Midway (Ingelsk: Midway Atoll) is in atol yn 'e noardlike Stille Oseaan, dat likernôch like fier fan Noard-Amearika as fan Aazje ôf leit. Mei't it ferskate eilannen omfettet, sprekt men ek wol fan 'e Midway-eilannen. Yn it Hawaïaansk wurdt it atol Kauihelani ("Rêchbonke fan 'e Himel") of Pihemanu ("Lûd Leven fan Fûgels") neamd. Geografysk heart Midway ta de Hawaï-eilannen en leit it yn it uterste noardwesten fan 'e Noardwestlike Hawaï-eilannen. Bestjoerlik is it al sûnt 1867 in ûnorganisearre en ûnynkorporearre territoarium fan 'e Feriene Steaten, dat ta de Amerikaanske Lytse Ofhandige Eilannen rekkene wurdt. It atol is tsjintwurdich op 'e noed fan it Amerikaansk Minstearje fan Binnenlânske Saken. Midway is it iennichste diel fan 'e Hawaïaanske eilannekeatling dat net ta de Amerikaanske steat Hawaï heart. Ek leit it yn in oare tiidsône, Samoätiid (UTC–11), in oere efter Hawaïaansk-Aleoetyske Tiid (UTC–10). Yn it ferline wie der op 'e eilannen in basis fan 'e Amerikaanske Marine fêstige. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard de wichtige Slach by Midway deunby it atol útfochten. No is Midway yn prinsipe ûnbewenne, útsein wat in team parkwachters fan 'e Fish and Wildlife Service oangiet.

Midway
Satellytfoto fan Midway.
Satellytfoto fan Midway.
Emblemen

Unoffisjele flagge fan Midway, ûntwurpen
troch Steve Dryden fan 'e Fish and
Wildlife Service
, yntrodusearre yn 2000.
polityk
soarte gebiet atol
lân Feriene Steaten
falt ûnder Amerikaanske Lytse
         Ofhandige Eilannen
haadplak Sand Island
bestjoer Am. Ministearje fan
         Binnenlânske Saken
behear Fish and Wildlife
         Service
sifers
ynwennertal 39 (2019)
oerflak 6,3 km²
befolkingstichtens 6,2 / km²
diel fan Hawaï-eilannen
oar
stifting 1867 (besitting Am. Marine)
1996 (besitting Am. Ministearje
            fan Binnenlânske Saken
)
tiidsône UTC –11
simmertiid gjin simmertiid
koördinaten 28°12′27″ N 177°21′00″ W
offisjele webside
www.fws.gov/refuge/midway_atoll
Kaart
Midway (Hawaï-eilannen)
Midway
De lokaasje fan Midway yn 'e eilannekeatling fan 'e Hawaï-eilannen.

Geografy bewurkje seksje

Midway makket ûnderdiel út fan 'e noardwestlike groep fan 'e Hawaï-eilannen en is, op Kure nei, dêrfan it meast noardwestlikste. It atol leit op in ôfstân fan 2.100 km fan Honolulu, de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Hawaï, op it eilân Oähû. De namme betsjut "Healwei", en it atol leit dan ek rûchwei like fier fan Noard-Amearika as Aazje ôf, op 5.200 km fan San Francisco, yn Kalifornje, en op 4.100 km fan Tokio, yn Japan. It leit 259 km beëasten de Ynternasjonale Datumgrins. Midway is it iennichste eilân yn 'e Hawaï-arsjipel dat net ta de steat Hawaï heart; ynstee is it ien fan 'e Amerikaanske Lytse Ofhandige Eilannen.

 
Plattegrûn fan Sand Island en Eastern Island.

