar ferfear yn 1941 nei De Himrik nei't Doele syn baan as amtner by de gemeente It Hearrenfean kwytrekke wie om't er troch de Dútske besetter as te ûnbûchsum beskôge waard.

Op 'e Himrik wurke Doele as fersekeringsman. Hoewol't it gesin it der krap hie, namen se yn 1944 Carolina Selina Hoogstraat, in tsienjierrich Joadsk famke, yn 'e hûs. Dy hie earder ûnderdûkt west yn Drachten, mar wie dêr net mear feilich. It famke bleau by de Doeles oant de simmer fan 1945, doe't se nei in muoike yn Amsterdam brocht waard. Hoogstraat hold oant harren dea kontakt mei de Doeles, ek nei't se nei Israel ta emigrearre wie. Doele en de frou beaen fierders ek in pear dagen beskûl oan in Joadsk jonkje. Op 3 maaie 1989 waarden Halbe Sikkes Doele en Gryt Doele-Bokma troch de Israelyske organisaasje Yad Vashem erkend as Rjochtfeardigen ûnder de Folken.

Nei de oarloch wurke Doele foar it Ynljochtingeburo fan it Militêr Bewâld yn Fryslân. Hy wie mei-oprjochter fan sawol it literêre tydskrift De Stiennen Man, as fan 'e folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge. Fan dat ynstitút wie Doele ek mei-iens de earste direkteur, en sadwaande wenne er jierrenlang op it eilân. Fierders wied er ek aktyf as oersetter fan benammen Deenske literatuer nei it Frysk. Hy kaam yn 1967 te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 55 jier.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: