Sikke Doele (It Hearrenfean, 1 febrewaris 1942 - Ljouwert, 29 juny 2002) wie in Frysk skriuwer en dichter. Hy wie ek keunstkritikus foar de Ljouwerter Krante.

Sikke Doele waard berne yn It Hearrenfean. Syn heit wie Halbe Doele, ien fan de oprjochters fan it tydskrift De Stiennen Man en fan de folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge, dêr't hy tagelyk de earste direkteur waard. Sikke Doele waard grut op it eilân, dat yn syn literêre wurk in grutte rol spylje soe. Nei de HBS yn Ljouwert studearre hy oan de Rietveldakademy yn Amsterdam. Yn 1966 waard hy keunstkritikus by de Ljouwerter Krante, dy 't mei op syn inisjatyf in keunstredaksje krige en in keunstbylage by de krante opnom. Hy soe sa'n tritich jier oan de LC ferbûn bliuwe. Yn dy tiid boude hy de reputaasje op fan in deeglik ûnderleine en skerpsinnige waarnimmer, mei each foar details, dy't suver altyd myld fan toan wie, mar dy't de inkele kearen dat hy soks nedich achte ek tige fûl wêze koe.

Sikke Doele ferstoar op 29 juny 2002 mei 60 jier yn Ljouwert. Hy kaam te hôf yn it Skylger doarp Hoarn.

Doeles earste ferhaal dat publisearre waard wie In frou mei in blau kofferke, dat yn 1965 ferskynde yn in spesjaal jongereinnûmer fan it literêre tydskrift De Tsjerne. Yn dat jier waarden twa Nederlânsktalige gedichten fan him opnommen yn it tydskrift Podium. Yn 1971 krige hy foar syn Fryske gedicht High priest & first monk in Rely Jorritsmapriis. Fiif jier letter waard yn De Strikel it fers Houliksreis publisearre. Yn 1976 ferskynde syn earste dichtbondel, It swiet geniet. Dêrnei like syn literêre ynspiraasje opdrûge te wêzen, oant yn 1999 de ferhalebondel De gouden teeman útkaam, dy 't troch resensinten goed ûntfongen waard. Dêrnei folgen de koarte roman De messeslikker (2001) en de ferhalebondel It apparaat (2002). Postúm ferskynde yn 2003 de gedichtenbondel Longereilân.

Tema's en styl

bewurkje seksje

In wichtich tema yn it wurk fan Doele binne de jierren fyftich en sechtich fan de 20e iuw, dêr't hy de sfear mei in bytsje middelen effektyf op te roppen wit. It opgroeien yn in húshâlding dêr't Fries-wêzen in grutte rol spile en it ferliezen fan de berneûnskuld komme oan bod yn It apparaat, mei in iepenheid dy't yn de Fryske literatuer opmerklik neamd wurde mei. Yn Doele syn proaza én yn syn fersen komt Skylge faak werom. Syn roman De messeslikker spilet him ôf yn in simmerfakânsje yn de jierren sechtich op dat eilân. Doeles gedichtebondel Longereilân is wol as in "poëtyske leafdesbetsjûging" oan Skylge omskreaun.

Doele schreau yn in losse en flotte styl, mei in mylde humor. Oer It apparaat skreau Elske Schotanus yn 2003 yn in resinsje: "Foar alle dielnimmers oan skriuwkursussen soenen dizze ferhalen ferplicht wurde kinne op de literatuerlist: gewoane en werkenbere foarfallen wit Doele om te smeien ta hechte en helder konstruearre ferhalen, noflik om te lêzen en fan te genietsjen".

Publikaasjes

bewurkje seksje
  • 1977: It swiet geniet (fersen)
  • 1999: De gouden teeman (ferhalebondel)
  • 2001: De messeslikker (roman)
  • 2002: Longereilân (fersen)
  • 2003: It apparaat (ferhalebondel)
  • 2004: Swartwite tiden (teksten by jazzfoto's fan syn broer Piter Doele)

Keppeling om utens

bewurkje seksje