Midway is in fulkanysk atol, dat bestiet út trije eilannen. It grutste is Sand Island, dat in oerflak fan 452 ha beslacht. Dat wurdt troch it smelle Brooks Channel skaat fan it lytsere Eastern Island, dat, sa't de namme al seit, mear nei it easten ta leit, mei in oerflak fan 136 ha. It trêde eilân, Spit Island, is in boppe de see útstekkend rif, dat in rûge, ynkomplete sirkel om 'e oare beide eilannen en de byhearrende lagune hinne foarmet, mei in oerflak fan 6 ha. It totale lânoerflak fan Midway komst sadwaande út op 627 ha, oftewol likernôch 6,3 km². De lagune en it ûnderwetterrif fan it atol hawwe in oerflak fan nochris 2.348,8 km². It rif en de lagune hawwe tegearre in diameter fan 8 km.

Skiednis bewurkje seksje

Iere skiednis bewurkje seksje

Midway waard likernôch 28 miljoen jier lyn foarme, doe't de seeboaiem ûnder it eilân oer it hotspot hinne lei dêr't no it eilân Hawaï foarme wurdt, it jongste eilân fan 'e Hawaï-arsjipel. Oarspronklik wie Midway in fulkaan mei in oerflak miskien wol sa grut as it eilân Lanaï (364 km²). It atol waard nea kolonisearre troch de Polyneezjers. It waard op 5 july 1859 ûntdutsen troch de Amerikaanske seehûnefarder de Gambia. De kaptein fan dat skip, in N.C. Brooks, makke út namme fan 'e Feriene Steaten oanspraak op 'e eilannen, dy't er de 'Middlebrookeilannen' neamde. As juridyske basis dêrfoar helle er de Wet op 'e Gûano-eilannen út 1856 oan, dy't Amerikaanske boargers autorisearre om ûnbewenne eilannen tydlik te besetten om dêr gûano (seefûgeldong) te winnen, dat as keunstdong brûkt waard. Der is lykwols neat bekend oer gûanowinning op Midway, dat foar 't neist hat dy winning nea plakfûn.

 
De Hawaï-eilannen en de ferdieling yn 'e Súdeastlike en Noardwestlike Eilannen.

Op 28 augustus 1867 waard Midway formeel troch de Feriene Steaten anneksearre troch kaptein-op-see William Reynolds fan 'e USS Lackawanna, in oarlochsskip fan 'e Amerikaanske Marine. De namme fan 'e eilannen waard in ûnbekend skoft letter feroare yn 'Midway'. It atol wie it earste eilân yn 'e Stille Oseaan dat troch de Feriene Steaten anneksearre waard, en it waard fan it begjin ôf oan bestjoerd troch de Amerikaanske Marine as it Unynkorporearre Territoarium Midway.

Earste mislearre kolonisaasje bewurkje seksje

It earste besykjen ta kolonisaasje fan it oarspronklik folslein ûnbewenne eilân, fûn plak yn 1870, doe't de Pacific Mail Steamship Company úteinsette om in kanaal foar skipfeart nei Sand Island en Eastern Island oan te lizzen. Dêrfoar moast mei springstof in stik fan it omjaande rif opblaasd wurde, om dêrnei in farrûte troch de lagune te baggerjen. It projekt waard finansierd mei jild dat beskikber steld wie troch it Amerikaanske Kongres. De bedoeling wie om midden yn 'e Stille Oseaan in stienkoalstasjon te fêstigjen, dêr't steamskippen nije branje ynnimme koene. Oant dy tiid wiene Amerikaanske skippen dêrfoar oanwiisd op 'e havens yn it doe noch ûnôfhinklike Keninkryk Hawaï, dat lykwols hege belesting op stienkoal hefte.

It projekt mislearre lykwols en de evakuaasje fan 'e arbeiders ferrûn dramatysk. De USS Saginaw, it skip dat harren ôfhelle, rûn op 21 oktober 1870 oan 'e grûn by it atol Kure, mei as gefolch dat dêre alle 93 opfarrenden strâne rekken. Op 18 novimber setten fiif man yn in roeiboat ôf om help te sykjen, mar doe't se op 19 desimber lang om let by Kauaï arrivearren, ferdronken fjouwer fan harren doe't it boatsje yn 'e brâning oer de kop gie. De iennichste oerlibbene fan 'e rêdingsmisje berikte op 24 desimber it Amerikaanske konsulaat yn Honolulu, op Oähû. Dêrnei waarden de skipbreklingen op 4 jannewaris 1871 fan Kure rêden.

