12 Strong
12 Strong is in Amerikaanske histoaryske oarlochsfilm út 2018 ûnder rezjy fan Nicolai Fuglsig, mei yn 'e haadrollen Chris Hemsworth, Michael Shannon en Michael Peña. De titel betsjut "12 [Man] Sterk". It ferhaal folget in detasjemint fan tolve Amerikaanske kommando's dy't yn 2001, fuort nei de oanslaggen fan 11 septimber, dropt wurde yn Afganistan om 'e troepen fan it ynternasjonaal erkende regear fan dat lân te helpen yn 'e striid tsjin 'e Taliban. De film is basearre op wierbarde foarfallen, sa't dy fêstlein binne yn it non-fiksjeboek Horse Soldiers, fan Doug Stanton. 12 Strong krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in beskieden kommersjeel súkses.
12 Strong | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Nicolai Fuglsig | |
produsint | Jerry Bruckheimer Molly Smith Thad Luckinbill Trent Luckinbill | |
senario | Ted Tally Peter Craig | |
basearre op | Horse Soldiers fan Doug Stanton | |
kamerarezjy | Rasmus Videbæk | |
muzyk | Lorne Balfe | |
filmstudio | Alcon Entertainment Black Label Media Jerry Bruckheimer Films | |
distribúsje | Warner Bros. (Feriene Steaten) Lionsgate Films (ynternasjonaal) | |
spilers | ||
haadrollen | Chris Hemsworth Michael Shannon Michael Peña | |
byrollen | Navid Negahban Trevante Rhodes William Fichtner Geoff Stults | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 16 jannewaris 2018 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | histoaryske oarlochsfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 129 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $35 miljoen | |
opbringst | $70,8 miljoen |
Plot
bewurkje seksjeMitch Nelson, in kaptein by de Spesjale Striidkrêften fan it Amerikaanske Leger, lûkt nei in ferhuzing krekt mei syn frou en dochterke yn in nij hûs as op 11 septimber 2011 de oanslaggen op it World Trade Center en it Pentagon plakfine. Hoewol't er krekt in stêffunksje krigen hat ûnder luitenant-kolonel Bowers, biedt er him oan as frijwilliger om syn âlde ienheid ODA 595 te lieden by in geheime misje yn Afganistan. Osama bin Laden, de lieder fan 'e terroristyske organisaasje Al-Qaida, dy't efter de oanslaggen sit, libbet nammentlik ûnder beskerming fan it Taliban-rezjym yn Afganistan. Dêrom hat it Amerikaanske regear fan presidint George W. Bush besletten dat dat rezjym ûnder fuotten helle wurde moat.
Fan in legerbasis ôf yn it oanbuorjende Oezbekistan wurde de tolve kommando's fan ODA 595 mei in Boeing CH-47 Chinook-helikopter nei sintraal Afganistan ta flein en ôfsetten op in ôfsprutsen plak dêr't se neitiid oppikt wurde troch de troepen fan generaal Abdûl Rasjid Dostûm, in kriichshear dy't heart ta de Noardlike Alliânsje. Dat is it, foar it meastepart ûngeregelde, leger fan it ynternasjonaal erkende regear fan Afganistan, dat inkeld it uterste noarden en in diel fan 'e midden fan it lân noch behearsket. De legindaryske lieder fan 'e Noardlike Alliânsje, Achmed Sjah Massûd, is twa dagen foar de oanslaggen yn 'e Feriene Steaten by in moardoanslach troch Al-Qaida om it libben kommen, en de Noardlike Alliânsje bestiet no út in rige kriichshearen dy't inoar hast likefolle nei it libben steane as de Taliban.
