Mazar-e-Sharif

(Trochferwiisd fan Mazar-i-Sjarif)

Mazar-i-Sharif (Perzysk: مزار ش ریف) of ek wol Mazar-e Sharíf is in stêd yn it noarden fan Afganistan, net fier fan de grins mei Oezbekistan. De stêd is itselde as it distrikt Mazar-i-Sharif en is de haadstêd fan de provinsje Balch.

Mazar-e-Sharif
Mazar-i-Sharif
مزار ش ریف
Bestjoer
Lân Afganistan
Provinsje Balch
Sifers
Ynwennertal 693.000 (2015)
Hichte 357 m
Oar
Tiidsône UTC+4:30
Distrikten yn de provinsje Balch

Religieusk erfgoed

bewurkje seksje

Yn Mazar-i-Sharif stiet de 15e-iuwske Blauwe moskee, in moskee mei kobaltblauwe en turkoaizen koepels en minaretten. Der komme in protte pylgers nei de moskee.

De moskee wurdt troch de sjiïtyske moslims ferearre as de grêftombe fan Imam Ali, de skoansoan fan de profeet Mohammed. Oaren wolle hawwe dat Imam Ali syn grêftombe yn de Iraakske stêd Najaf is, yn de Imam Alimoskee. Under de ynvaazje troch de Sovjet-Uny en de dêrnei folgjende boargeroarloch is de moskee swier skansearre rekke, ek mei't de moskee net sa hillich is foar in protte soennieten.

Militêr NAFO-kamp

bewurkje seksje

By Mazar-i-Sharif leit in ynternasjonaal NAFO-kamp. Dêr út wei begûn op 1 jannewaris 2015 de NAFO-missy Resolute Support yn de regio Noard fan Afganistan. By it kamp leit it Mazar-e Sharif International Airport.