 
De gebouwen fan 'e Commercial Pacific Cable Company op Sand Island, dy't datearje fan 1903 (foto út 2008).

Twadde kolonisaasje bewurkje seksje

Yn 1903 fêstigen arbeiders fan 'e Commercial Pacific Cable Company (CPCC) har op Midway, as ûnderdiel fan it projekt om in tillegraafkeabel fan Noard-Amearika nei Aazje te lizzen. Dy lju yntrodusearren withoefolle eksoaten op 'e eilannen, dy't it wiffe lânseigen ekologysk lykwicht raar ûntwrichten. De gebouwen dy't yn opdracht fan 'e CPCC set waarden, steane noch altyd op Sand Island. Underwilens fêstige de Amerikaanske Marine in post op Midway nei't de CPCC klage hie oer Japanske kreakers en streupers. Fan 1904 oant 1908 wiene der yn opdracht fan presidint Theodore Roosevelt oan ien wei troch 21 leden fan it Amerikaanske Marinierskorps op Midway stasjonearre, dy't in ein meitsje moasten oan 'e ûnbeheinde slachting ûnder seefûgels en tagelyk it tillegraafkeabelstasjon befeiligje moasten.

Yn 1935 waard der troch loftfeartmaatskippij Pan American Airlines in fleanrûte opset fan San Francisco nei Sjanghai, wêrby't Martin M-130-fleanboaten mei fracht en passazjiers fan it iene eilân nei it oare sprongen en sa de Stille Oseaan oerstieken. Midway wie ien fan 'e tuskenhaltes op dy rûte, tusken Honolulu yn it easten en Wake yn it westen. Allinnich de superriken koene op dy wize nei it Fiere Easten en werom, mei't de reis mear as trije kear it doetiidske moannesalaris fan 'e trochsneed Amerikaan koste. De fleanboaten lânen yn 'e lagune en leine oan by in driuwende steger. Passazjiers koene dêrwei oan lân om te oernachtsjen yn in Pan Am Hotel op Sand Island, dat de bynamme fan 'e "Gooneyville Lodge" krige (nei de op it eilân rûnombywêzige gooneys, in Amerikaansk-Ingelske sprektaalterm foar "albatrossen").

Marinebasis bewurkje seksje

Twadde Wrâldoarloch bewurkje seksje

Yn it Ynterbellum waard Midway troch syn lokaasje midden yn 'e Stille Oseaan foar de Feriene Steaten ek fan strategysk belang. It wie in handich plak om by te tanken foar Transpasifyske flechten, en oan 'e uterste westrâne fan 'e Amerikaanske ynfloedssfear yn 'e Stille Súdsee waard it ek in wichtich oanlisplak foar marineskippen. Fan 1940 ôf, doe't de spannings tusken de Feriene Steaten en it Keizerryk Japan hurd oanboazen, ornearre de Amerikaanske Marine dat Midway wat strategysk belang oangie inkeld ûnderdie foar it Marinestasjon Pearl Harbor, yn Hawaï. Dêrom waard op Eastern Island in militêr fleanfjild oanlein, mei bunkers, in útkyktoer en loftdoelbatterijen, en fierders bases foar ûnderseeërs en foar wetterfleantugen (lykas fleanboaten) dy't ynset wurde koene foar militêre ferkenning. Mei in ferbreding fan it skipfeartkanaal troch it rif en de lagune waard begjin 1941 it Marineloftfeartstasjon Midway foltôge. Behalven personiel fan 'e Amerikaanske Marine waarden oan it garnizoen fan Midway ek eleminten fan it Amerikaanske Marinierskorps tafoege en fan 'e Amerikaanske Legerloftstriidkrêften fan it Amerikaanske Leger.