Generaal Dostûm is in etnyske Oezbeek dy't it terrein ken as wie it syn eigen broeksbûse, mar it falt Mitch Nelson yn 't earstoan swier om hichte fan 'e man te krijen. Syn misje is om 'e opmars fan 'e troepen fan Dostûm nei it noarden mooglik te meitsjen troch te soargjen foar stipe yn 'e foarm fan bombardeminten troch de Amerikaanske Loftmacht. De bedoeling is dat Dostûm Mazar-i-Sjarif ynnimme sil, in stêd dy't it hiele noarden fan Afganistan behearsket. Dat moat yn trije wiken barre, foar't de winter ynfalt en de berchpassen troch sniefal foar in healjier ûnbegeanber wurde. It docht bliken dat de troepen fan Dostûm noch altyd hynders brûke, net inkeld foar ferfier, mar ek foar kavalery-oanfallen. Om Nelson op 'e proef te stellen, jout de generaal him mar seis hynders. Dat betsjut dat er syn team opspjalte moat. Seis fan 'e leden fan ODA 595, ûnder lieding fan Nelson sels, beselskipje Dostûm nei it noarden ta, wylst syn ûnderbefelhawwer, sersjant-majoar Hal Spencer, mei de oare fiif mannen efterbliuwt yn "de Alamo", Dostûm syn fortifisearre basis.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Dostûm ken net inkeld it terrein trochgoed, mar ek syn tsjinstanner, de Taliban-lieder mûlla Razzan, dy't yn 'e pleatslike mienskippen in skrikbewâld fiert mei in strange hanthavening fan 'e sjaria (islamityske wet), oanfolle mei de betinksels fan 'e fûnemintalistyske Taliban, lykas it ferbod op ûnderwiis foar famkes, dat hielendal gjin ûnderdiel útmakke fan 'e oarspronklike lear fan 'e profeet Mohammed. Razzan hat ferskate minsken eigenhandich fermoarde, ûnder wa alle famyljeleden fan Dostûm dy't er yn 'e hannen krije koe.
Yn 't earstoan is Dostûm skeptysk oer de feardichheden fan Nelson, dy't noch nea yn in oarlochssitewaasje aktyf west hat, mar geandewei fertsjinnet de kaptein syn respekt. As Dostûm by in treffen mei de fijân in taktyske flater begiet, wat ferskaten fan syn eigen mannen it libben kostet, beskuldiget Nelson him neitiid fan ûnferskilligens oangeande syn ûnderhearrigen en fan it efterhâlden fan wichtige ynformaasje foar syn Amerikaanske bûnsgenoaten oer. Dostûm reägearret troch te sizzen dat Nelson en de Feriene Steaten as gehiel net ree binne om 'e priis te beteljen dy't it meidwaan oan in oarloch ynhâlde kin. Hy seit tsjin Nelson dat er in kriger wurde moat ynstee fan in soldaat. Uteinlik lizze de beide mannen harren skeel by.
De opmars fan it leger fan Dostûm nei Mazar-i-Sjarif moat troch de Tiangatkleau, in kilometers lange, smelle kleau yn 'e bergen, dy't as flessehals fungearret. De frees is dat de Taliban harren dêr maklik tsjinkeare kinne. Nelson stjoert dêrom sersjant earste klasse Sam Diller mei twa oare leden fan ODA 595 troch in woastyngebiet dat sa drûch is dat it foar legers ûnbegeanber is, om oan 'e noardkant fan 'e kleau te kommen. Underwilens jouwe Spencer en syn fiif man harren wer by Nelson-en-dy. Mei Amerikaanske loftstipe winne de troepen fan Dostûm ferskate fjildslaggen, oant se by it begjin fan 'e Tiangatkleau komme.
Underwilens krije Nelson en Spencer berjocht dat der in oar Amerikaansk kommandoteam tafoege is oan 'e troepen fan generaal Atta Mohammed Noer, dy't ek optsjogge nei Mazar-i-Sjarif. Foar de Amerikaanske legerlieding is der gjin ferskil tusken de beide kriichshearen, dy't ommers allebeide ta de Noardlike Alliânsje hearre en tsjin 'e Taliban fjochtsje. Yn Afganistan sels stiet dat der hiel oars foar, mei't Dostûm en Atta rivalen en swarde fijannen binne. Dostûm is dan ek poerrazen as Nelson him it nijs oerbringt, en lûkt him mei it meastepart fan syn troepen werom út 'e striid.