 
Baarnende brânstoftanks op Midway nei it Japanske bombardemint fan 4 juny 1942 yn it ramt fan 'e Slach by Midway.

By presidinsjeel dekreet 8682 skoep de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt op 14 febrewaris 1941 it "Seegebiet ta Marineferdigening fan Midway", dat alle Amerikaanske territoriale wetters om it atol hinne omfette, oant it begjin fan 'e ynternasjonale wetters 4,8 km út 'e kust. Yn dat hiele stik see en de loft derboppe waard de tagong ferbean foar eltsenien útsein Amerikaansk oerheidspersoniel, of it moast wêze dat de minister fan Marine der spesifyk tastimming foar jûn hie om it gebiet binnen te gean.

Op 7 desimber 1941 waarden de Feriene Steaten tsjin wil en tank by de Twadde Wrâldoarloch belutsen, doe't de Japanners ûnferhoeds harren Oanfal op Pearl Harbor útfierden, wêrby't in stikmannich Amerikaanske slachskippen ta sinken brocht waard en der oan Amerikaanske kant mear as 2.400 deaden foelen. Dyselde deis fierden twa Japanske torpedoboatjagers it Earste Bombardemint fan Midway út, mar nei in skermutseling waarden se op 'e flecht dreaun troch de kustbatterijen fan 'e Amerikaanske mariniers by wat de earste Amerikaanske oerwinning fan 'e oarloch wie. Op 10 febrewaris 1942 waard Midway op 'e nij bombardearre, diskear troch in Japanske dûkboat.

Fjouwer moannen letter, op 4 juny 1942, fûn noardeastlik fan Midway in grutte seeslach plak tusken de Keizerlike Japanske Marine en de Amerikaanske Pasifyske Float. Dat wie de Slach by Midway, ien fan 'e grutte kearpunten fan 'e Twadde Wrâldoarloch. Oan it begjin fan 'e slach waard it Marineloftfeartstasjon Midway op 'e nij bombardearre, no troch bommesmiters dy't ôfkomstich wiene fan Japanske fleandekskippen. Hoewol't der gâns skea oanrjochte waard, bleau de basis operasjoneel. By it fierdere ferrin fan 'e seeslach brochten de Amerikanen alle fjouwer Japanske fleandekskippen ta sinken, wylst se sels ien fleandekskip ferlearen. De striid einige sadwaande yn in klinkende Amerikaanske oerwinning, wêrby't fierdere Japanske ekspânsje nei it easten en súdeasten ta tsjinkeard waard.

 
It Tinkteken foar de Slach by Midway op Sand Island, omjûn troch albatrospiken.

Nei de Slach by Midway waard op Midway in twadde fleanfjild oanlein, no op Sand Island. Dêrfoar wie it nedich om it eilân keunstmjittich te fergrutsjen troch sânopspuiting, sadat it úteinlik yn grutte ferdûbele waard. De rest fan 'e Twadde Wrâldoarloch spile Midway benammen in wichtige rol as basis foar dûkboaten en militêre ferkenningsfleantugen.

Kâlde Oarloch bewurkje seksje

Yn 1950 waard it Marineloftfeartstasjon Midway troch de Amerikaanske Marine opheft, mar it waard suver daliks wer yn gebrûk nommen doe't yn juny fan dat jier it kommunistyske Noard-Koreä de Amerikaanske bûnsgenoat Súd-Koreä binnenfoel en sa de Koreaanske Oarloch feroarsake. Withoefolle Amerikaanske militêre fleantugen en skippen holden ûnderweis nei Koreä ho by Midway om nije branje yn te slaan. Ek waarden der op it atol needreparaasjes útfierd. Yn 'e 1960-er jierren en iere 1970-er jierren spile Midway in selde soarte ûnderstypjende rol by de Amerikaanske ynset yn 'e Fjetnamoarloch. Yn 1969 hold de Amerikaanske presidint Richard Nixon op Midway yn it Officer-in-Charge House (ek bekend as it Midway House) in geheime topmoeting mei presidint Nguyễn Văn Thiệu fan Súd-Fjetnam.