ODA 595 en de Afgaanske liifwachten dy't oan it team tafoege binne, sette de operaasje fuort om troch de Tiangatkleau te brekken. Yn 'e kleau stjitte se op in grutte troepemacht fan 'e Taliban, oanfolle mei útlânske striders fan Al-Qaida, tarist mei tanks en pânserfiertugen. Nelson spjaltet syn team op yn trije groepkes fan trije man, dy't oan 'e súd-, east- en westkant fan 'e kleau posysje ynnimme, wylst Diller mei syn beide teamgenoaten ûnderwilens oan 'e noardkant arrivearre is. Se kinne sadwaande sekuer oanjaan wêr't de bommesmiters fan 'e Amerikaanske Loftmacht bombardeminten útfiere moatte, mei as gefolch dat de tanks en pânserfiertugen en in grut part fan 'e fijannige ynfantery ferdylge wurdt.
Spencer rekket lykwols swierferwûne as tusken in groepke Taliban-leden dy't har oan him oerjaan wolle, in selsmoardoanslachdogger sit, dy't himsels en eltsenien deunby him opblaast. Ek de oare seksjes fan ODA 595 wurde troch de Taliban slim yn 'e pine set. Generaal Dostûm, dy't him betocht hat, keart werom mei syn hynstefolk, mar hja wurde troch mûlla Razzan ûnder fjoer nommen mei in Stalinoargel. De raketten reitsje de berchwand efter harren en litte grutte rotsblokken op 'e troepen fan Dostûm delreine. Nei't se koelbloedich wachte hawwe oant alle lansearynrjochtings fan 'e raketwein leech binne en werladen wurde moatte, fiere Nelson en Dostûm in kavalerysjarzje út, wêrmei't se troch de linys fan 'e Taliban brekke en it Stalinoargel ferneatigje. Wylst Dostûm mûlla Razzan efterfolget en deadet, wurdt Spencer mei in Chinook-helikopter evakuëarre nei Oezbekistan.
Nei de oerwinning yn 'e Tiangatkleau set Dostûm syn opmars nei Mazar-i-Sjarif fuort, mar de striid yn 'e kleau hat him en syn mannen te lang opholden, en de noch farske troepen fan Atta binne al optein ta deunby de stêd. As Dostûm mei in stikmannich striders foarút riidt, is Nelson bang dat er in konfrontaasje mei Atta útlokje sil, mar tsjin eltse ferwachting yn begroetsje de beide mannen inoar op hoaske wize, en winsket Dostûm syn rivaal súkses by de ynname fan Mazar-i-Sjarif. By harren ôfskie jout Dostûm oan Nelson syn riidswipe by wize fan oantinken. De beide mannen binne freonen wurden en sille dat ek yn 'e takomst bliuwe. Nelson en de oare leden fan ODA 595 keare allegearre fierhinne ûnskeind werom nei de basis yn Oezbekistan, 23 dagen nei't se dêrwei foar harren misje ôfsetten. Spencer hat it by de dea om 't ôf rêden. De film einiget mei in byld fan it America's Response Monument op it plak fan it World Trade Center yn New York, dat in stânbyld fan in soldaat op in stegerjend hynder omfettet.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
kaptein Mitch Nelson, kommandant fan ODA 595 | Chris Hemsworth |
sersjant-majoar Hal Spencer, ûnderbefelhawwer fan ODA 595 | Michael Shannon |
sersjant 1e klasse Sam Diller, lid fan ODA 595 | Michael Peña |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
generaal Abdûl Rasjid Dostûm | Navid Negahban |
sersjant 1e klasse Ben Milo, lid fan ODA 595 | Trevante Rhodes |
kolonel John F. Mulholland jr., kommandant fan 'e 5e Spesjale-Striidkrêftegroep | William Fichtner |
soldaat Sean Coffers, lid fan ODA 595 | Geoff Stults |
soldaat Vern Michaels, lid fan ODA 595 | Thad Luckinbill |
mûlla Razzan | Numan Acar |
soldaat Scott Black, lid fan ODA 595 | Ben O'Toole |
sersjant 1e klasse Bill Bennett, lid fan ODA 595 | Kenny Sheard |
sersjant Fred Falls, lid fan ODA 595 | Austin Stowell |
sersjant Pat Essex, lid fan ODA 595 | Austin Hébert |
soldaat Charles Jones, lid fan ODA 595 | Jack Kesy |
soldaat Kevin Jackson, lid fan ODA 595 | Kenneth Miller |
Jean Nelson, de frou fan Mitch Nelson | Elsa Pataky |
Marsha Spencer, de frou fan Hal Spencer | Allison Gabriel |
Lisa Diller, de frou fan Sam Diller | Lauren Chavez-Myers |
luitenant-kolonel Max Bowers, kommandant fan it 3e Bataljon, 5e Spesjale-Striidkrêftegroep | Rob Riggle |
"Brian", CIA-agint tafoege oan 'e Noardlike Alliânsje | Taylor Sheridan |
Chaled, in ofsier ûnder generaal Dostûm | Fahim Fazli |
Achmed Lal, in ofsier ûnder generaal Dostûm | Laith Nakli |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksje12 Strong waard regissearre troch Nicolai Fuglsig, foar wa't de film syn rezjydebút foarme. Hy wurke nei in senario dat skreaun wie troch Ted Tally en Peter Craig op basis fan it non-fiksjeboek Horse Soldiers fan Doug Stanton. Dêryn waard ferslach dien fan 'e misje yn 2001 fan in detasjemint fan tolve Amerikaanske kommando's fan 'e saneamde Spesjale Striidkrêften fan it Amerikaanske Leger yn Afganistan, fuort nei de oanslaggen fan 11 septimber.