Yn 1978 waard de basis op Midway troch de Amerikaanske Marine werombrocht yn wichtigens fan in marineloftfeartstasjon ta in 'marineloftfeartfasiliteit'. In grut diel fan it personiel dat der stasjonearre wie, begûn it atol te ferlitten. Tsjin dy tiid wie de Fjetnamoarloch foarby en belune it belang fan Midway foar de Amerikaanske nasjonale feilichheid sterk troch de yntroduksje fan spionaazjesatelliten en nukleêre ûnderseeboaten. Op 28 maaie waarden de fasiliteiten út 'e Twadde Wrâldoarloch op 'e eilannen oanmurken foar in National Historic Landmark en tagelyk waarden se as beskerme monumint opnommen yn it Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken. Op 10 septimber 1993 gie de marinebasis op it atol definityf ticht, hoewol't de Amerikaanske Marine neitiid op Midway aktyf bleau om miljeufersmoarging op te rêden.

Under boargerlik bestjoer bewurkje seksje

Op 31 oktober 1996 ûndertekene de Amerikaanske presidint Bill Clinton in presidinsjeel dekreet (13022), wêrmei't de jurisdiksje fan Midway oerdroegen waard fan 'e Amerikaanske Marine nei it Amerikaansk Ministearje fan Binnenlânske Saken. Sûnt dy tiid stiet it atol ûnder it behear fan 'e United States Fish and Wildlife Service, in tsjinst fan it Ministearje fan Binnenlânske Saken. It lêste kontingint marinepersoniel ferliet it atol op 30 juny 1997, nei't in ambisjeus programma foar it opromjen fan alle miljeuferûntreiniging op 'e eilannen foltôge wie.

 
Albatrospiken safier't it each rikt, mei hjir en dêr in pear (wytbûnte) folwoeksen eksimplaren dertuskenyn.

Wylst it noch op 'e noed fan 'e Amerikaanske Marine wie, waard Midway op 22 april 1988 al útroppen ta in nasjonaal faunareservaat. Op 13 septimber 2000 tsjutte minister fan Binnenlânske Saken Bruce Babbitt it faunareservaat oan as it Nasjonaal Tinkteken foar de Slach by Midway. It kaam dêrom formeel it "Nasjonaal Faunareservaat Midway en Nasjonaal Tinkteken foar de Slach by Midway" te hjitten. Op 15 juny rôp de Amerikaanske presidint George W. Bush de Noardwestlike Hawaï-eilannen, dêr't Midway ta heart, út ta it Nasjonaal Maritym Monumint de Noardwestlike Hawaï-eilannen. Dat waard yn 2007 omneamd nei it korrespondearjende Hawaïaanske toponym ta it Nasjonaal Maritym Monumint Papahānaumokuākea (útspr.: [ˈpɐpəˈhaːnɔuˈmokuˈaːkeə], likernôch: "pap-puh haa-nau moo-kû aa-kea"). It nasjonaal maritym monumint beslacht in oerflak fan 362.074 km².

Minsklike bewenning bewurkje seksje

Doe't de Feriene Steaten Midway yn 1867 anneksearren, wiene de eilannen ûnbewenne. Pas yn 1903 krigen se fêste bewenners. Oan it begjin fan 'e Twadde Wrâldoarloch, yn 1940, bestie it garnizoen fan Midway út 437 minsken. Op it hichtepunt fan 'e Fjetnamoarloch, omtrint 1968, berikte de befolking fan it atol, dy't foar 100% bestie út Amerikaanske militêren en harren húshâldings, in absolút hichtepunt fan sa'n 3.500 minsken. Yn 1970 wie dat al sakke nei 2.220. Yn 1980 wiene der noch 453 oer, yn 1990 13 en yn 2000 mar 4. Tsjintwurdich binne der sa'n 40 bewenners, foar it meastepart leden fan in team fan 'e United States Fish and Wildlife Service dat ferantwurdlik is foar de beskerming fan 'e natoer, it ûnderhâld fan 'e monuminten en it opromjen fan alle oanspielde plestik troep. Dêropta binne der inkele wittenskippers dy't de pleatslike fauna bestudearje.

Floara en fauna bewurkje seksje

Midway is fan krityk belang as briedplak foar in stik as santjin fûgelsoarten. Sa nêstelet fan 'e wrâldpopulaasje fan 'e Laysanalbatros (Phoebastria immutabilis) 67–70% op Midway, en fan 'e wrâldpopulaasje fan 'e swartpoatalbatros (Phoebastria nigripes) 34–39%. Fierders briede der ek in stikmannich pearkes fan 'e bedrige stelleralbatros (Phoebastria albatrus), dêr't wrâldwiid noch mar minder as 2.200 eksimplaren fan libje as gefolch fan oerbejaging foar harren fearren troch de minske oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw. Yn 2007 en 2008 sette de Fish and Wildlife Service op Midway ek 42 eksimplaren fan 'e krityk bedrige Laysanein (Anas laysanensis) út, om te besykjen dy soarte te rêden.

 
In pear albatrospiken middenmank it oanspielde plestik ôffal.

Yn 'e lagune fan it atol en de omjaande see komme mear as 250 soarten bisten foar, wêrûnder fisken, inketfisken, oktopussen, kreefteftigen, seestjerren en koraal. De krityk bedrige Hawaïaanske mûntserob (Neomonachus schauinslandi) smyt syn jongen op 'e strannen fan it atol en bringt se dêr grut oant se yn see oerlibje kinne. De griene seeskylpod (Chelonia mydas), in oare bedrige soarte, leit soms syn aaien op it strân fan Midway. Fan 'e langsnútdolfyn (Stenella longirostris) libbet in fêste kloft fan likernôch 300 eksimplaren yn 'e lagune fan it atol.

De eilannen fan it atol binne gâns feroare troch de ynfloed fan 'e minske, te begjinnen mei it meitsjen fan in skipfeartkanaal troch it rif en de lagune yn 1869. Fan noch gruttere ynfloed wie de yntroduksje fan eksoaten, benammen fan 1903 ôf, lykas de kanaarje, de sikade, de Amerikaanske kakkerlak, tûzenpoaten en ferskate soarten eamels en termiten. Ek beammesoarten, lykas de Norfolkdin, de tjemara en de kokospalm, binne eksoaten, dy't op 'e eilannen oanplante binne ta besmouting. Fan 'e 200 soarten planten op Midway binne 75% net lânseigen. Yn 'e 2010-er jierren hat de Fish and Wildlife Service in begjin makke mei it ferwiderjen fan eksoaten en it oanplantsjen fan lânseigen soarten. In oar troch de minske feroarsake probleem is de 20 ton ôffal, foar 90% besteande út plestik, dy't elts jier op Midway oanspielt. Dy troep is funest foar de albatrospiken, dy't it opfrette. Likernôch in trêdepart fan 'e piken komt dêrtroch elts jier om. Ek Hawaïaanske mûntserobben en griene seeskylpodden frette it plestik op.

Klimaat bewurkje seksje

Ek al leit it benoarden de Kreeftskearkring, dochs hat Midway in tropysk klimaat mei waarme simmers en tige mylde winters. Yn augustus en septimber, de waarmste moannen, is de trochsneed temperatuer oerdeis 28,6 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 21,1 °C. Midway kriget jiers trochinoar 1.080 mm delslach, dy't likernôch gelikens oer it jier ferdield is, útsein twa drûge moannen: maaie en juny

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.