De film waard produsearre troch Jerry Bruckheimer, Molly Smith, Thad Luckinbill en Trent Luckinbill, foar de filmstudio's Alcon Entertainment, Black Label Media en Jerry Bruckheimer Films. Der wie foar 12 Strong in budget fan $35 miljoen beskikber. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Rasmus Videbæk, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Lorne Balfe. De opnamen fan 12 Strong setten begjin jannewaris 2017 yn 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko útein, en fûnen ûnder mear plak op lokaasje te Orogrande, Socorro en yn it Nasjonaal Monumint White Sands.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan 12 Strong waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Warner Bros., en dêrbûten troch Lionsgate Films. De film gie op 16 jannewaris 2018 yn it Lincoln Center yn New York yn premiêre, wêrnei't er op 19 jannewaris yn 'e Amerikaanske bioskopen iepene. Op 10 april 2018 waard 12 Strong frijjûn as digitale download, en op 1 maaie fan dat jier kaam de film ek út op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksje12 Strong krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes. Richard Roeper, fan 'e Chicago Sun-Times, joech de film twa en in heale fan fjouwer stjerren. Hy stelde fêst dat út 'e spyldoer fan twa oeren en tsien minuten teminsten tweintich minuten fuortsnien wurde kinnen hie oan sênes dy't gjin doel tsjinje of werhelje wat al ferteld is. Hy konkludearre dat it "in hast goede film is oer in stikmannich geweldige Amerikaanske soldaten." Yn it tydskrift Variety skreau Owen Gleiberman: "Op himsels is de film wol om oan te sjen, mar hy is ûnsubtyl en ûnoandwaanlik, en mei in spyldoer fan 130 minuten bealget er om foarút te kommen." Hy fûn ek dat it hynsteriden fan 'e soldaten, dêr't troch de produsinten sa fan swetst waard, eins net folle foarstelt. Lof hied er foar de kar om Nij-Meksiko te brûken om it lânskip fan Afganistan ta libben te bringen.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie 12 Strong in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 50%, basearre op 168 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "12 Strong hat in stevige cast, earbere bedoelings en in spannend ferhaal dat basearre is op wiere feiten – allegear mei-inoar is dat út en troch genôch om in teloarstellend gebrek oan djipte en nuânse goed te meitsjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle 12 Strong in goedkarringspersintaazje fan 54%, basearre op 43 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksje12 Strong brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $46,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $24,1 miljoen. Wrâldwiid kaam dêrmei de totale opbringst út op $70,8 miljoen. Ofset tsjin in budget fan $35 miljoen betsjutte dat in winst fan $35,8 miljoen. Nei ôflûk fan marketingkosten wie de film dêrmei in beskieden kommersjeel súkses. By de People's Choice Awards fan 2018 waard 12 Strong nominearre foar de priis yn 'e kategory bêste dramafilm, en haadrolspiler Chris Hemsworth foar bêste akteur yn in dramafilm.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan 12 Strong
- (in) Ynformaasje oer 12 Strong yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |